Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Prins-biskop

Ut Wikipedy

Inprins-biskop (ekstavere asprinsbiskop) is inbiskop (ornaris fan 'eRoomsk-Katolike Tsjerke) dy't njonken syntsjerklik amt ek dewrâldske macht útoefenet oer in beskaat gebiet. Dat gebiet, itprinsbisdom, kin dêrby hielendal of foar in part oerlaapje mei itbisdom fan 'e prins-biskop. De iennichste hjoeddeistige prins-biskop is depaus fanRome, dy't njonken syn funksje as haad fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke ommers ek de hearsker is oer it ûnôfhinklikeFatikaanstêd. In bysûnder gefal is deKatalaanske biskop fanUrgell, dy't ynSpanje gjin wrâldske macht hat, mar noch altyd ien fan 'e beideprinsen fanAndorra is (de oare is itsteatshaad fanFrankryk).

Yn itferline kamen prins-biskoppen folle mear foar, benammen yn 'e gebieten dy't ta itHillige Roomske Ryk hearden. Yn 'e noardlikeNederlannen wie yn 'eMidsiuwen de biskop fanUtert, dy't doedestiden regearre oer itNederstift (de hjoeddeiske provinsjeUtert) en itOerstift (Oerisel,Drinte,Stellingwerf en de stêdGrins) in prins-biskop. Oare prins-biskoppen yn 'e Nederlannen regearren oerKameryk en it Kamerykske en oer itPrinsbisdom Luik, dat oant1795 bestie. YnDútslân wie fierders de biskop fanMúnster in prins-biskop.

As it om inaartsbiskop gie dy't wrâldske macht útoefene, is de juste term einsprins-aartsbiskop, mar almeast wurdt ek foar sokken sprutsen fan 'prins-biskop'. Histoarysk regearren prins-aartsbiskoppen oer û.m. itKarfoarstedom Keulen, itKarfoarstedom Mainz en itKarfoarstedom Trier. As it om 'eabt fan inkleaster gie dy't omreden fan syn kleasterlike funksje ek wrâldske macht útoefene oer in geografysk gebiet, is de titel net prins-biskop, marprins-abt.

Bûten it Hillige Roomske Ryk kamen prinsbiskoppen foar ynIngelân (de biskoppen enpaltsgreven fanDurham), en yn 'eMidsiuwske gebieten fan 'eDútske Oarder yn itBaltikum (lykas deprins-aartsbiskoppen fan Riga). EkMontenegro wie fan1696 oant1852 in prinsbisdom, dat regearre waard troch deEastersk-otterdokse biskop fanCetinje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Prins-biskop&oldid=975849"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp