Dizze side giet oerRobert Bruce, Robert de Bruce of Robert fan Bruce, de kening fan Skotlân. Foar oare betsjuttings, sjoch:Robert Bruce (betsjuttingsside).
Robert de Bruce waard yn1274 berne, wierskynlik op itKastiel fan Turnberry, yn itSkotskeAyrshire, de residinsje fan 'e greven fanCarrick, de famylje fan syn mem. Hy wie de âldste soan fanRobert fan Bruce, 6e hear fan Annandale, enMarjorie, grevinne fan Carrick. De famylje fan syn mem wie in âldGaelysk laach, dat sûnt minskewitten it greefskipCarrick, ynGalloway, yn besit hie. Robert syn mem Marjorie wie de lêste fan harskaai, en aserfdochter wie se oant har houlik regearjend grevinne fan Carrick. Neffens it ferhaal wie hja in formidabele frou, dy't Robert syn heit op har kastiel finzen hold oant er deryn tastimde om mei har te trouwen.
Oan syn heitekant stamme Robert út inNormandyskriddergeslacht, dat him ûnder it regear fan keningDavid I yn1124 yn Skotlân fêstige hie, en dat dêr dehearlikheid fanAnnandale, ynDumfries en Galloway, yn besit krigen hie. It Hûs Bruce hie lykwols ek grutte lânerijen ynDurham, yn it noarden fanIngelân, en ynEsseks enMiddelseks, yn súdlik Ingelân. Robert syn heit Robert fan Bruce stamme fia syn beppe oan heitekantIsabella fan Huntingdon fan (dy har oerpake) kening David I ôf, wat Robert letter in oanspraak op 'e Skotske troan jaan soe.
It stânbyld fan Robert de Bruce yn it Kastiel fanStirling.
Oer Robert syn jonkheid is suver neat bekend. Nei alle gedachten waard er grutbrocht yn in ferminging fan 'eAnglo-Normandyskekultuer fan 'eaadlike fermiddens fan noardlik Ingelân en súdeastlike Skotlân, dêr't syn heite famylje ta hearde, en deGaelyskekultuer fan súdwestlik Skotlân dêr't syn memme famylje út fuortkaam. Yn it doedestidenSkotsk-Gaelysktalige Carrick en Annandale soe Robert wierskynlik trijetalich grutbrocht wêze, sadat er like floeiendNormandysk-Frânsk,Skotsk-Gaelysk asSkotsk spriek. Robert hie njoggen bruorren en susters, en it is goed mooglik dat hy en syn broerEdwert in diel fan harren jonkheid as pleechbern troch oare aadlike famyljes grutbrocht binne, sa't wenst wie ûnder de âlde Gaelyske adel.
Nei it ferstjerren fan keningAleksander III yn1286, fjouwer jier letter folge troch de dea fan syn iennichste erfgenamte, syn pakesizzerMargareta, byneamd de Faam fan Noarwegen, ûntstie der in krisis yn Skotlân wêrby't de troan foarearst leech bleau. Robert wie doedestiden sechstjin jier, âldernôch om him bewust te wêzen fan 'e wichtigens fan sokke foarfallen, yn 't bysûnder mei it each op 'e eigen keninklike konneksje fan syn famylje. Om dyselde tiid hinne waard er taridder slein, en twa jier letter, yn1292, kaam syn mem ûntidich te ferstjerren. Datselde jiers besleatEdwert I fan Ingelân, dy't him op fersyk fan 'e saneamdebeskermhearen fan Skotlân oer de troanstriid, de saneamde 'Grutte Kwestje' (Great Cause), bûgd hie, dat de Skotske troan oanJan fan Balliol jûn wurde moast, dat in efterneef fan Robert syn pake oan heitekant wie. Syn pake,Robert fan Bruce, 5e hear fan Annandale, joech suver fuort dêrnei net inkeld syn oanspraak op 'e Skotske troan, mar ek syn hearskippij oer Annandale op, mooglik sadat er net trou hoegde te swarren oan syn efterneef. Sadwaande waard Robert syn heit,Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale doe regearjend hear oer Annandale, en joech er syn regear oer Carrick, it greefskip fan syn frou, op, dat doe oan 'e jonge Robert tafoel.
By de kroaning fan Jan fan Skotlân, teBerwick-upon-Tweed, twong Edwert fan Ingelân lykwols foar himsels erkenning ôf as "alderheechste hear" (Lord Paramount) fan Skotlân, wat derop delkaam dat hy tenei delienhear fan 'e kening fan Skotlân wie. Om't Robert syn pake en heit har eigen oanspraak op it keningskip as de iennichste jildige beskôgen en Jan fan Balliol as inusurpator seagen, dy't ûnrjochtlik de Skotske troan beset hold, stipen de leden fan it Hûs Bruce Edwert by it ûndergraven fan it gesach fan 'e nije kening. Jan wie dêrtroch twongen om him, ta argewaasje fan 'e measte Skotten, wat langer wat mear as infazal fan 'e Ingelske kening te hâlden en dragen.
Yn1294 easke Edwert I fan 'e Skotske kening en eallju dat se yn it Ingelske leger tsjinje soene, dat op it fêstelân fanJeropa tsjin 'eFrânsen focht. Dat wie sels foar Jan ûnakseptabel, dat ynstee sleat er in bûnsgenoatskip meiFrankryk, dêrby stipe troch syn regearingsrie, dy't dominearre waard troch it mei him ferbûneHûs Comyn. Dat betsjutte oarloch mei Ingelân, mar doe't it oare jiers it Skotske leger oproppen waard, wegeren de leden fan it Hûs Bruce en de greven fanAngus enMarch om oan dy oprop te foldwaan. Ynstee loek it Hûs Bruce him tydlik út Skotlân werom nei harren lânerijen yn Ingelân, en Annandale en Carrick waarden dêrop troch kening Jan yn beslach nommen en oan syn bûnsmaatJan Comyn, greve fan Buchan jûn. Yn dy ûnlijige snuorje fûn de jonge Robert noch tiid om tusken de bedriuwen troch mei syn earste frou te trouwen,Isabella fan Mar, de dochter fanDonald I, greve fan Mar, mei wa't er yn1296 in dochter,Marjorie, krije soe.
It begjin fan 'e Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen
DeEarste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch begûn op26 maart1296 mei in Skotske oanfal op 'e Ingelske fêstingstêdCarlisle, ynKumbria. Dat wie net sasear in oanfal fan Skotlân of Ingelân, as wol in oanfal fan it Hûs Comyn op it Hûs Bruce. Sawol Robert syn pake as syn heit wiene nammentlik (efterinoar) warder (foar de Ingelske kening) fan it Kastiel fan Carlisle, en nei it ferlies fan Annandale en Carrick oan 'e Comyns, yn1295, wie Carlisle de wichtichste sit fan 'e Bruces wurden. Robert moat grif holpen hawwe om dizze oanfal ôf te slaan, en dêrby yngeande kennis oangeande de ferdigeningswurken fan Carlisle opdien hawwe. De folgjende kears dat de Skotten foar dizze stêd belis sloegen, wie yn1315, en doe stie Robert oan it haad fan 'e belegerers.
De oanfal op Carlisle waard troch Edwert I beäntwurde mei de ferovering fan 'e grinsstêd Berwick-upon-Tweed, wêrnei't er yn 'eSlach by Dunbar it Skotske ferset hielendal de kop yndrukte. Neitiid ûnttroane er Jan fan Balliol, en sette er dy finzen yn 'eToer fan Londen. Skotlân waard fan doe ôf oan oerhearske troch in Ingelsk besettingsleger en regearre troch Ingelske bestjoerders dy't Edwert sels oansteld hie. As oanhingers fan 'e Ingelsen krigen de Bruces harren Skotske besittings werom, en de jonge greve fan Carrick en syn heit, de hear fan Annandale, wiene ûnder mear as 1.500 Skotske eallju dy't ynaugustus1296 te Berwick in eed fan trou oan 'e kening fan Ingelân swarden.
Minder as in jier letter, ynmaaie1297, briek der lykwols ûnder inWilliam Wallace, in man fan nederich komôf, in opstân tsjin 'e Ingelske oerhearsking út. Robert syn heit naam gjin diel oan dy rebûlje, en loek him op 'e nij werom yn Carlisle. Ut brieven is dúdlik dat er syn soan der mei oandriuw ta besocht te bewegen omJan fan Warenne, greve fan Surrey te stypjen, de Ingelske befelhawwer yn Skotlân, dy't yn 'e fierte oan 'e Bruces besibbe wie. De jonge Robert, lykwols, skynt tsjin dy tiid ûnder de ynfloed rekke te wêzen fan syn pake' freonen,Jakobus Stewart, 5e grutsteedhâlder fan Skotlân enRobert Wishart, debiskop fanGlasgow, dy't har ynjuly by de opstannelingen joegen. Robert wie doedestiden 22 jier âld en harke net mear nei syn heite oarders. Hy bejoech him nei Annandale, dêr't er delienlju fan syn famylje gearrôp en him by de opstân oansleat.
Op7 july sleaten Robert-en-dy in ferdrach mei de Ingelsen dat bekend kaam te stean as deKapitulaasje fan Irvine. Dêrby waard fêstlein dat Skotske eallju nea tsjin har wil oersee yn it Ingelske leger hoege soene te tsjinjen, en waard de oangeande hearen harren opstannigens ferjûn, yn ruil foar it swarren fan in nije eed fan trou oan Edwert. Biskop Wishart, Jakobus Stewart enAleksander Lindsay fan Barnweill stiene boarch foar Robert oant er syn jonge dochterMarjorie as gizelster oan Edwert útleverje soe. Dat barde lykwols nea, om't Robert koarte tiid letter alwer yn 'e opstân behelle wie.
It is mooglik dat Robert koart nei't de Skotten de Ingelsen ûnder Surrey yn 'eSlach by Stirling (1297) ferslein hiene, fannijs in oerienkomst mei de fijân sleat. In sterke oanwizing dêrfoar kin wêze dat Edwert nei de Skotske nederlaach yn 'eSlach by Falkirk (1298) Annandale en Carrick net konfiskearre, sa't er dat wol die mei de besittings fan oare opstannige eallju. Ien histoaryske boarne wol hawwe dat de reden dêrfoar wie dat Robert by Falkirk foar de Ingelsen focht, mar oan 'e oare kant is syn namme net te finen op 'e saneamdeFalkirk Roll, dêr't alle by de slach oanwêzige eallju yn it Ingelske leger yn neamd wurde. Boppedat paste Robert nei de slach yn Annandale de taktyk fan 'eferskroeide ierde ta om foar te kommen dat de Ingelsen baat hawwe soene fan harren oerhearsking fan it gebiet, en stiek er om dyselde reden it Kastiel fan Ayr yn 'e brân.
Nei de nederlaach by Falkirk stapte William Wallace op as beskermhear fan Skotlân, en waard er opfolge troch Robert enJan III Comyn, hear fan Badenoch. De beskermhearen wienereginten, dy't it lân bestjoerden yn 'e ôfwêzigens fan 'e kening, mar it twatal Bruce en Comyn krige datoangeande neat foarinoar, mei't de beide rivalen net oer harren skeel hinne stappe koene. Uteinlik waard yn1299Willem fan Lamberton, de biskop fanSt. Andrews, as trêde beskermhear tafoege om as midsman te fungearjen tusken de oare beide. Doe't dat ek net holp, stapte Robert yn1300 op as beskermhear en waard er ferfongen trochIngram fan Umfraville. Noch wer in jier letter treden Comyn, Lamberton en Umfraville ek ôf en waarden se ferfongen troch de neutraleJan fan Soules, in Skotsk patriot dy't útkeazen waard om't er neutraal wie yn 'e striid tusken de Comyns en de Bruces. Soules sette him derfoar yn om Jan fan Balliol wer op 'e Skotske troan te krijen.
Nei't yn 'e simmer fan1301 in nije Ingelske ynfaazje fan Skotlân mislearre wie, waard der in wapenstilstân fan njoggen moannen ôfkundige. Om dy tiid hinne ûnderwurp Robert him mei ferskate oare Skotske eallju oan Edwert fan Ingelân, mooglik om't derfan grute waard dat Jan fan Balliol mei koarten frijlitten wurde soe om wer kening te wurden. Dêr bliek lykwols neat fan oan te wêzen. Datselde jiers troude Robert ek mei syn twadde frou,Elizabeth fan Burgh, de dochter fanRichard fan Burgh, 2e greve fan Ulster. Mei har krige er fjouwer bern: detwillingDavid (dy't him letter opfolgje soe) en Jan (dy't as bern stoar), en fierders twa dochters,Matilda enMargareta.
De kop fan it stânbyld fan Robert de Bruce foar it Marisschal Kolleezje teAberdeen.
Yn1303 wist Edwert einlings en te'n lêsten hiele Skotlân te feroverjen, en alle Skotske lieders, mei útsûndering fan William Wallace, joegen har by in plechtichheid ynfebrewaris1304 formeel oan him oer. Hoewol't de Ingelske kening bearde dat Skotlân no weromkeare soe nei de stân fan saken ûnder it regear fan Aleksander III, wie de Skotske ynbring yn it bestjoer fan har eigen lân minym en inkeld foar de foarm, wylst it fannijs Ingelske bestjoerders wiene dy't it foar it sizzen krigen. Doe't op5 augustus1305 de fuortflechtige William Wallace troch de Ingelsen oppakt waard yn 'e neite fanGlasgow en op23 augustus teLondenterjochtsteld waard, liek de Ingelske oerwinning finaal te wêzen.
Hoewol't Robert, krektlyk as syn hiele famylje, totaal leaude yn syn eigen rjocht op it Skotske keningskip, waard er yn dy ambysje dwerseide troch twa dingen. Yn it foarste plak hiene syn eigen dieden by in protte Skotten wantrouwen opwekke, mei't er noris foar Skotlân fochten hie, en dan wer miene saak mei de Ingelsen makke hie. Boppedat hied er ynJan III Comyn, hear fan Badenoch, in earsten rivaal. Comyn hie folle risluter as Robert west yn syn stipe foar de Skotske saak, en hy wie besibbe oan withoefolle machtige Skotske eallju, wêrûnder degreven fanBuchan,Mar,Ross,Fife,Angus,Dunbar enStrathearn, dehearen fanKilbride,Kirkintilloch,Lenzie,Bedrule enScraesburgh en desheriffs fanBanff,Dingwall,Wigtown enAberdeen. Dêropta stamme er oan syn heite kant ôf fan keningDonald III en oan syn memmekant fan keningDavid I, en wied er in omkesizzer fanJan fan Balliol. Dêrmei hied er nei alle gedachten in bettere oanspraak op 'e Skotske troan as Robert.
Neffens it histoaryskefjirtjinde-iuwskeeposBrus, fanJohn Barbour, dat ien fan 'e seldsume min ofte mear kontemporêne boarnen oer Robert de Bruce is, tekenen en fersegelen Robert en Jan Comyn yn 'e simmer fan1305 in geheime oerienkomst. Under de betingsten dêrfan joech Comyn syn oanspraken op 'e Skotske troan op yn it foardiel fan Robert, yn ruil foar de ûntfangst fan alle Skotske lânerijen fan it Hûs Bruce yn it gefal dat der op 'e nij in opstân útbrekke soe tsjin 'e Ingelsen. Hoewol't it ûnbekend is oft Barbour de ôfspraken sekuer werjoech, kin it gjin twifel lije dat Edwert I fan Ingelân Robert oppakke litte woe doe't dy letter dat jier oan it Ingelske Hof tahold. Neffens Barbour hie Comyn de geheime oerienkomst oan Edwert ferret, om sa syn rivaal út 'e wei te romjen en sels skjinne hannen te hâlden. Robert syn freonRalf fan Montermer, dy't mei in dochter fan Edwert I troud wie en sadwaande it fertrouwen fan 'e kening hie, stjoerde Robert lykwols tolvepinnings en in pearspoaren ta. Robert begriep de wink en pykte mei in skyldfeint by neare nacht út.
Nei't er op dy wize halje-trawalje weromkeard wie yn Skotlân, beävensearre Robert op10 febrewaris1306 in moeting mei Comyn yn 'e kapel fan itfransiskanerkleaster, de saneamdeGreyfriars Kirk, teDumfries. Dêr beskuldige er Comyn fanferrie, mei as gefolch dat se slaande deilis rekken. Neffens Barbour soe Robert Comyn dêrby lyk foar itheechalter fan 'e kapel deadien hawwe. Neffens in oare boarne, de histoaryskekronykScotichronicon, oerlibbe Comyn it earste hângemien en waard er behannele oan syn ferwûnings, doe't Robert-en-dy hearden dat er noch yn libben wie.Roger fan Kirkpatrick soe doe mei de wurden"I mak siccar" ("Ik sil it bewissigje") meiJan fan Lindsay ôfset wêze om Comyn wier út 'e ljochten te helpen. By Barbour ûntbrekt dit ferhaal. Hoe dan ek, foar Robert de Bruce wie it momint fan 'emoard yn 'eGreyfriars Kirk beslissend, om't er dêrmei syn opsjes werombrocht ta twa: hy moast sjen dat er kening waard, en oars soed erfûgelfaai ferklearre en as misdiediger ferfolge wurde.
Sadwaande spriek Robert noch yn 'e kapel foar syn neiste folgelingen, dy't er dêr by him hie, syn bedoeling út om 'e Skotske troan op te easkjen. Doe't se nei bûten giene, dêr't de folle gruttere eskortes fan himsels en Comyn it oerlis noch altyd ôfwachten, waarden troch beide partijen de swurden lutsen, en feroare ittsjerkhôf fan Dumfries yn in slachfjild dêr't Robert-en-dy de oerwinning behellen. Fuort dêrnei rieden se nei it Kastiel fan Dumfries, dêr't se it Ingelske garnizoen ta oerjefte twongen. Ut Dumfries wei hastige Robert him neiGlasgow, dêr't er by biskop Wishart oangeande de moard en de ûntwijing fan 'e kapel tebycht gie en absolúsje krige. Wishart rôp degeastlikheid yn hiel Skotlân op om Robert te stypjen, mar doe'tpausKlemins V fan it barren yn 'eGreyfriars Kirk hearde,ekskommunisearre er Robert dêrfoar.
Op25 maart1306, seis wiken nei de moard op Comyn, liet Robert him ynScone, byPerth, troch biskopWillem fan Lamberton fanSt. Andrews kroane ta kening fan Skotlân. Dat waard dien mei alle byhearrende pracht en preal, en yn it keningsklaad datRobert Wishart foar de Ingelsen ferburgen holden hie. Oanwêzich wiene de biskoppen fanGlasgow enMoray en de greven fanAtholl,Menteith,Lennox enMar. De oare deis arrivearreIsabella MacDuff, de frou fanJan Comyn, greve fan Buchan (in neef fan 'e fermoarde Jan Comyn), dy't it rjocht fan har famylje, deMacDuff-greven fanFife, opeaske om 'e Skotske kening te kroanjen, út namme fan har broer,Duncan IV, dy't minderjierrich en yn Ingelske hannen wie. Sadwaande waard kroaningsseremoanje doe nochris oerdien.
Robert syn frou Elizabeth fan Burgh, syn dochter Marjorie, syn sustersKristina enMarije en Isabella MacDuff waarden nei ferrie trochWillem II, greve fan Ross, ynTain finzen nommen en útsûnderlike ûnmeilydsum behannele. Dat wie benammen it gefal mei Marije fan Bruce en Isabella MacDuff, dy't op it binnenplak fan 'e kastielen fanRoxburgh, resp.Berwick-upon-Tweed yn 'e iepen loft yn koaien ophongen waarden en sa de folgjende fjouwer jier trochbrochten. Ek Robert syn broer Neil krigen de Ingelsen te pakken doe't it garnizoen fan it Kastiel fan Kildrummy ta oerjefte twongen waard, en hy waard neitiid terjochtsteld yn Berwick-upon-Tweed.
It is noch altyd ûnwis wêr't Robert de winter fan1306 op1307 trochbrocht. It wierskynlikst is dat er syn taflecht socht hie op 'eHebriden, dêr't er mooglik beskûl krige byKristina fan Garmoran. Oare serieuze mooglikheden binne dat er ynIerlân siet, mooglik by syn skoanfamylje ynUlster, of op 'eOrkney-eilannen, dy't doedestiden noch ûnderNoarsk bestjoer stiene. Unwierskynliker, mar net ûnmooglik, is dat er de winter trochbrocht ynNoarwegen sels, dêr't syn susterIsabella keninginne-dûairiêre wie.
Hoe dan ek, ynfebrewaris1307 kearden Robert-en-dy yn twa groepkes werom nei it Skotske fêstelân. Ien legerke, ûnder lieding fan himsels en syn broer Edwert, gie oan lân by itKastiel fan Turnberry en sette ynGalloway útein mei inguerrilja-oarloch. It oare legerke, mei oan it haad Robert syn bruorren Tomas en Aleksander, kaam súdliker oan lân, byStranraer. De leden fan dy troepemacht waarden lykwols nei deSlach by Loch Ryan ynsletten en oppakt, en de beide bruorren Bruce waarden letter eksekutearre ynCarlisle. Ynapril behelle Robert in lytse oerwinning yn 'eSlach by Glen Trool, en koart dêrnei fersloech erAymer fan Valence, 2e greve fan Pembroke, in favoryt fan Edwert I, yn 'eSlach by Loudoun Hill. Yn dyselde snuorje sette de Swarte Douglas útein mei syn eigen ferneamde guerrilja-oarloch yn súdwestlik Skotlân, wêrby't er syn eigen (troch de fijân besette) kastiel ynDouglasdale oanfoel en platbaarnde. Koarte tiid letter, op7 july1307, stoar Edwert I fan Ingelân, en liet er de oarloch tsjin Robert de Bruce oer oan syn folle minder krêftdiedige soanEdwert II.
Nei de oerwinning by Loudoun Hill joech Robert syn broer Edwert it befel oer de opstân yn Galloway, en sette doe sels ôf nei it noarden, dêr't er de kastielen fanInverlochy enUrquhart ynnaam, de kastielen fanInverness enNairn platbaarnde en doe in mislearre wraam opElgin die. Yn it neijier fan1307 befûn Robert him ynAberdeenshire, oan 'e Skotske noardeastkust, dêr't erBanff bedrige en doe slim siik rekke, mar meitiid wer opbettere. Hy liet Jan Comyn, greve fan Buchan, ûnferslein efter him gewurde, wylst er nei it westen ta sette om 'e kastielen fanBalvenie enDuffus te feroverjen en doe dat fanTarradale, op itSwarte Eilân. Mei in omwei fia Inverness en in twadde mislearre wraam op Elgin kearde er doe begjin1308 wer yn it noardeasten werom, dêr't er ynmaaie yn 'eSlach by Inverurie einlings ôfweefde mei de greve fan Buchan. Dêrnei naam er Buchan sels yn en fersloech er it Ingelske garnizoen fanAberdeen.
Ien fan syn minder fraaie episoaden folge op 'e ferovering fan it noardeasten, doe't Robert de Bruce it befel joech ta deFerwuostging fan Buchan, om der wis fan te wêzen dat alle Comyns útrûge en harren oanhing yn bloed smoard waarden. Dy praktyk omfette net inkeld Buchan sels, mar hast alle Comyn-kastielen yn Moray, Aberdeenshire en it greefskip Buchan. Dêrmei ferneatige Robert foargoed de frijwol ûnbegrinzge macht dy't it Hûs Comyn mear as hûndertfyftich jier lang oer grutte dielen fan it noarden en noardeasten fan Skotlân útoefene hie. Neitiid sette Robert ôf neiArgyll, oan 'e Skotske westkust, dêr't er deClan MacDougall, ûnderJan MacDougall fan Lorn, in trouwe bûnsgenoat fan 'e Comyns, fersloech yn 'eSlach yn 'e Pas fan Brander. Nei dy oerwinning koed er itKastiel fan Dunstaffnage ynnimme, it lêst oerbleaune Comyn-bolwurk.
It stânbyld fan Robert I fan Skotlân op it slachfjild fanBannockburn.
Ynmaart1309 rôp Robert foar it earst in parlemint gear teSt. Andrews, en tsjinaugustus fan dat jier behearske er hiel Skotlân benoarden derivier deTay. Yn1310 waard er troch de hiele Skotske geastlikheid as kening erkend, nettsjinsteande it feit dat er feitliks noch altyd ekskommunisearre wie. Dy kar fan 'eTsjerke wie fan grut polityk belang, mei't in foech oanpart fan 'e Skotske befolking syn stipe ôfhingje liet fan wat de geastlikheid sei. Yn 'e folgjende trije jier ferovere Robert it iene nei it oare Ingelske garnizoensplak, lykasLinlithgow yn1310,Dumbarton yn1311 enPerth ynjannewaris1312. Yn dyselde snuorje fierde er ek plondertochten út yn noardlik Ingelân, en yn1313 lâne er mei in leger op it strategysk wichtige eilânMan, yn 'eIerske See, dêr't er letter dat jierCastletown ynnaam en yn1314 de rest fan it eilân ferovere.
Yn it foarjier fan1314 sloech Edwert fan Bruce mei in leger belis foar itKastiel fan Stirling. De kastlein,Filips fan Mowbray, stimde deryn ta om dy fêsting oer te jaan as er foàr24 juny net ûntset wie. Underwilens ferovere de Swarte Douglas ynmaart fan dat jierRoxburgh, wylstTomas Randolph, greve fan Moray, itKastiel fan Edinburch ynnaam. Doe't Edwert II fan Ingelân letter dat jier persoanlik in leger nei Skotlân ta late om Stirling te ûntsetten, waard er yn 'e ferneamdeSlach by Bannockburn beslissend ferslein troch in Skotsk leger ûnder lieding fan Robert de Bruce, in oerwinning wêrmei't de Skotske ûnôfhinklikheid foar krapoan trijehûndert jier (oant1603) feilichsteld waard.
No't it gefaar fan in Ingelske ferovering fan Skotlân ôfkeard wie, giene de Skotten sels yn 'e oanfal. It Ingelske leger waard weromdreaun oer de Skotske súdgrins, wêrnei't Skotske legers de Noardingelske greefskippenKumbria,Noardumberlân,Yorkshire enLancashire plonderen. Mei de oerwinning teBannockburn noch farsk yn oantinken foel Robert yn1315Ierlân binnen, dat ek troch de Ingelsen oerhearske waard. Dêr kamen seDonal mac Brian O'Neill, de kening fanTyrone, te help, en iepenen se in nij front tsjin 'e Ingelsen.
