Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Predaasje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fanProai)
Predaasje.
rôfdier wiist troch nei dizze side. Foar it taksonomyske skiftCarnivora, sjoch:rôfdieren.
rôffûgel wiist troch nei dizze side. Foar it taksonomyske skiftAccipitriformes, sjoch:rôffûgels.

Predaasje is in ferskynsel fanbiologyske ynteraksje tusken ferskillendesoartenorganismen, wêrby't it iene, deproai, fongen en opiten wurdt troch it oare, itrôfdier, dat eins betterpredator neamd wurde kin (want it kin ek infleisitende plant wêze). Spesifikere oantsjuttings binnerôffûgel foar predators dy'tfûgels binne,rôffisk foar predators dy'tfisken binne, ensfh. Predators deadzje yn 'e regel har proai foar't se dy opite, mar net altyd. Likegoed einiget (súksesfolle) predaasje yn it algemien mei de dea fan 'e proai.

Oare foarmen fan konsumpsje fan organismen binneherbivory (it iten fanplanten of dielen fan planten),mykofagy (it iten fanskimmels) endetrivory (it iten fanies, d.w.s. dierlik of plantaardich materiaal dat al dea of ôfstoarn is). It kin dreech wêze om 'e ferskillende konsumpsjefoarmen faninoar te ûnderskieden. Om in pear foarbylden te jaan: as inko by it iten fangersynsekten binnenkriget, is dat dan in foarm fan predaasje? En hoe moat men it sjen as inparasyt syn aaien leit yn in wûne fan syn gasthearsoart, dy't de útkommen larven dan fan binnenút oanfrette?

It wichtichste skaaimerk fan predaasje is lykwols de direkte ynfloed dy't it hâlden en dragen fan 'e predator hat op 'e populaasje fan 'e proai. Dy ynfloed is oer it algemien geunstich, want sûnder de rôfdieren dy't de âlde, sike en swakke proaien ôfskiftsje en opfrette, soe it mei de proaisoarte yn it ûnleech reitsje. Sa'nselektive druk liedt gauris ta inevolúsjonêre wapenwedrin tusken predator en proai, wêrby't de proai oanpassings ûntwikkelet dy't him by steat stelle om oan 'e predator te ûntkommen (want de eksimplaren dy't ûntkomme binne dejingen dy't har fuortplantsje en jouwe dus sa in nije eigenskip oan harren neikommelingen troch), wylst de predator dan sels ek wer oanpassings ûntjout om 'e nije oanpassings fan 'e proai te oerwinnen (want de eksimplaren dy't de proai fange binne dejingen dy't oerlibje en jouwe dus dy nije eigenskip oan har neikommelingen troch). Dizze syklus kin yn prinsipe oant yn it ûneinige trochgean.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryPredation fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Predaasje&oldid=1149374"
Kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp