Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Preemjejager

Ut Wikipedy
Beleanning foar it fangen fanJohn Wilkes Booth dy't presidintAbraham Lincoln fermoarde, 1865.

Inpreemjejager, ek wol bekend ûnder deIngelske oantsjuttingbounty hunter, is in partikulier persoan dy't besiket om lju finzen te nimmen dy't socht wurde troch deplysje en foar wa't dêrom inpreemje útloofd is. As er sa'nent oan 'e autoriteiten oerdraacht, kriget de preemjejager dy preemje (yn 'e regel in beskaatjildbedrach) útkeard. Preemjejagers binne benammen inAmerikaansk fenomeen. Se wurde ornaris assosjearre mei itWylde Westen, doe't der gauris preemjes útloofd waarden ûnder de kop"wanted: dead or alive" ("socht, dea of libben"). Yn dy tiid waarden sochte persoanen troch in preemjejager faak daliks deasketten, om't er dan minder muoite hoegde te dwaan om 'e oangeande persoan nei de autoriteiten ta te begelieden.

Mar ek hjoed de dei komme der yn 'e Feriene Steaten noch preemjejagers foar, dy't no benammen op lju jeie dy't útnaaid binne wylst se opboarchtocht frijlitten wiene yn ôfwachting fan harren rjochtsaak. Preemjejagers neame harsels no yn 'e regelbail recovery agent ("boarchweromwinningsagint") ofbail enforcement agent ("boarchôftwingingsagint"). Sokken wurkje faak foar inboarchstellingsburo, dat tsjin in beskaterinte deboarchsom foarsjit foar lju dy't op boarchtocht frij komme. As sokken útnaaie, is sa'n buro de boarchsom kwyt, dus hat it der alle belang by dat de sochte persoan wer oan 'e autoriteiten oerdroegen wurdt. Soms neame preemjejagers harsels ekfugitive recovery agent ("weromwinningsagint fan fuortflechtigen"). DeNational Association of Fugitive Recovery Agents is in Amerikaanske lanlike fakferiening dy't de preemjejagersbrâns fertsjintwurdiget.

Preemjejagers foarmje in ynteressant en dêrom tankber ûnderwerp foar de Amerikaanskefilmyndustry fanHollywood. Sadwaande binne der frijwat films oer dit ûnderwerp. Foarbylden binneThe Hunter (1980), meiSteve McQueen;Wanted: Dead or Alive (1986), meiRutger Hauer enGene Simmons;Midnight Run (1988), meiRobert De Niro;Domino (2005), meiKeira Knightley;The Bounty Hunter (2010), meiGerard Butler enJennifer Aniston;One for the Money (2012), meiKatherine Heigl; enDjango Unchained (2012), fanregisseurQuentin Tarantino.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:Notes, op dizze side.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Preemjejager&oldid=1115190"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp