Ras (Geëz: ራስ,ras; letterlik: "haad", besibbe oan itArabyskeraïs, "kaptein") is inEtiopyskeaadlike titel dy't neffens dehistoarikusHarold G. Marcus lykslein wurde kin mei de Westerske titelhartoch, mar dy't ornaris oerset wurdt as "prins". De bekendste drager fan dizze titel wieras Tafari, dy't yn1916 asHaile Selassie keizer fan Etioopje waard. Nei dyselde is ek dereligieuze beweging fan itrastafarianisme neamd, wêrfan't de oanhingers inoar soms de earenammeras tapartsje.
Yn kombinaasje mei de titelle'ul (Geëz: ልዑል,lə‘ul, "prins"), waarden net-regearjende manlike leden fan 'e sydtûke fan 'e Etiopysje keizerlike famylje (lykas de keningen fanGojam enTigree) oantsjut asle'ul ras, wat ferlykber is mei de titel fanaartshartoch dy't de leden fan 'eRussyske enEastenrykske keizershuzen droegen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References enSources, op dizze side. |