Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Pribilofeilannen

Ut Wikipedy
Pribilofeilannen
Lokaasje fan 'e Pribilofeilannen yn Alaska.
Lokaasje fan 'e Pribilofeilannen ynAlaska.
polityk
soarte gebieteilannegroep
lânFeriene Steaten
steatAlaska
boroughUnorganized Borough
haadplakgjint
grutste plakSt. Paul
sifers
ynwennertal581(2010)
oerflak194,4 km²
befolkingstichtens3,0 / km²
oar
tiidsôneUTC –10
simmertiidUTC –9
koördinaten56°50′ N 170°00′ W

DePribilofeilannen (Ingelsk:Pribilof Islands), foarhinne bekend as deNoardlike Pelsrobbe-eilannen (Ingelsk:Northern Fur Seal Islands) binne inarsjipel fan fjouwerfulkanyskeeilannen yn 'e midden fan 'eBeringsee. Se hearrebestjoerlik ta deAmerikaanskesteatAlaska. De beide grutste eilannen binneSt. Paul enSt. George. De Pribilofeilannen wiene fan oarsprong ûnbewenne, mar oan it begjin fan 'enjoggentjinde iuw twongen deRussyske autoriteiten, fan wat doe dekoloanjeRussysk-Amearika wie,etnyskeAleoeten fan 'eAleoetenarsjipel om har op 'e Pribilofeilannen nei wenjen te setten.

Geografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De Pribilofeilannen lizze yn 'e súdlikeBeringsee, likernôch 320 kmnoardnoardwestlik fanDutch Harbor op iteilânUnalaska, dat diel útmakket fan 'eAleoeten, en ek op sa'n 320 km ôfstân fanKaap Newenham, oan 'esúdwestlikkust fan itfêstelân fanAlaska. De kust fan itSibearyskeTsjûkotka-skiereilân, dat ûnderdiel foarmet fanRuslân, leit rûchwei 800 km nei itnoardwesten. De Pribilofeilannen falle binnen it Beringseediel fan itMaritym Nasjonaal Faunareservaat fan Alaska.

Inlânkaart fan 'e Pribilofeilannen.

De wichtichsteeilannen fan 'earsjipel binneSt. Paul enSt. George. St. Paul leit likernôch 65 km noardwestliker as St. George. De oare eilannen fan 'e groep, te witten de beide ûnbewenne eilantsjesOttereilân enWalruseilân, lizze yn 'e neite fan St. Paul. Yn totaal hawwe de Pribilofeilannen inoerflak fan 194,4 km². Itlânskip bestiet fierhinne útrotsen entoendra. St. Paul en St. George beskikke beide oer in lytsfleanfjild.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Neffens demûnlinge oerlevering fan 'eAleoeten waarden de Pribilofeilannen yn 'eprehistoaryske perioade út en troch besocht foar dejacht. Nettsjinsteande dat binne der op 'e eilannen gjinargeologyske fynsten dien dy't wize opminsklike besetting fan lykfol hokker foarm, ear'tRussyskepelsjagers yn 'e midden fan 'eachttjinde iuw yn 'e krite fan 'eBeringsee ferskynden.

Omtrint1780 waarden de Russen harren bewust fan 'eseizoensbûnemigraasje fan 'enoardlike pelsrob. Se swommen by 'tmaityd noardoan troch deAleoeten en keardenhjerstmis werom mei jongen. It ûnbekende noardlikefuortplantingsplak fan 'eseehûnen waard troch de Russen lykwols omdôch nei socht, oantGavriïl Pribylov yn1786 nei it noarden sylde en in groepke lytse eilannen yn 'e súdlikeBeringsee ûntdiek. Doe't Pribylov der arrivearre, waarden de rotsigestrannen fan 'e eilannen beset troch mear as fjouwer miljoen pelsrobben, en de eilannen kamen sadwaande yn 't earstoan bekend te stean as de Noardlike Pelsrobbe-eilannen. Letter waarden se nei de ûntdekker ferneamd.

Noardlike pelsrobben op it eilânSt. Paul,augustus1914.

De Pribilofeilannen kamen mei de rest fanAlaska ta dekoloanjeRussysk-Amearika te hearren. Yn 'e1820-er jierren twong deRussysk-Amerikaanske Kompanjy, dy't doedestiden itmonopoalje op 'ehannel yn 'e koloanje hie, in grutte groepetnyskAleoetyske famyljes om twa ôfhandige eilannegroepkes tekolonisearjen, te witten deKommandeurseilannen, dy't tsjintwurdich ûnderdiel foarmje fan it Russyske territoariumKamtsjatka, en de Pribilofeilannen. Op 'e Pribilofeilannen moasten de nije bewenners as pelsjagers oan it wurk foar de Kompanjy.

Nei't Alaska yn1867 mei deOankeap fan Alaska oergien wie yn 'e hannen fan 'eFeriene Steaten, waarden de Pribilofeilannen fan1870 oant1890 troch de Amerikaanskeoerheidferpachte oan 'eAlaskaanske Kommersjele Kompanjy (ACC), dy't dejacht op 'e pelsrobben fuortsette. Fan1890 oant1910 wie it monopoalje op 'e jacht op pelsrobben op 'e Pribilofeilannen yn 'e hannen fan 'eNoardamerikaanske Kommersjele Kompanjy (NACC). Yn dy snuorje rekke de pelsrobbejacht op 'e eilannen lykwols yn it neigean om't men de bisten doe ek op 'e iepensee begûn te bejeien.

Yn1911 waard tusken de Feriene Steaten, itFeriene Keninkryk (foarKanada),Ruslân enJapan deNoardpasifyske Pelsrobbekonvinsje sletten, wêrmei't de jacht op 'e noardlike pelsrob oan bannen lein waard. Yn1913 dienatoerûndersiker enpaleöntoloochRoy Chapman Andrews de Pribilofeilannen oan. Defilms dy't hy oer de noardlike pelsrob makke, soargen derfoar dat der fierdergeande maatregels kamen om 'e bisten te beskermjen. Yn1966 waard de jacht op pelsrobben op 'e Pribilofeilannen hielendal ferbean doe't deFur Seal Act fan krêft waard. De iennichste útsûndering waard makke foar jacht asbesteansmiddel troch de Aleoetyske bewenners fan 'e eilannen.

DeRussysk-otterdokseTsjerke fan de Hillige Joaris de Grutte Martelder ynSt. George, op it eilânSt. George.

Yn 'eTwadde Wrâldoarloch, doe't in diel fan 'eAleoetenarsjipelbeset waard troch deJapanners, waarden de bewenners fan 'e Pribilofeilannenevakuëarre nei it fêstelân fan Alaska. Dêr waarden se ynynternearringskampen pleatst, dêr't de tastannen sa striemin wiene, dat in protte fan harren stoaren. Mei deWet op de Aleoetyske Skeafergoeding, dy't yn1988 troch itAmerikaanske Kongres oannommen waard, besocht it Amerikaanske regear de oerlibbenen 43 jier nei dato foar harren leed te kompinsearjen.

Bestjoer

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De Pribilofeilannen hearre ta deUnorganized Borough. De Unorganized Borough beslacht in grut diel fan 'e steatAlaska, dat net by indistrikt (borough) yndield is en dêrom streekrjocht troch it steatsregear bestjoerd wurdt.

ItdoarpSt. George, op it eilânSt. George.

Demografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De Pribilofeilannen hiene neffens gegevens fan 'e Amerikaanskefolkstelling fan2010 doe 581 bewenners, wêrfan 479 opSt. Paul en 102 opSt. George. Debefolkingstichtens bedroech dêrmei foar de hiele arsjipel 3,0persoanen dekm². Der binne twa plakken:St. Paul op St. Paul enSt. George op St. George. Demienskippen binne sa lyts dat frijwol eltsenien op 'e Pribilofeilannen oaninoarbesibbe is

De eilânbewenners binneetnyskeAleoeten, infolk dat besibbe is oan 'eEskimo's. De Pribilof-Aleoeten hawwe har feriene yn 'eAleoetyske Mienskippen fan de Pribilofeilannen St. Paul en St. George, instamme-organisaasje dy't yn 'e Feriene Steatenfederale erkenning genietet en troch deAlaska Native Claims Settlement Act fan1971 it meastepart fan 'e grûn op 'e eilannen yn besit krigen hat.

Ekonomy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Deekonomy fan 'e Pribilofeilannen is yn hege mjitte ôfhinklik fan 'e jierlikse fangst fansniekrab en fan 'ekommersjelefiskerij opPasifyske heilbot, en fierders fan 'e jacht (as besteansmiddel) op pelsrobben.Tsjinstferliening oan 'e kommersjelefiskersfloaten op 'e Beringsee draacht wat by oan 'e pleatslike ekonomy. Ek wurkje guon eilanners foar de Amerikaanskeoerheid. Sa ûnderhâldt deAmerikaanske Kustwacht in basis op St. Paul, en hawwe ek deNational Weather Service (de Amerikaanskemeteorologyske tsjinst) en deNational Oceanic and Atmospheric Administration elts in stasjon op it eilân. Ta einbeslút is der in lytsetoeristyske sektor, mei't fralfûgelspotters op 'e Pribilofeilannen ôfkomme, dêr't jiers sa'n 2 miljoenseefûgelsnesselje fan mear 240 ûnderskatesoarten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryPribilof Islands fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Pribilofeilannen&oldid=1015765"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp