Inpornofilm,pornografyske film of ek wolseksfilm is infilm wêryn'tseks tusken deakteurs eksplisyt yn byld brocht wurdt en it wichtichste ûnderwerp is. Sokke films binne bedoeld om 'e sjoggerseksueel op te winen. Pornofilms kinne inplot hawwe, mar as dat sa is, dan is it ferhaal altyd fan ûndergeskikt belang yn ferhâlding ta de seks. In protte fan sokke films litte dêrom in ferhaal mar hielendal gewurde en besteane inkeld út in opienfolging fan sekssênes. De akteurs yn pornofilms binnepornoakteurs. Dyselden kinne tasekswurkers rekene wurde, yn 'e mande mei û.o.strippers enprostituees. De ierste pornofilms datearje út 'e twadde helte fan itdesennium fan 'e1900-er jierren. Dewetlike status fan pornofilms ferskilt fan lân ta lân, mar yn 'eWesterske wrâld binne se tsjintwurdich oer it algemien legaal. Dat jildt fansels net foarbernepornografyske films, wêryn'tbernseksueel misbrûkt wurde, wat inmisdriuw is. As men it oer de 'pornofilm' assjenre hat, wurdt dy term lykwols ornaris begrepen as seksfilms meimearderjierrige ynstimmendefolwoeksenen as spilers.
Der wurdt ûnderskie makke tuskensêfte pornografy ofsoftcore enhurde pornografy ofhardcore. By sêfte pornofilms of softpornofilms wurdt de seks almeast simulearre en bliuwe degeslachtsdielen fan 'e akteurs bûten byld as de 'seks' plakfynt. Meastal wurde yn sokke films ek gjinereksjes toand of hielendal gjinpenissen. By hurde pornofilms of hardpornofilms wurdt alles sjen litten en hawwe de akteurs echt seks mei-inoar, meipenetraasje enejakulaasje en al. Itshot wêryn't inmanlike akteur ejakulearret, wurdt itcumshot neamd, neicum, inIngelskesprektaalterm foarsperma. Foarmen fan seks dy't karakteristyk binne foar hurde pornografy (mar yn it gewoane libben ornaris net folle foarkomme), binneanale seks,dûbele penetraasje en degangbang.
DeFrânske pornofilmL'heure du thé ("Teetyd") út1925 (spyldoer: 4.36min.).
Eroatyske films wurde gauris lykslein mei pornofilms, mar dat is in fersin. Yn it foarste plak wurdt yn eroatyske films gjin eksplisite seks yn byld brocht, dat wat dat oangiet, hawwe se mear gemien mei sêfte as mei hurde porno. Mar, wat wichtiger is: yn eroatyske films is de seks ûndergeskikt oan it ferhaal, wylst yn pornofilms it ferhaal ûndergeskikt is oan 'e seks.
Echte pornofilms, dus films wêryn't bylden fanseksuele omgong opnommen wiene, foelen doedestiden fansels hielendal bûten de algemien akseptearrenoarmen en wearden. Om't it sadwaande fanneeds klandestine films wiene, dy't yn it ferhoalene ferhannele en besjoen wurde moasten, is it dreech om te sizzen hokker de âldste is. It tinken mank saakkundigen is dat it wolrisEl Sartorio (ek stavere asEl Sartario) wêze kinne soe, dy't datearre wurdt tusken1907 en1912. Dat is inArgentynske film, opnommen ynQuilmes ofRosario, wêryn't ingleiesater oan 'eigge fan inrivier seis neakenenimfen oer it mad komt, ien fangt en seks mei har hat yn ferskatestantsjes, wêrûnderstantsje 69.El Sartorio is bewarre bleaun en is op 't heden op 'e noed fan it AmerikaanskeKinsey Ynstitút, dat ien fan 'e grutste kolleksjes iere pornofilms fan 'e wrâld besit.
De reden foar it feit dat de earste pornofilm út Argentynje komme kinne soe, is dat dat lân oan it begjin fan 'etweintichste iuw it earste wrâldsintrum fan 'e pornografyskefilmyndustry wie. Om't ynJeropa doedestiden in frij strange sinsuer op soksoarte films bestie, ferpleatsten Frânske filmstudio's asPathé enGaumont de produksje fan harren pornofilms nei Argentynje, dêr't de autoriteiten de filmmakkers gewurde lieten. De ierste pornoaktrises wiene dêre oer it algemienprostituees út 'ebordelen fanBuenos Aires en oare gruttere Argentynske stêden. De films waarden perskip nei Jeropa brocht en dêr nei oankomst, neffens Hernán Ferreirós yn synboekLa Argentinidad al Palo, ûnderhânsk ferkocht as in "ferfine [foarm fan]fermaak" foar hearen "út 'ebegoedigeklassen". De measte films bedarren yn Frankryk enIngelân, mar in diel gie neiDútslân,Eastenryk-Hongarije,Ruslân en deBalkanlannen.
In oare film dy't kâns makket om 'e ierste pornofilm fan 'e wrâld te wêzen, isÀ l'Écu d'Or, ou: La bonne auberge, dy't yn1908 yn Frankryk makke waard. Dêryn wurdt inwurgesoldaat toand, dy't yn inherberge op bêd slagget mei inkeamerfamke. Tsjin1910 wiene de konvinsjes fan it pornofilmsjenre al fêstige, sa't te sjen is yn 'e Dútske filmAm Abend, dy't in spyldoer fan tsien minuten hat. It begjint mei in frou allinnich yn harsliepkeamer dy't harsels oan itfingerjen is. Se wurdt trappearre troch in man dy't him troch harôfsûge lit, wêrnei't se earstfaginale seks hawwe en dêrneianale seks.
Tsjin1920 wiene pornofilms yn frijwol alle lannen ferbean. Dat betsjutte net dat se net mear makke waarden, mar wol dat de makkers noch foarsichtiger te wurk gean moasten. Frijwol de iennichste plakken dêr't sokke films besjoen wurde koene, wie yn 'e beslettenens fan jins eigen hûs of yn inbordeel (mei'tprostitúsje frijwol oeral dochs ek al yllegaal wie). It opnimmen en behanneljen fan 'e films wie frijwattiid,technyskekennis enark en reau foar nedich. Dêrom hie doedestiden deorganisearre misdie de hân yn 'e pornografyske filmyndustry. De resultearjende films sirkulearren temûk yn freonefermiddens of fia omreizgjende ferkeapers fan (yn haadsaak) oar guod. Wa't troch de autoriteiten trappearre waard op it besitten of besjen fan in pornofilm, riskearre fan 'e1920-er oant de1950-er jierren infinzenisstraf.
Doe't nei ôfrin fan 'eTwadde Wrâldoarloch detechnologyskefoarútgong it opnimmen fanhomefideo's troch partikulieren mooglik makke, yn 't bysûnder troch de yntroduksje fan 'e filmformaten8mm ensuper-8, waard de produksje fan pornofilms dêr ek navenant makliker troch. Yn dy snuorje waarden yn Jeropa in protte eksplisite hardpornofilms makke, wylst men it yn 'e Feriene Steaten oer it algemien by softpornofilms hold.
Tsjin 'e1960-er jierren waard yn in soad Jeropeeske lannen troch feroarjendemaatskiplikenoarmen en wearden it ferbod op pornofilms net mear bot ôftwongen. Yn1969 wieDenemark it earste lân dêr't pornofilms legalisearre waarden. De measte oareWesterske lannen diene yn 'e jierren dêrnei itselde. Dat late ta in eksploazje fankommersjeel produsearre pornofilms, dêr't yn it begjin ekbernepornografy mei jongebern tusken siet. Dêr waard troch de autoriteiten yn 'e measte gefallen al rillegau it near op lein, hoewol't pornofilms meiminderjierrigen fan tusken de fjirtjin en achttjin jier yn in protte Jeropeeske lannen noch lange tiid legaal bleaune. Yn 'e Feriene Steaten kaam de minimumleeftyd lykwols daliks op achttjin jier te lizzen. Fan dy tiid ôf kaam it swiertepunt fan 'e wrâldwide produksje fan pornofilms foargoed ynLos Angeles te lizzen.
Dat wiene ek de heechtijdagen fan 'e pornobioskopen:bioskopen dy't folslein wijd wiene oan 'e fertoaning fan pornofilms. Guon folle besprutsen pornofilms, lykasDeep Throat, draaiden sels yn mainstream-bioskopen.Sjoernalist Ralph Blumenthal fanThe New York Times betocht foar sokke nije pornografy dy't rûnom akseptaasje fûn de termporno chic ("sjike porno"). Hoewol't, fral yn 'e Feriene Steaten,konservativen enkristlikeaksjegroepen har tsjin 'e nije maatskiplik akseptaasje fan it pornofilmsjenre oankanten, waard harren troch itfûnis fan itAmerikaansk Heechgerjochtshôf út1973 yn 'erjochtsaakMiller v. California har wichtichste wapen út 'e hannen nommen, om't de wetlike definysje fan wat obseen wie, dêrtroch sterk beheind waard.
Oan it Gouden Tiidrek fan 'e Pornografy kaam lykwols in ein troch de yntroduksje fan 'efideorecorder, dy't yn 'e iere1980-er jierren yn 'e measte Amerikaanske en in protte Jeropeeskehúshâldings húsriem waard. Om't de meastefans fan pornofilms der om foar de hân lizzende redens de foarkar oan joegen om sokke films yn 'eprivacy fan harren eigen hûs te besjen, woeks deVHS-fideobân al rillegau út ta it meast brûktedistribúsjemedium foar pornofilms. It gefolch wie dat depornoyndustry de djoere bioskoopfilm de rêch ta draaide en weromkearde nei ienfâldigelowbudgetproduksjes.
Fan likernôch1982 ôf waarden de measte pornofilms útbrocht opfideotape ynstee fan opfilmrol. Dat makke de produksje in stik goedkeaper en dedistribúsje in stik ienfâldiger. Ien fan 'epopulêrstepornoaktrises yn 'e1980-er jierren wieTraci Lords, dy't tusken1984 en1986 yn tal fan films spile. Ynmaaie1986 kaam lykwols oan it ljocht dat sy dyseldichstemoanne noch mar krekt achttjin jier waard en dat se op fertoaning fan inferfalskeidentiteitsbewiis twa jier lang asminderjierrige yn pornofilms aktyf west hie (wat yn 'e Feriene Steaten strang ferbean wie). Hoewol't defilmstudio's dêr't se foar wurke hie, te goeder trou west hiene, betsjutte de resultearjende opskuor op in hier nei de deadsstek foar de Amerikaanske pornoyndustry.
Fan 'e twadde helte fan 'e1990-er jierren ôf ferskynden pornofilms opdvd, earst noch njonken publikaasjes opVHS. Dat lêste format ferdwûn lykwols geandewei de2000-er jierren. Dêrfoaroer stie dat yn 'e twadde helte fan datdesennium pornofilms ek opblu-ray begûnen út te kommen. Dêrnjonken late ein njoggentiger, begjin twatûzener jierren de opkomst fan itynternet ek ta in revolúsje op it mêd fan 'e distribúsje fan pornofilms. In protte films waarden nei ferrin fan tiid hielendal net mear op inbylddrager útbrocht, of pas letter, as in soarte fan bykomstichheid. Ynstee waarden se ferspraat fiabetelwebsiden fan pornoakteurs en pornografyske filmstudio's. Letter kamen dêr ekvideohostingtsjinsten enpeer-to-peer filesharing websiden by, lykasPornhub,YouPorn enXHamster, dêr'tfans (tsjin betelling) fideo's besjen of mei-inoar diele kinne.
Neffens inartikel fanparseburoReuters ferskynden der anno2005 elts jier 11.000 nije pornofilms opdvd. Mei't de wrâldwidepornoyndustry dominearre wurdt troch deFeriene Steaten, komme fierwei de measte films dêrwei. Yn1975 waard rûsd dat der troch de Amerikaanske pornoyndustry jiers sa'n$5 oant 10miljoen fertsjinne waard, in sifer dat yn2001 yn in artikel yn 'eBritskekranteThe Guardian oanhelle waard. Yn1979 stie yn in offisjeelrapport fan 'e Amerikaanskeoerheid wêryn't it Amerikaanske federalestrafrjocht tsjin it ljocht holden waard, dat der "ynLos Angeles allinnich al jiers $100miljoen bruto" fertsjinne waard oan 'e produksje fan pornofilms.
Hoefolleomset oft de Amerikaanske pornoyndustry hjoed de dei makket, is net alhiel dúdlik. Yn2003 woe de Amerikaanske kranteUSA Today hawwe dat websiden asDanni's Hard Drive enCybererotica jiers inopbringst fan $2miljard binnenswilen, dat neffens itselde artikel noch mar 10% wêze soe fan 'e totale ynkomsten fan 'e produksje fan pornofilms yn 'e Feriene Steaten. Oare boarnen (Adams Media Research, Veronis Suhler Communications Industry Report en IVD) holden it neffens in artikel yn ittydskriftForbes út2001 op $2,6 oant 3,9miljard yn totaal. ItfakblêdAVN spriek oer $4,3miljard, mar makke net dúdlik wêr't dat sifer op basearre wie. Neffens in artikel ynThe Observer lei de omset fan 'e Amerikaanske produksje fan pornofilms yn2007 jiers op $13miljard.
It wrâldsintrum fan 'e produksje fan pornofilms isLos Angeles, yn 'e Feriene Steaten, dêr't in protte pornografyskefilmstudio's konsintrearre binne yn 'ewykChatsworth. Fierwei de measte pornofilms yn 'e wrâld wurde makke yn 'e Feriene Steaten. Hoewol't de makkers dêr frijwat tsjinwyn krije fanfûnemintalistyskekristlikeorganisaasjes, beroppe se har op 'e frijwol ûnbeheinde Amerikaanskefrijheid fan mieningsutering omsinsuer tsjin te gean. YnNederlân binne pornofilms folslein legaal en bestiet der gjin serieuze opposysje tsjin dy sitewaasje. Krekt as oeral yn 'e wrâld isbernepornografy yn Nederlân fansels wol strang ferbean. (Bernepornografy wurdt yn Nederlân definiëarre as eltse seksueel tintefideo meiminderjierrige persoanen, dêr't dus net needsaaklikerwize seks oan te pas hoecht te kommen.) Dêrnjonken is ek pornografy meibisten (bestialiteiten) yn Nederlân en in protte oare lannennet tastien.
Wa't ferneamd binne yn 'e pornoyndustry feroaret oer it algemien hurd, fral foarpornoaktrises.Manlike pornoakteurs hawwe ornaris in langere hâldberheidsdatum as froulju. Guon grutte nammen út it hjoed en it ferline fan 'e ynternasjonale pornoyndustry binne: