Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Pol Pot

Ut Wikipedy
Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnûge enfoegje jo witten hjir ta.
Pol Pot, 1978

Pol Pot (Kmer: ប៉ុល ពត) (wiere namme:Saloth Sar;Khett Kampong Thum,19 maaie1925Anlong Veng,15 april1998) wie inKambodjaanskmaoïstyske revolúsjonêr dy't lieder fan deReade Khmer wie fan 1963 oant syn dea yn 1998. Fan 1975 oant 1979 wie er depremier fanDemokratysk Kampûtsjeje. Pol Pot waard lieder fanKambodja op 17 april 1975. Under syn bewâld ûntstie it saneamde agrarysk sosjalisme. Syn systeem twong stedsbewenner om te ferhúzjen nei it plattelân om op kollekive buorkerijen twongen te arbeidzjen. Twangarbeid, te min iten, minne medyske fersoarging en eksekúsjes hiene fan gefolgen dat likernôch 21% fan de Kambodjaanske befolking it libben ferlear. Der wurdt rûsd dat 2 oant 4 miljoen minsken stoarn binne ûnder syn bewâld.

De Fietnameeske ynvaazje fan Kambodja yn1979 betsjutte de delfal fan Pol. Hy flechte de jungle fan Súdwest-Kambodje yn en mei it Reade Khmerbewâld wie it dien. Fan 1979 oant 1997 hâlden Pot en it oerbliuwend part fan de Reade Khmer ta by de grins meiTailân, dêr't hja oan de macht fêsthâlden, mei in nominale er kenning fan deFeriene Naasjes as rjochtlike regearing fan Kambodja. Pol Pot stoar 1998 ûnder fertochte omstannigheden wylst er hûsarrest hie fanwege de fraksje fanTa Mok fan de Reade Khmer.

Oer Pol Pot

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Pol_Pot&oldid=1122683"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp