Psychopaty is in relatyf seldsumepsychyskepersoanlikheidssteuring, wêrby't degewissefunksje, dy't him normaalwei yn 'epoppe- enpjuttefaze fan inminske ûntjout, efterbliuwt yn 'e ûntwikkeling of hielendal net ta stân komt. Dat gebrek uteret him yn oanhâldendasosjaal hâlden en dragen, in beheind of ûnbesteandynlibbingsfermogen enberou, endryste enegoïstyskeeigenskippensûnder remmings. Dizze steuring komt foar by heechút 1% fan 'ewrâldbefolking, mar dat binne wrâldwiid noch altyd 70 miljoenminsken. Meimachiavellisme ennarsisme makket psychopaty diel út fan 'e saneamde 'Tsjustere Trijehoek' (Dark Triad).
Immen dy't oanhelle is mei psychopaty wurde inpsychopaat neamd. Sokken steane benammen bekend om harren ferûntachtsuming fan 'esosjale enmorele noarmen, wêrby't se gaurisrelaasjes hawwe dy't karakterisearre wurde trochgeweld,útrûpeling en/offerlieding. Se kinne har net of mar kwealk yn 'e sitewaasje fan in oar ferpleatse enfiele har net skuldich oer de (troch oaren as ferkeard beskôge) dingen dy't se in oar oandogge. Ek reägearje se faak abnormaal opeangst enpine. Oareemoasjes wurde faak oerflakkiger field as troch minsken dy't net mei psychopaty oanhelle binne. It gebrek oanrespekt dat psychopaten faak hawwe foarnoarmen en wearden wurdt feroarsake troch dit minder fielen fan emoasjes.
Yn 'emedia en depopkultuer is sûnt1970 in protte publisearre oer psychopaty, sawol watfiksje asnon-fiksje oanbelanget. Dêrby giet it faak oersearjemoardners offerkrêfters, itsijfiktiven, lykas Hannibal Lecter, itsij echten, lykasJack the Ripper,Marc Dutroux enJoran van der Sloot. Dêrtroch is yn 'e brederemaatskippij it idee ûntstien dat psychopaty altydkrimineel of selsmoardsuchtich hâlden en dragen feroarsaket, wylst dat yn wurklikheid mar tige seldsum is. De measte psychopaten libje harren libben 'gewoan' binnen de ôffredings fan 'ewet, mar hawwe der minder muoite mei om oare minsken min te behanneljen. Soks kin yn beskate omstannichheden sels in foardiel wêze; om in foarbyld te jaan: by gruttebedriuwen kin it foar dekarriêre fan in liedingjaande posityf útwurkje as er der gjin problemen mei hat om minsken teûntslaan.
Yn1941 publisearre deAmerikaanskepsychiaterHervey M. Cleckley itboekThe Mask of Sanity, wêryn't er sechstjin kritearia joech foar de psychopatyske persoanlikheid. Dy publikaasje rekke letter efter de tiid doe't de gesachhawwende útjeftenDiagnostic and Statistical Manual of Mental Disorders (DSM) enInternational Classification of Diseases (ICD) psychopaty ferfongen troch deasosjale persoanlikheidssteuring (ASPD), ek bekend assosjopaty, en dedissosjale persoanlikheidssteuring (DPD). De term 'psychopaty' is dêrtroch ferdwûn út 'e hjoeddeistige klassifikaasjehânboeken fan 'e algemienepsychiatry. Yn 'e1970-er jierren reyntrodusearre de foaroansteandeKanadeeskepsycholoochRobert D. Hare lykwols it begryp 'psychopaty' yn 'ekriminology en deforinzyske psychiatry mei in nije rige kritearia, dy't er fêstlei yn 'eHare Phychopathy Checklist. Dy wurdt yn 'e neamde fakmêden no noch brûkt foar itdiagnostisearjen fan psychopaty.