Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Rhythm and blues

Ut Wikipedy

Rhythm-and-blues is in muzyksjenre mei ynfloeden útjazz,gospel enblues, oarspronklik ûntstien by deAfro-Amerikaanske artysten. De term waard yn1947 ynfierd trochJerry Wexler fanBillboard magazine. It moast yn it plak komme fanrace music (rassenmuzyk), in term dy't misledigjend opfetten waard troch de swarte mienskip yn de Feriene Steaten.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Rhythm-and-blues wie ien fan de foargongers fanrock-'n-roll. It befette sterke ynfloeden út dejazz,jumpblues engospel, mar beynfloede op syn beurt ek de jazz. Rhythm-and-blues,blues en gospel waarden kombinearre meibebop omhardbop te meitsjen.

In soad muzikanten makken jazz en rhythm-and-blues, lykas deswingbands fanJay McShann,Tiny Bradshaw enJohnny Otis.Count Basie hie wyks in Rhythm-and-blues-live-útstjoering fanútHarlem. It ikoan fan de bebop,Tadd Dameron, makke muzyk foarBull Moose Jackson en wie twa jier lang syn pianist, neidat hy himsels ta de bebop tawijd hie.

De measte Rhythm-and-blues-muzikanten wienen jazzmuzikanten en in soad muzikanten opCharlie Mingus' bekende jazz-opnames wienen Rhythm-and-blues-professionals.Lionel Hampton synbigband fan it begjin fan dejierren 40 lei de basis foar in soad poplegindes fan dejierren 50.

De perioade jierren 50 wie it begjin fan de klassike Rhythm-and-blues. De bekendeChuck Berry wie ien fan dizze rhythm-and-blues-gitaristen. Oerlaapjend mei oare sjenres as jazz en rock-'n-roll ûntwikkele Rhythm-and-blues regionale spesjalisaasjes. In sterke streaming lâns de "blues-kant" kaam fanNew Orleans en wie basearre op in floeiend piano-spul, lansearre trochProfessor Longhair. Oan de ein fan de jierren 50 skoardeFats Domino mei "Blueberry Hill" en "Ain't That a Shame". Oare artysten dy't inLouisiana-touch joegen oan RnB wienen ûnder oareClarence Henry,Frankie Ford,Irma Thomas,The Neville Brothers enDr. John.
Oan it begjin fan dejierren 60 naam Rhythm-and-blues mear en mear ynfloeden oer fan gospel mei artysten asRay Charles,Sam Cooke,James Brown enAretha Franklin, en krige it de nammesoul. Barry Pearson skreau dat dit in namme wie dy't troch de swarte mienskip oan de muzykyndustry oplein waard. Hoe dan ek, in goede tsien jier letter hie de Rhythm-and-blues in echte comeback. Yn de rin fan de jierren sechtich kamen der mear blanken dy't it label Rhythm-and-blues op harren muzyk plakten (en soms ekblue-eyed soul, wylst it earder op de rock-'n-roll like), lykasThe Yardbirds,The Rolling Stones,The Pretty Things,The Small Faces,The Animals,The Spencer Davis Group enThe Who.

Sjoch ek

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Rhythm_and_blues&oldid=1086812"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp