Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Rjochtsaak

Ut Wikipedy
De eardere assiseseal yn it Paleis fan Justysje teStraasburch.

Inrjochtsaak,pleit ofproses is de behanneling fan inskeel tusken twa of mear partijen troch inrjochtbank of ingerjochtshôf. De partijen kinne dêrby sawolnatuerlike persoanen wêze (d.w.s.minsken) asrjochtspersoanen (juridyske konstruksjes dy't troch minsken oandreaun wurde, lykasferienings,stiftings,bedriuwen of desteat). Benammen yn itstrafrjocht wurdt de partij dy't earne fan beskuldige wurdt, debeklage neamd, wylst de oare partij itIepenbier Ministearje (of de iepenbier oanklager) is, fertsjintwurdige troch inofsier fan justysje. It gehiel oan wet- en regeljouwing dat foarskriuwt hoe't rjochtsaken fierd wurde moattte en wêr't se oan foldwaan moatte, wurdt itprosesrjocht neamd.

Yn itNederlânske rjochtssysteem docht ienrjochter of in panel fan rjochters in útspraak yn in rjochtsaak; sa'n útspraak wurdt yn itsivyl rjocht en itstrafrjocht itfûnis neamd. In protte oare lannen hawwe insjuerysysteem, wêrby't beskate priveeboargers ynlotte en oproppen wurde om plak te nimmen yn in panel fan yn 'e regel in stik as tolve persoanen. Dizze sjuery, dy't yn namme bestiet út de gelikensen fan 'e beklage, docht dan in útspraak, dy't de rjochter neitiid ornaris bekrêftiget mei in fûnis. Yn guon lannen en/of yn guon gefallen is it lykwols mooglik dat de rjochter de útspraak fan 'e sjuery njonken him delleit as dy neffens him net oerienkomt mei dewet. Soks komt lykwols mar tige selden foar.

Nei in skriftlike tarieding wêryn't de partijen offisjele dokuminten útwikselje kinne dy't betrekking hawwe op 'e rjochtsaak, folget de eigentlikerjochtsitting, wêrby't de partijen inoar moetsje yn oanwêzichheid fan 'erjochter. Sa'n rjochtsitting fynt yn 'erjochtseal plak. Bûten it strafrjocht is it mooglik dat der foarôfgeande oan in rjochtsitting noch in oare moeting plakfynt yn 'e foarm fan inmediation of inbemiddeling. Ek is it mooglik dat in rjochter daliks útspraak docht, sûnder dat der in rjochtsitting holden wurdt. Dat kin bygelyks aa daliks al dúdlik is dat der oan beskate formele easken foar in proses net foldien is, as der saneamdefoarmflaters makke binne.

Rjochtsaken fine faak plak yn ferskate sittings. Soms docht de rjochter earst in útspraak ûnder foarbehâld om te sjen oft dy in oplossing biedt; sa kin hy of sy de partijen oarderje om mei-inoar om 'e tafel te gean en te besykjen om it skeel út te praten. Dat hjit infoarriedige foarsjenning. De definitive útspraak fynt dan plak yn inboaiemproseduere. Utspraken dy't fuortkomme út rjochtsaken hearre neitiid ta de saneamdejurispredinsje, inrjochtsboarne mei in wichtige funksje oangeande de ynterpretaasje fan wetlike termen dy't op ferskate wize útlein wurde kinne. Rjochters yn lettere rjochtsaken sille har datoangeande yn 'e jurispredinsje ferdjipje om te sjen wat harren amtsgenoaten yn eardere saken oer inselde ûnderwerp besletten hawwe.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryTrials fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Rjochtsaak&oldid=1023122"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp