Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Roel Bergsma

Ut Wikipedy
Roelof (Roel) Bergsma
sporter
persoanlike bysûnderheden
bertedatum23 novimber1917
berteplakWarten
stjerdatum31 maart1988
stjerplakTerherne
sportive ynformaasje
sportDamjen

Roelof (Roel) Bergsma (Warten,23 novimber1917 -Terherne,31 maart1988) wie in Fryskeûnderwizer,dammer en revuskriuwer.

Roel Bergsma waard ûnderwizer oan de iepenbiere skoalle fan Terherne. Yn it doarpslibben hat er in ûnbidigen wurk fersetten. Sa boude hy as foarsitter de Terhernster VVV op. Yn it doarpsblêd "Brio" hat er ûnder de nammeStikelstekker in soad kommentaar jûn. Ek de skûtsjesyljûnen yn doarpshûsDe Buorkerij fan Terherne makke hy as in soarte fan seremoanjemaster suver ta in kabaretjûn.

Foar de skoalle begûn er mei it skriuwen fan Fryske revustikken. Namme makke er ek as skriuwer foar itUnderwizerskabaret Mid-Fryslân, in ploech ûnderwizers dy't sûnt1964 de planken opgong mei revustikken en sjongspullen. Foar in soad sport- en doarpsferienings skreau master Bergsma revu- en kabaretteksten. Sa brûkte kabaretselskipIt Wâld teksten fan him.

Tritich jier wie Roel Bergsma foarsitter fan itFrysk Dambûn. Yn deLjouwerter Krante hie er 25 jier in damrubryk. Hy wie de broer fan dammerPiter Bergsma. Hy publisearre ek faak oer itFrysk damjen.

As redenrike amtner fan de boargerlike stân wie hy altyd aktyf op deBoerebrulloft opDe Jouwer.

Oer Fryske dammers

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • Piet Tuik en oaren:Liefhebbers en Topdammers; jubileumboek Provinsjale Fryske Dambûn 1928-2003. Utjefte: Provinciale Friese Dambond.

Sjoch ek

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Roel_Bergsma&oldid=1175766"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp