Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Polygamy

Ut Wikipedy
Dewetlike status fan polygamy:
     legaal
     inkeld legaal foarmoslims
     regionaal legaal (Yndoneezje)
     yllegaal, mar netbestraft
     yllegaal en bestraft
     status ûnwis of ûnbekend

Polygamy (fan itGrykske πολυγαμία,polygamía) is de praktyk fan ittrouwen mei mear as ienhoulikspartner. Dêrby ûnderskiedt menpolygyny enpolyandry. Polygyny, of mearwiverij, is it trouwen fan inman mei mear as ienfrou, wylst polyandry it trouwen fan in frou mei mear as ien man is. As in houlik ferskate manlike en froulike partners omfettet, sprekt men fan ingroepshoulik.

Ittsjinstelde fan polygamy ismonogamy: it trouwen mei mar ien houlikspartner. Fan âlds bestie in monogaam houlik út in man en in frou, mar sûnt de ynfiering fan ithomohoulik yn in grut part fan 'e wrâld kin it ek bestean út twa houlikspartners fan itseldegeslacht. It begryp 'monogamy' wurdt gauris brûkt as der gjin sprake is fan inwetlikhoulik, mar ynstee fantrou oan ien partner, ek as it giet om pearkefoarming bybistesoarten. Krektsa wurdt ek de oantsjutting 'polygamy' faak tapast yn inde facto-sin. Dêrby giet it dan omrelaasjes besteande út trije of mear partners fan wa't it houlik net by wet erkend wurdt.

Neffenswittenskiplik ûndersyk binne minsklikerelaasjes fan natuere oer it algemien monogaam, wylst de praktyk fan polygamy yn 'e minderheid is. Dy konklúzje is basearre op sawol wrâlwiidsosjologysk ûndersyk as analyze fan 'e skaaimerken fan 'e minsklikefuortplantingsfysiology.

Histoarysk sjoen kaam polygamy geregeldwei foar, benammen bykeningen of oarerike lju. Sa wurdt yn itAlde Testamint fan 'eBibel beskreaun dat keningSalomo trijehûndert froulju hie. Polygamy by minsken is yn 'eienentweintichste iuw in gefoelichmaatskiplik ûnderwerp. It ferskynsel wurdt yn ferskillendekultueren ferskillend beoardiele en sadwaande yn guonlannen en territoaria oanfitere of alteast akseptearre, wylst it yn oare lannen ferbean is en bestriden wurdt. Sa is it yn it grutste part fan 'eislamityske wrâld tastien, wylst it yn 'e hieleWesterske wrâld ûnder de termbigamy inmisdriuw is dêr't men foar ferfolge wurdt. Oars as yn 'e islamityske wrâld is yn 'e Westerske maatskippijoerhoer gjin misdriuw, wat liede kin ta in feitlike steat fan polygamy sûnder wetlike erkenning dy't troch deoerheid beskôge wurdt as in bûtenhoulikse relaasje.

By de moderne gefallen fan polygamy giet it yn 'e oergrutte mearderheid om polygyny. DeEthnographic Atlas, út1980, telde 1.231 maatskippijen, wêrfan't yn 588 geregeldwei yn 453 út en troch polygyny foarkaam, wylst 186 útslutend monogaam wiene en yn 4 polyandry foarkaam. Mear resint ûndersyk suggerearret lykwols dat polyandry faker foarkomt as men earder tocht. Yn ferbân mei de kosten fan it ûnderhâlden fan mear as ien frou is polygyny yn 'e kultueren dêr't it foarkomt, almeast beheind ta de hegeremaatskiplike klassen. Dêrút komt fuort dat it yn sokke maatskippijen troch lju út legere klassen oer it algemien sjoen wurdt as wat dat neistribbe wurde moat fanwegen itprestiizje dat deroan ferbûn is.

Sjoch ek

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryPolygamy fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Polygamy&oldid=1022337"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp