
Robert Erskine ChildersDSC (Londen,25 juny1870 –Dublin,24 novimber1922), algemien bekend asErskine Childers,[1][2] wie de skriuwer fan de ynfloedrike romanRiddle of the Sands en in Iersk nasjonalist, en waard eksekutearre troch de autoriteiten fan deIerske Frijsteat yn deIerske Boargeroarloch. Hy wie de soan fan de BritskeoriïntalistRobert Caesar Childers, de neef fanHugh Childers (foarstander fan Ierske selsbeskikking) enRobert Barton; en de heit fan de fjirde presidint fan IerlânErskine Hamilton Childers.
Childers wie troud mei Mary Alder Osgood (1887-1974), in yn Amearika berne, Iersk skriuwster en nasjonaliste. Mary is wol fertocht fan spionaazje foar de Ingelsen yn Ierlân, mar slettend bewiis is der net fûn.

Erskine Childers waard al betiid wees, hy waard grutbrocht by syn omke ynCounty Wicklow. Letter studearre er oan itTrinity College ynCambridge en wurke fan 1895 ôf by it BritskeLeger Hûs. Hy mocht graach seesile en hie meardere boaten en makke syltochten op deNoardsee,Eastsee enAtlantyske Oseaan.

Yn 1899 melde Childers him as frijwilliger yn deBoerekriich, hy wie doe noch in foarstander fan it Britske Ympearium. Hy rekke, as offisier, swier ferwûne en moast ynfalide werom nei Grut-Brittanje. Doe skreau er syn ferneamde romanThe Riddle of the Sands (Frysk:It riedsel fan it Waad), dy't yn 1903 útbrocht waard. Hjiryn beskriuwt er de ûntdekking troch de haadfiguer fan de Dútske tarieding op in oanfal op Ingelân. It ferhaal spilet him ôf yn de Dútske Waadsee. It boek wie sa realistysk en ynkringend datWinston Churchill, nei't er lêzen hie, de Britske Admiraliteit floatbasissen oanlizze liet ynInvergordon,Firth of Forth enScapa Flow. Dizze roman jildt as de earste modernespionaazjeroman.
Yn de neifolgjende jierren skreau er ferkate militêre boeken, dy't kritysk wiene foar de Britske militêre strategy en taktyk oer. Ek yn dy snuorje waard Childers in fûl oanhinger fan de Ierske ûnôfhinklikheids beweging en foarfjochter fan deHome Rule League. Sa smokkele er mei syn frou, in pear dagen foar it útbrekken fan deEarste Wrâldkriich, Dútske wapens nei Ierlân, dy't yn 1906 by dePeaskeopstân brûkt waarden. Men brûkte dêrfoar it Osgood famyljejachtAsgard.
Yn deEarste Wrâldkriich tsjinne Childers as offisier yn deRoyal Navy op deNoardsee en ek by deDardanellen. Childers waard befoardere ta kaptein-luitenant en ûnderskieden mei deDistinguished Service Order. De Peaskeopstân yn Ierlân waard bluodderich delslein en dêrtroch radikalisearre Childers, dat hy sleat him oan by deSinn Féin fanÉamon de Valera enMichael Collins. By itFerdrach fan Versailles fertsjintwurdige er de Ierske Nasjonalisten en waard parsewurdfierder fan it nij oprjochte Ierske parlemint. Hy ûntjoech him as in skerp kritikus fan de Britske Ierlânpolityk en fan minister-presidintDavid Lloyd George. Yn 1921 waard er as fertsjintwurdiger fan it greefskip Wicklow keazen yn it Ierske Legerhûs.
Hoewol't Childers yn it earstoan delegaasjelieder wie fan de Ingelsk-Ierske gearkomst fan6 desimber1921, dy't letter laat hat ta de opbou fan de Ierske Frijsteat, wiisde er dy letter strang ôf. Foaral om't der konstitúsjonele ferbinings mei it Feriene Keninkryk bleaune en it Iersk regear te folle yn syn macht beheind bleau neffens him, dat gjin folsleine soevereiniteit foar Ierlân soe it gefolch wêze. Dit skeel hat letter laat ta de breuk tuskenSinn Féin en itIRA en ek rillegau de Ierske Boargerkriich feroarsake (juny 1922-april 1923). Boppedat waard Childers troch de soldaten fan de Ierske Frijsteat, as liedend anti-propagandist, neisitten en al gau fêstnommen yn Glendalough. Op 24 novimber 1922 waard Childers ynDublin by deBeggar's Bush Barracks troch in eksekúsjepeloton deasketten.
Erskine Hamilton Childers (1905–1974), syn soan, wie fan 1973 oant syn dea 1974 de fjirde presidint fan deIerske Republyk.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |