Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Poppo

Ut Wikipedy
Poppo
aadlik persoanen/of hearsker
nasjonaliteitFrysk
bertedatum?
stjerdatum734
Kening fan de Friezen
regear719 -734
foargongerRedbad
opfolgerûnbekend

Poppo (†734), ek wolBubo ofBobba neamd, wie nei alle gedachten inFryske kening út de8e iuw. Hy is neiAldgillis enRedbad de tredde Fryske hearsker op rige dêr't skriftlike boarnen fan binne en wurdt almeast beskôge as de lêste kening fan itFryske Ryk.

Opfolger fan Kening Redbad

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De skriftlike boarnen út deIere Midsiuwen swije oer de opfolger fan Redbad. Om't Poppo oerlevere is as oanfierder fan it Fryske leger by de striid tsjin deFranken, wurdt der meastentiids fan útgien dat hy de opfolger west hat fan Redbad, en mooglik ek syn soan wie. Oertsjûgjend bewiis foar dy lêste stelling ûntbrekt lykwols en trochHerre Halbertsma is dêr tsjinyn brocht dat it ûntbrekken fan manlik skaai krekt de reden west hat foar it houlik tusken Redbad syn dochter enGrimoald II de soan fanPeppyn II yn711.[1]

Neffens histoarisy asP.C.J.A. Boeles enH. Halbertsma strekke Radbod’s ryk him út oer hiel Frisia, fan Swin oant Wezer, oaren asW.A. van Es miene dat syn bewâld him beheind ta it Midden-Nederlânske rivieregebiet en parten fan Hollân. Dêrom is ek wol oppere dat Poppo in lokale hearsker wie dy't los fan Redbad in diel fan it Fryske territoria (it hjoeddeiske Frieslân) behearste.[2].

Súdlik Fryslân

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Under Redbads regear hat itFryske Ryk syn grutste gebietsútwreiding kend. Foar de súdlike gebieten wie dêrby slach levere mei deFranken. De Franken waarden ferjage mar hofmeierKarel Martel makke oan dy situaasje wer in ein. Koart nei Redbad syn dea yn719 is hy deryn slagge om in part fan de Friezen ûnderhearrich te meitsjen. It stuit en plak fan in beskiedende see- of fjildslach binne troch de kronykskriuwers net optekene, mar in jier nei Redbad syn dea wie Fryslân bewesten fan itFly: (Seelân,Hollân enUtert) yn Frankyske hannen. It ûntbrekken fan in gaadlike opfolger hat de Friezen by dat ferlies parten spile. Der bestean oanwizings dat de pleatslike elite belutsen wie by de machtsoername troch Karel Martel.[3]. Nei alle gedachten hawwe sy de side keazen fan itFrankyske ryk en Poppo net stipe jûn as Redbad syn opfolger. Oannomd wurdt dat Poppo nei de nederlaach in ferdrach mei Karel Martel sletten hat.

Sintraal Fryslân

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Under Poppo hawwe de Friezen yn sintraal Fryslân tuskenFly enLauwers noch in skoftlang frede hân mei de Franken. Dêroan kaam in ein doe't Karel Martel yn733 op 'e nij tsjin him opluts. Mei in float stuts de Frankyske hofmeier it Fly oer, lanne yn Westergoa en ferjage it leger fan de Friezen tebek neiEastergoa. It jier derop kaam hy wer op Fryslân ta en ferneatige it Fryske leger ûnder Poppo yn deSlach oan de Boarn. De Fryske kening sneuvele yn de striid en de Frankyske oerwinning makke in ein oan it ryk fan de Fryske keningen.

Neiteam

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Neffens de Dútske historikus Jaekel wie de lettere greveAlfbad fan Eastergoa, in soan fan Poppo. Jaekel basearre syn stelling op it feit dat de Karolingers de Frysk eallju ynskeakele by it bestjoer fan it ferovere lân.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Literatuer:

  • Jaekel, H.,Die Grafen von Mittelfriesland aus dem Geschlechte Konig Ratbods, (Gotha, 1895).
  • Gosses,I.H.,Handboek tot de staatskundige geschiedenis van Nederland, 1947.
  • Herre Halbertsma,Het rijk van de Friese koningen, opkomst en ondergang, Utert, 2000, pag. 253.

Primêre boarne:


  1. H. Halbertsma (2000),Frieslands Oudheid, side 126
  2. W.A. van Es,Dorestad centred, yn: J.C. Besteman, J.M. Bos en H.A. Heidinga (red.), Medieval Archaeology in the Netherlands, Studies presented to H.H. van Regteren Altena (Assen/Maastricht, 1990) siden 151 - 182
  3. D.P. Blok,De Franken in Nederland, side ?
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Poppo&oldid=939290"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp