It ûntstean fan in reinskaad.DeHimalaya (wytbekape) smite in reinskaad oer itTibetaansk Heechlân (brún) en deGoby (bêzje), wylst debereinde súdkant fan 'e bergen djipgrien kleuret.
Inreinskaad ofreinskâd is in gebiet mei sterk ferminderedelslach yn 'e lijte fan inberchtme.
Ut mânskeoerflaktewetters, lykas desee of gruttemarren,ferdamptfocht, dat yn 'e foarm fanwolkens op 'ewyn nei de kust en itwaarmere binnenlân ta waaid wurdt. As de wolkens dêrby inberchtme tsjinkomme, wurde se berchop waaid, nei de toppen fan it berchtme, dêr't it focht yn 'ekâlderelucht úttinet en ôfkuollet, mei as gefolch dat itkondinsearret. Dat yngewikkeldenatuerkundige proses kin sa gearfetten wurde: om oer it berchtme hinne te kommen, moat de lucht syn focht loslitte, dat op 'eierde delfalt yn 'e foarm fan delslach. Dat sil almeastrein wêze, mar heech yn 'e bergen eksnie.
It gefolch is dat de lucht, as dy oer de bergen hinne is, mar in hiel lyts bytsje focht mear befettet. Yn 'e lijte fan it berchtme ûntstiet sadwaande troch dit proses in krite mei in tigedrûchklimaat. Dat wurdt noch oanboaze trochdat de drûge lucht oan dy kant fan 'e bergen opwaarme en dêrtroch geardrukt wurdt, wat hjitteföhnwinen produsearret, dy't by de bergen del waaie nei de drûge krite. Dat gebiet is yn 'e regel insteppe of inwoastyn. Om't der gjin rein falt, seit men dan dat it yn it reinskaad fan 'e bergen leit.
Foarbylden fan regio's dy't yn it reinskaad fan in berchtme lizze, binne: