Ramallah, ek wolRamalla (Arabysk foar 'hichte fan God'), is inPalestynske stêd yn itWestjordaanlân. It plak leit sa'n 15 kilometer noardwestlik fanJeruzalim. Seis kilometer besuden Ramallah leit de Palestynske stêdAbu Qash.
Ramallah wie oarspronklik inkristlike stêd, mar no is in grutste part fan de befolkingmoslim, mei noch wol in sterke kristenminderheid.
Yn de omkriten fan Ramallah is mitselwurk fûn út de tiid fan keningHerodes de Grutte.
Ramallah waard stifte yn it midden fan desechstjinde iuw trochGhassaniden, in stamme kristlike Arabieren. It gebiet wie sûnt1517 part fan itOsmaanske Ryk. Yn1596 wennen der, neffens Osmaanske belestingsdokuminten 71 kristlike en 9 moslimhûshâldings.
It bleau foar in lange tiid in kristlik, benammenGryksk-otterdoks, doarp. Ramallah woeks yn desantjinde enachttjinde iuw as inlânboudoarp, dêr't in soad lju fan de omkriten, benammen kristenen, hinne lutsen. Yn denjoggentjinde iuw waard der oer it plak beskreaun dat it doarp op in berchrêch boud wie, mei yn it westen in útsicht op de see. It doarp lei tusken tunen en oliifbeammen. Yn it midden fan it doarp stie de Gryksk-otterdokse tsjerke en yn it easten inRoomsk-katolyk ("Latynsk") kleaster en in protestantske skoalle. In fearns part fan de befolking wie katolyk wylst de rest Gryksk-otterdoks wie.
Ramallah waard yn1908 ofisjeel as in stêd ferklearre.
Yn desimber1917, yn deEarste Wrâldkriich, waard Ramallah troch Britske troepen beset. Britske troepen bleaune dêr oant it oprjochtsjen fan it BritskeMandaatgebiet Palestina yn1920. Dêrnei buorke de ekonomy fan de stêd foarút dat der ta late dat de Arabyske hegere klasse, dy't út lâneigners en hannelers bestie, ferskate filla's bouwe lieten, dy't hjoed-de-dei noch besteane. Yn1939 kaam de elektrisiteit nei Ramallah.
Yn 1936 brutsen der yn Palestina lykwols Arabyske opstannen út tsjin it Britsk mandaat, dêr't Ramallah it sintrum fan waard. De opstannelingen rjochten in rjochthôf yn Ramallah op om wetlike alternativen as it Britsk mandaat oan te bieden. Yn augustus1939 waard dy opstân delslein.
Yn1948 soe it mandaat ôfrinne en yn1947 en waard troch deFeriene Naasjes Resolúsje 181 oannommen dy't it Mandaatgebiet Palestina yn in Joadske steat en in Arabyske steat ferpartsje soe. De Arabieren fersmieten de plannen, dêr'tSionistyske Joaden nei iensidich de Israelyske ûnôfhinklikens útropten. Dat late ta it útbrekken fan deArabysk-Israelyske Kriich fan 1948, dêr'tTransjordaanje itWestjordaanlân, en dus Ramallah, by besette. Transjordaanje feroare syn namme doe ynJordaanje.
Yn de snuorje fan de Jordaanske besetting fan 1948 oant1967 wie it relatyf freedsum yn it Westjordaanlân, dêr't de bewenners bewegingsfrijheid tusken it Westjordaanlân, Jordaanje,Libanon enSyrje by krigen. De boargers fan it Westjordaanlân waarden automatysk Jordaanske steatsboargers. Yn1953 wie de befolking fan Ramallah ferdûbele, benammen mei Palestynske flechtlingen út Israel wei. Dêrby naam it oandiel moslims neffens kristenen fan de befolking ta. De ekonomy en ynfrastruktuer koe it kommen fan al dy nijkommers net beneikomme. In soad oarspronklike ynwenners fan Ramallah emigrearren, benammen nei deFeriene Steaten. Yn1956 wiene al in fearns part fan de 6.000 oarspronklike ynwenners fan Ramallah ferfearn. Arabieren fan omlizzende doarpen en plakken, benammen útHebron wei, kochten de hûzen en lân dy't de emigranten efterlitten hiene.
Kaart fan Ramallah en omkriten fan de Feriene Naasjes út 2018 mei de Israelyske barriêre
Yn deSeisdagekriich yn1967 oermastere Israel Ramallah en de rest fan it Westjordaanlân fan Jordaanje. Hja stelden in militêr bestjoer oan en holden pear wike neitiids in sensus. Eltse persoan dy't yn de sensus registrearre waard, krige in Israelysk identikikaasjebewiis, dy't de drager dêrfan tastimming joech om dêr te wenjen. Dyjingen dy't, doe't de sensus útfierd waard, yn it bûtenlân wiene, ferlearen harren bewennersrjochten. De sitewaasje waard feroare, want ynwenners fan Ramallah hiene fan doe ôf de frijheid om te bewegen yn Israel en deGazastripe en koene harren saken dêr dwaan. Ta tsjinstelling fan Jordaanje bea Israel de bewenners fan it Westjordaanlân gjin boargerskip oan. Ynwenners fan Ramallah krigen dêrfoaroer in wurkfergunning om te wurkjen yn Israel.
De Israelyske oerheid sette útein mei it bouwen fan Joadske delsettings om Ramallah hinne, lykas Beit-El en Psagot. Dat behindere fierdere stedsútwreiding fan Ramallah en snie it ôf fan omlizzende Arabyske doarpen. Doe't de tsjinstân dêrfoar grutter waard, waarden ynwenners fan Ramallah dy't lid fan dePalestynske Befrijingsorganisaasje (PLO) wiene oppakt of nei oanbuorjende lannen ferballe. Yn desimber1987 bruts in grutte rebûlje, dy't bekend as de PalestynskeIntifada kaam te stean, tsjin de Israelyske besetting út.
DeMukaata (2013)
Neffens deOslo-akkoarten tuskenIsrael en de PLO soe de stêd yn de fan dePalestynske Autoriteit bestjoerde A-gebieten komme te lizzen. Ein1995 waard it bestjoer fan de stêd troch Israel oerdroegen oan de Palestynske Autoriteit (PA). De PA hat yn Ramallah syn haadkertier, sa as it presidintsterrein, deMukataa, en dePalestynske Wetjouwende Ried, it Palestynske parlemint. Op de Mukata leit ek it grêf fanYasser Arafat. Neist dat yn Ramallah hat de PA ek in bestjoerssintrum ynGaza-stêd.
DeIsraelyske barriêre dy't Israel bout skiedet Ramallah fan Jeruzalem, dêr't de ekonomy en befolking fanâlds sterke bannen hat.
Ramallah hat in mediterraan klimaat mei waarme drûge simmers en mylde reineftige winters en bytiden wol der wolris snie falle. De trochsneed delslach is likernôch 615 mm.
Ramallah wurdt sjoen as ien fan de meast kulturele, woltierige en liberale stêden fan Palestina. Der is in grut tal oan populêre Palestynske aktivisten, dichters, artysten en muzikanten. It hat in waber nachtlibben, mei in soad bars, diskoteken en restaurants lykas deStars and Bucks Cafe, dêr't de namme inwurdboarterij fan de ferneamde Amerikaanske keatlingStarbucks fan is.
Fan de befolking fan Ramallah is hjoed-de-dei likernôch 25% kristlik.