Robert Blair (Edinburgh,1699 -Athelstaneford,4 febrewaris1746) wie inSkotskdichter.
Blair wie de âldste soan fan Robert Blair, dûmny yn Edinboarch. Hy studearre oan deUniversiteit fan Edinboarch en ynNederlân. Yn 1731 waard er selsdûmny yn Athelstaneford ynEast Lothian. Hy boaske oan Isabella Law yn 1738. It pear krige seis bern. Meidat Blair út in begoedige famylje stamme hie er it oan tiid om him oan syn hobbys te wijen, túnkjen en stúdzje fan de Ingelske poëzy.
Robert Blair waard ferneamd fan mar ien wurk:The Grave ('It grêf') út 1743, dat tige populêr waard. It gedicht hat 767 rigels en is skreaun ynblanke ferzen.Hoewol't de ynhâld fan it gedicht sa swier en dreech net is as de titel tinken dwaan kin, wurdt Blair fanwege it wurk wol beskôge as ien fan de 'faars' fan detsjerkhôfpoëzij, dêr't de beoefeners fan letter oantsjut wurde soenen meiGraveyard poets.
Yn 1808 ferskynde in útjefte fan it gedicht mei yllustraasjes fanWilliam Blake.