Deplysje ofpolysje is yn inrjochtssteat deoerheidstsjinst dy't belêstge is mei de hanthavening fan 'e iepenbiere oarder en feilichheid, it ûndersykjen en bestraffen fan (potinsjeel) strafbere feiten, de opspoaring fankriminelen, direkte helpferliening en it jaan fan advys oer in ferskaat fan ûnderwerpen, bgl. hoe't men jins hûs it bêste befeiligje kin tsjinynbraak. Dêrby falt de plysje yn 'e regel ûnder itministearje fan Binnenlânske Saken.
De plysje stiet by de hanthavening fan 'e iepenbiere oarder en by de útfiering fan 'e helpferlieningstaken ûnder it gesach fan 'e pleatslikeboargemaster. As de plysje strafbere feiten ûndersiket en de dieders opspoart, stiet er ûnder it gesach fan 'eofsier fan justysje (of, yn it gefal fan Karibysk Nederlân, ûnder it gesach fan 'e mienskiplike prokureur-generaal fanKurasau,Sint-Marten enKaribysk Nederlân). DeKeninklike Maresjesee, dy't ressortearret ûnder itministearje fan Definsje, kin fanwegen syn publyklike plysjetaken ek as in plysjekorps beskôge wurde.