Yn 't earstoan liek dat aardich te slagjen, en de Ieren kroanen Robert syn broer Edwert yn1316 sels ta hege kening fan Ierlân. Súdlik fan Ulster wisten de Skotten lykwols de Ierske lieders en befolking net foar harren te winnen, mei't de súdlike Ieren mar kwealk ferskil seagen tusken in Ingelske en in Skotske oerhearsking. Uteinlik kaam oan it Ierske aventoer fan it Hûs Bruce in ein doe't Edwert fan Bruce yn1318 yn 'eSlach by Faughart omkaam. Dy Skotske nederlaach waard yn 'e measte doetiidske Ierske annalen omskreaun as in geweldich ding foar Ierlân, mei't it in ein makke oan 'e geduerige plondertochten enhongersneden dêr't it miene folk fan Ierlân troch de oanhâldende striid ûnder litte.
Under it regear fan Robert de Bruce waard yn1320 deFerklearring fan Arbroath ôfkundigje, wrâlds earste dokumintearre ûnôfhinklikheidsferklearring. Dêrfoar wist Robert úteinlik de stipe te winnen fanpausJehannes XXII, dy't yn1328 syn ekskommunikaasje ynloek. Fan gefolgen moast doe ek de Ingelske Kroan him tsjin heuch en meuch yn by in selsstannich Skotlân dellizze. Ynmaaie1328 tekene keningEdwert III fan Ingelân einlings en te'n lêsten itFerdrach fan Edinburch-Northampton, wêryn't Skotlân erkend waard as in ûnôfhinklik lân mei Robert de Bruce as kening.
Underwilens wie Robert yn 'e minnichte rekke troch in sykte dêr't er teminsten sûnt1327 al oan litte. Neffens guon kontemporêne, mar útlânske boarnen (deKronyk fan Lanercost en deScalacronica) soed er meilepra oanhelle rekke wêze, mar dat liket ûnwierskynlik, mei't gjin inkele Skotske boarne dy sykte neamt en der ek gjin inkeld bewiis is dat de kening by syn neiste famylje, freonen, hôvelingen of bûtenlânskediplomaten weiholden waard (wat doedestiden de iennichste wize wie dat besmetting mei lepra foarkomd wurde koe). Boppedat betsjut deMidsiuwske ûnkunde op it mêd fan krupsjes, dat eltsehûdsykte wol foar lepra holden wurde koe. Modernehistoarisy binne sadwaande fan betinken dat it folle wierskynliker is dat Robert litte oantuberkuloaze,syfilis, insenuwsykte of in rigeoerhalen.
Mar wat syn oandwaning ek west hawwe mei, tsjin mids1329 lei Robert yn it stjerren. Neffens Barbour rôp er doe de geastlikheid en adel fan Skotlân by him foar in lêste gearkomste, wêryn't er rynske jeften oan ferskatekleasters die, dat dêr nei syn ferstjerren foar synsiel bidden wurde soe, en teffens om blyk te jaan fan syn berou oer in ûnferfolle eed om opkrústocht te gean. Syn lêste winsk wie dat nei syn dea synhert út syn lichem snien wurde soe en dat dat meinommen wurde soe nei deBertetsjerke ynJeruzalim foar't it wer thúsbrocht wurde soe yn Skotlân. Net lang nei dy gearkomste, op7 juny1329, ferstoar Robert de Bruce yn 'e âlderdom fan 54 jier yn syn slot Cardross, deunbyDumbarton. Hy waard opfolge troch syn doe fiifjierrige soanDavid II, foar wa't syn freonTomas Randolph, greve fan Moray, as regint fungearje soe.
De Abdij fan Dunfermline, dêr't Robert I fan Skotlân begroeven leit.
It lichem fan Robert de Bruce waard nei syn deabalseme, en synboarstbonke waard midstwa seage sadat synhert út synboarstholte helle wurde koe. Neitiid waard it lichem yn 'eAbdij fan Dunfermline njonken syn earste frou byset ûnder it heechalter. Troch lettere ferbouwings en reorganisaasjes fan 'eabdij gie it plak fan it keninklike grêf lykwols ferlern. Mar doe't fiifhûndert jier letter in nijkoar oan it gebou fêstboud wurde moast, ûntdieken wurklju op17 febrewaris1818 in ûnbekende grêftombe, mei dêryn de restanten fan inikehoutenedeakiste mei in stoflik omskot dat hielendal beklaaid wie mei twa lagen fan 5 mm tsjûklead. Boppe de holle wie dat lead bewurke yn 'e foarm fan in kroan. Men kaam ta de konklúzje dat it grêf fan Robert de Bruce weromfûn wie.
Nei't de ferbouwing fan 'e abdij foltôge wie, waard it stoflik omskot op5 novimber1819 fierder ûndersochtanatomen fan 'eUniversiteit fan Edinburch. Dêrby seach men dat de boarstbonke fan itskelet yn 'e lingterjochting trochseage wie, wat bewiisde dat it yndie om Robert de Bruce gie. Fierders waard û.m. fêststeld dat Robert by syn dea 1.80 m lang west hie, en nei't men oannimme mocht as jongeman noch langer, wat útsûnderlik wie foar immen út 'efjirtjinde iuw. Fuort neitiid waard itskelet fan 'e kening boppe-op in nije leadene deakiste lein om koarte tiid besichtige te wurden troch in grutte skare nijsgjirrigen dy't by de abdij gearklofte wie. Nei't it skynt waarden der doe ferskate lytsere lichemsdielen (tosken enfingerbonkjes) ûntfrjemde, nei't men oannimme mei om 'e dieven tarelikwy te tsjinjen. Dyselde deis noch waard it stoflik omskot yn 'e leadene deakiste lein, wêrnei't dêr in grutte hoemannichte raandepik by yn getten waard (om 'ebonken te preservearjen), foar't de kiste fersegele waard. Dêrnei waard de kening werbegroeven yn 'e Abdij fan Dunfermline, dêr't er noch altyd leit.
It stânbyld fan Robert de Bruce oan 'e muorre fan it Kastiel fanEdinburch.
Neffens it ferhaal beaen Douglas-en-dy harren tsjinsten oan keningAlfûns XI fan Kastylje oan en namen se ynaugustus1330 diel oan 'eSlach by Teba. By it efterfolgjen fan it Moarskeruterfolk nei it ôfslaan fan in oanfal, naam de Swarte Douglas doe it kistke mei it hert fan Robert de Bruce yn 'e hân en spriek de wurden:"Now pass thou onward before us, as thou wert wont, and I will follow thee or die." ("Geane jo ús no foar, sa't jins wenst wie, dan sil ik jo folgje of stjerre.") Dêrop ûnderhelle er de earm en smiet it kistke foarút tusken de Moarske kavalery. Mar de Moaren, dy't trochkrigen dat se mar troch in lyts tal ridders efterfolge waarden, kearden op dat stuit de hynders en foelen op 'e nij oan.
Douglas soe tebekwike, mar seach doe dat Willem fan St. Clair fan Rosslyn besingele rekke wie troch de fijân. Mei de oare Skotten besocht er syn lânslju te help te kommen, mar hja wiene fier yn 'e minderheid, en Douglas en de measte oaren, wêrûnder St. Clair fan Rosslyn en de beide Logan-bruorren, fûnen yn dat gefjocht de dea. Neitiid waard troch de oerlibbenen it kistke mei it hert fan Robert de Bruce op it slachfjild weromfûn, fuortby it lichem fan 'e Swarte Douglas. De riddersWillem Keith fan Galston enSimon Locard fan Lee (dy't syn namme nei oanlieding fan dit foarfal letter feroare fan 'Locard' yn 'Lockhart') bewurkmasteren dat sawol it kistke mei it hert as it lichem fan 'e Swarte Douglas weromstjoerd waarden nei Skotlân.
Neffens de lêste winsk fan Robert de Bruce waard syn hert neitiid begroeven yn 'eAbdij fan Melrose, ynRoxburghshire, dêr't it yn1920 ûntdutsen waard trocharcheologen en werbegroeven, sûnder dat de eksakte lokaasje fêstlein waard. Yn1996 waard ûnder in ferbouwing yn 'e abdij in kistke fûn, dat neffenswittenskiplik ûndersyk yndie minsklike resten fan in tapaslike âlderdom befette. Yn1998 waard it op 'e nij werbegroeven yn 'e Abdij fan Melrose.
Fia syn dochter Marjorie hearre alle lettere keningen fan Skotlân ta de ôfstammelingen fan Robert I, teffens alle keningen fanIngelân nei1603, en dêropta alleBritske keningen en keninginnen fanôf de stifting fanGrut-Brittanje yn1707 oant hjoed de dei ta.