Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Proaza

Ut Wikipedy

Proaza is in taalfoarm enliterêrsjenre dat de gewoanegrammatikale struktuer en de natuerlike spraakritmen tapast ynstee fan 'e keunstmjittige kandânzen dêr't depoëzij gebrûk fan makket. Hoewol't der oer de krekte opbou fan proaza yn wittenskiplike fermiddens noch diskusjes geande binne, hat de ienfâld en ûnopdienens derfan makke dat it hjoed de dei brûkt wurdt foar de grutte mearderheid fan sawol it minsklik spraakgebrûk as de meilettertekens fêstleine taal. Skreaune proaza omfettet sawolfiksje asnon-fiksje, lykas literatuer, kranten en tydskriften,ensyklopedyen, wetsteksten, ensfh.

Proaza wurdt ornaris ferkeazen boppe de folle formelere dichterlike opbou fan 'e tradisjonele poëzij. Gedichten omfetsje yn 'e regel inmetrum en/of rymskema, wylst proaza bestiet út folsleine, grammatikale sinnen, dy't mei-inoar alineä's foarmje en dêrby estetyske aspekten fierhinne negearje, fral as it op sprutsen taal giet. Guon proazawurken omfetsje wól spoaren fan metrum of oare dichterlikens, en besykje beide sjenres mei sin trochinoar te mjuksjen; soks stiet bekend asproazapoëzij. Lykstrekich dêrmei bestiet der poëzij dy't fan hast alle wenstige regels ûntdien is; dat wurdtfrij fers neamd.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Proaza&oldid=910373"
Kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp