Rapmuzyk is in ûnderdiel fan deHiphopkultuer. Rapmuzyk wurdt meast makke mei in beat, mar wurdt gaurisa capella dien. Rap is ien fan de eleminten fan dehiphopkultuer. Inrapper, ek wol MC (Master of Ceremonies) neamd, fertelt op ritmyske wize in (rymjende) tekst of ymprovisearret (freestyle), meastal op inbeat, mar soms eka capella. It wurd "to rap" of "rapping" waard al yn de18e iuw yn it BritskeIngelsk brûkt en betsjut neat oars as "sizze" (to say). It waard troch de Afro-Amerikanen oeromd en betsjut yn itAfro-Amerikaansk Ingelsk 'konversearje'. It wurd 'rappen' betsjut yn de Amerikaanske strjittaal soksawat as prate (Frysk: 'earne fan reppe'). Sprutsen tekst mei ynstrumintale en/of ritmyske begelieding is troch de jierren hinne altiten brûkt, mar de sangThe Revolution will not be televised troch de Amerikaanske swarte dichterGil Scott-Heron út1971 kin beskôge wurde as in iere foarm fan rap. Oaren soenen him folgje en dizze iere foarm fan rap waard ynJamaika trochreggaesjongers oernomd en evaluearre ein jierren santich ta dehiphop. FanútJamaika ferovere dizze opnij de Feriene Steaten. Al rillegau kaam der in ûnderskied tusken East Coast Rap (Notorious BIG,Wu-Tang Clan,Run-D.M.C.) en West Coast Rap (2Pac,Ice-T,N.W.A.,Eazy E).