Auguste Comte, ien fan de grutste eksponinten fan it positivisme
De term tsjut op in filosofy dy't har allinnich op waarnimbere feiten basearret (fergelykjeempirisme) en godstsjinstige ofmetafysyske ferklearrings fan de hân wiist, keppele oan it typyske leauwen yn de foarútgong fan de minskheid yn de rjochting fan in positive, op praktyk rjochtewrâldbeskôging.
Utgongspunt fan it positivisme is dat kennis allinnich mooglik is oangeande de wrâld fan de ferskynsels. De wittenskip wurdt sjoen as de ienige boarne fan jildige kennis en dêrby binne allinnich empiryske waarnmmings en logyske prinsipes fan belang. It positivisme betsjut de ôfwizing fan alle metafysyske filosofy en teology, fan elke normative kennis of etyk en fan alle kennis dy't net sintúchlik kontrolearber is.
Oanhingers fan it positivisme steane op it stânpunt dat by de beoefening fan de filosofy elkemetafysika mijd wurde moat. It skaaimerk fan de positive filosofy is dat se alle ferskynsels as ûnderwurpen beskôget oan ûnferoarlike wetten.
Yn it oarspronklike positivisme bestiet de opfetting, dat alle problemen dy't de misnk sstelle kin, allinnich op te lossen binne mei help fan dewittenskiplike metoade, ofwol troch in berop te dwaan op kontrolearre ûnderfiningsgegevens. Dizze opfetting wie yn de twadde helte fan de 19e iuw wiid ferspraat, en waard fertsjintwurdige troch filosofen asJohn Stuart Mill,Ernst Mach enCharles Peirce.