Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

RMSTitanic

Ut Wikipedy
RMSTitanic
It Royal Mail Ship de Titanic yn 1912.
ItRoyal Mail Ship deTitanic yn 1912.
algemiene ynformaasje
flaggeFeriene Keninkryk
thúshavenLiverpool (Ingelân)
eignerWhite Star Line
skiednis
werfHarland and Wolff (Belfast)
kyllizzing31 maart1909
tewetterlitting31 maaie1911
oplevere2 april1912
yn de feart10 april1912
statussonken15 april1912
bysûnderheden en sifers
typepassazjiersskip
lingte269,1 m
breedte28,2 m
hichte53,3 m(kyl oant top skoarstiennen)
djipgong10,5 m
deplassemint52.310long ton
tonnaazje46.328brt
tal dekken9 (A-G)
bemanning899 koppen
passazjiers2.223 persoanen
maks. faasje21knopen (38 km/o)
opmerkings20 rêdingsboaten
(genôch foar 1.178 minsken)

DeRMSTitanic wie de twadde fan trije grutte lúkse passazjiersskippen dy't it mearpart fan de passazjiers oer deAtlantyske Oseaan oernimme moasten. It skip waard ynBelfast boud foar deWhite Star Line, en op20 oktober1910 te wetter litten. Doe't de Titanic oan syn earste reis begûn wie it it grutste passazjiersskip yn de wrâld mei 2235 minsken oan board.

Op dy earste reis, ynapril1912 krige deTitanic op 14 april om 11 oere 40 yn de nacht in botsing mei iniisberch. De iisberch skansearre de romp oan stjoerboard, dêr't seis lekken troch ûntstienen. Trije oeren letter wie it skip te sink gongen. Fyftsjinhûndert minsken kamen om hals, wat dit ien fan de slimste skipsûngemakken ea makke.

It te sink gean fan de Titanic is lykwols ek ien fan de ferneamdste skipsûngemakken. It hat de ynspiraasje west foar in grut tal boeken en foar in tsiental films.

Yn1985 waard op de boaiem fan deAtlantyske Oseaan it wrek fan de Titanic weromfûn, op 41°43′ N, 49°56′ W. Der is in grut tal dingen út it skip nei boppen helle, dêrûnder in stik stiel fan it skip fan 6,5 by 4 meter. Doe't it wrek fûn waard, wie de tastân dêrfan noch goed. Mûglik troch de fersteurings troch de bergings en oantaasting troch in rostfrettendebaktearje (Halomonas titanicae)[1] wurdt de tastân fan it wrek hurd minder. It wurdt rûsd dat it tsjin 2050 foar it grutste part ferdwûn wêze sil.

Skilderij fanWilly Stöwer oer it ûngemak

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (en) BBC.com: Jasmin Fox-Skelly,The wreck of the Titanic is being eaten and may soon vanish (5 febr. 2018)
Wikimedia CommonsOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryTitanic fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=RMS_Titanic&oldid=1178601"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp