NeffensPorfyrius wie Plotinus 66 jier âld by syn dea yn it twadde jier fan it regear fan 'eRomeinske keizerKlaudius II (270), wat betsjutte soe dat er yn204 of205 berne wie. NeffensEunapius fûn Plotinus syn berte plak ynLykopolis, dat yn 'e delta fan 'e rivier deNyl ynEgypte lei. Der wurdt almeast oannommen dat er fanGryksketnysk komôf wie, mar it is net út te sluten dat er út inhellenisearre lânseigenEgyptysk fermidden kaam.
Mei 27 jier, om232 hinne, lei Plotinus him foar it earst ta op 'e stúdzje fan 'efilosofy. Hy bejoech him neiAleksandrië om in learmaster te finen, mar koe syn eigen ideeën net goedkrije mei de lessen fan lykfol hokker filosoof, oant in goekunde fan sines him oanrette om ris neiAmmoanius Sakkas te harkjen. Dat bliek in boppeslach te wêzen, en Plotinus begûn fûleindich ûnder Ammoanius syn tafersjoch te studearjen. Behalven troch Ammoanius Sakkas waard Plotinus yn dy snuorje ek beynfloede troch de wurken fanAleksander fan Afrodisias,Numenius fan Apaméa en ferskatestoïsynske learaars.
Nei't er alve jier lang yn Aleksandrië studearre hie, besleat Plotinus doe't er omtrint 38 jier wie, om 'e filosofyske tradysjes fanPerzje enYndia te ûndersykjen. Dêrta sleat er him ynAntiochië oan by it leger fan keizerGordianus III, dat doe krekt in fjildtocht nei Perzje ûndernaam. Dy kampanje rûn lykwols al rillegau op 'e non, en nei Gordianus syn dea bleau Plotinus sûnder beskerming efter yn in fijannich lân, dêr't er inkeld mei grutte muoite libben wer wei wist te kommen.
Om245 hinne, doe't er fjirtich jier wie, reizge Plotinus fan Antiochië neiRome, dêr't er hast de hiele rest fan syn libben trochbringe soe. Hy wurke der asfilosoof en waard sels learmaster fan û.m.Porfyrius,Amelius Gentilianus, senatorKatrikus Firmus, desirurgynEutochius fan Aleksandrië, dekritikus endichterSotikus,Paulinus fan Skytopolis,Serapion enSetos de Arabier, dy't earder stoar as hysels en him in beërf fan jild en lân neiliet. Plotinus hie ek froulike learlingen, wêrûnder in Gemina, by wa't er yn 'e kost wie. Fierders korrespondearre er mei ferskate filosofen yn oare dielen fan it Romeinske Ryk, lykasKassius Longinus útAtene.
Plotinus syn lear gie út fan trije prinsipes: it "Iene", it yntellekt en desiel. Hy leaude dat der in oppermachtich, folsleintransendint "Iene" wie dat net ferdield, fermannichfâldige of ûnderskaat wurde koe en alle kategorisaasjes fan wêzen en ûnwêzen te boppe gie. Syn "Iene" koe gjin besteand ding wêze, noch wie it inkeld de som fan alle dingen, mar ynstee wie it foarôfgeande oan alles dat bestie. Plotinus identifisearre dit "Iene" mei it konsept fan "it goede" en it begjinsel fan "skientme". Hy stie ynherint wantrouwich foar de materiële wrâld oer, en wie fan betinken dat de wrâldske dingen in suterich spegelbyld of neibearsel wiene fan eat hegers, dat it wiere oanpart fan it echte wêzen wie. Dit wantrouwen komt algemien foar yn itplatonisme, mar by Plotinus omfette it sels syn eigen lichem. Dêrom soed er ienris ek wegere hawwe om te posearjen foar in portret. Neffens de ferhalen besocht er fierders om nei de heechste morele en spirituële standerts te libjen.
Under syn ferbliuw yn Rome skreau Plotinus ek al syn wurken, dy't letter gearbrocht waarden yn 'eEnneäden. Dat is eins in bondelessay's entraktaten, dy't ferdield oer in perioade fan santjin jier skreaun waarden, fan likernôch253 ôf oant in pear moanne foar syn ferstjerren. Dêrnei waard dit wurk trochPorfyrius oardere en redigearre. Dyselde makke der melding fan dat er dêr in bealchfol wurk oan hân hie, mei't syn âlde master in ôfgryslik hânskrift hie en him neat gelegen lizze liet oanstavering.
Under syn wurkpaad as learmaster te Rome wûn Plotinus ek it respekt fan keizerGallienus en keizerinneSalonina. Op in stuit besocht Plotinus de belangstelling fan 'e keizer te wekjen foar it werbouwen fan in ferlitten delsetting ynKampaanje, yn 'e omkriten fanNapels, dy't 'de Stêd fan 'e Filosofen' neamd waard. Dêr soene de ynwenners ûnder de wetten libje sa't deAldgrykskewiisgearPlato dy foarstelde yn synNomoi. In keizerlike subsydzje foar dit eksperimint wist Plotinus neffens Porfyrius lykwols nea los te krijen.
Porfyrius sette him op in stuit opSisylje nei wenjen, wêrnei't er net folle mear oer syn âlde learmaster fertelle koe, en hielendal neat út 'e earste hân. Plotinus skynt syn libbensein ynretrête trochbrocht te hawwen yn infilla op it plattelân fanKampaanje, dy't him neilitten wie troch Setos de Arabier. Neffens Eustochius, dy't him op 't lêst fersoarge, wiene syn lêste wurden:"Stribje dernei om it godlike yn jinsels werom te jaan oan it godlike yn it Al." Nei it ferhaal fan Eustochius kaam der doe inslange foar 't ljocht ûnder Plotinus syn bêd wei, dy't fuortgloep troch in gat yn 'e muorre; op datseldichste stuit stoar de âldman.