Inpoddestoel is it fleizige,spoaredragendefruchtlichem fan inskimmel, dat yn 'e regel boppegrûnsk groeit, itsij op 'egrûn, itsij op 'e itensboarne fan 'e oangeande skimmel, lykas inbeam. Poddestuollen besteane yn 'e regel út instâle en inpoddehoed, in gauris oarskleurige ferbreding boppe-op 'e stâle. De ûnderkant fan 'e hoed befettetkiuw-eftige spjalten, delamellae (inkeltal:lamella), dêr't despoaren groeie. Oars as dat faak oannommen wurdt, foarmje poddestuollen mar in lyts part fan 'e eigentlik skimmel, dy't foar it grutste part ûnder de grûn sit en bestiet útskimmeltriedden.
Poddestuollen steane derom bekend dat se hiel fluch groeie, wat oanlieding jûn hat ta de siswize "as poddestuollen út 'e grûn rize". Foarhinne waarden dy flugge groei, de nuvere, soms suver obsene foarmen en de felle kleuren as ûnnatuerlik beskôge. Sadwaande waarden poddestuollen gauris yn ferbân brocht meitsjoenderij enhekserij. In rûnte fan poddestuollen (feroarsake trochdat de ûndergrûnske skimmeltriedden mei-inoar ferbûn binne), kaam dêrtroch bekend te stean as inheksering (al wurdt soks yn itFrysk ek wol, en minder makaber, intsjernpaad neamd). Ek in protte nammen fan ôfsûnderlike poddestuollesoarten geane noch op dy boppenatuerlike taskriuwing werom, lykas dy fan 'egewoane hekseboleet, desatansboleet, deduvelsbrearussula, itswevelkopke (swevel ferwiist ommers nei dehel) en itfeeëbankje, al binne der ek genôch "ûnskuldiger" nammen, lykas itiikhoarntsjebrea (of sjerpboltsje), depearelamanyt en degrutte parasolswam.
Poddestuollen wurde gauris iten, en guon soarten, lykas desjampinjon, wurde sels kommersjeel kweekt. It is lykwols tige gefaarlik foar leken om op eigen manneboet te poddestoelsykjen te gean, mei't in protte soarten tige opinoar lykje, en party withoe giftich binne, wylst oaren sûnder beswier iten wurde kinne. Elts jier beswike der, ek ynNederlân, wer lju oanpoddestuollefergiftiging. It fakgebiet fan 'ebiology dat him taleit op 'e stúdzje fan poddestuollen (en skimmels) hjit demykology.