Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Piramiden fan Giza

Ut Wikipedy
De piramiden fan Giza, ûnderdiel fan de Nekropolis fan Giza
It piramidekompleks by nacht.

DePiramiden fan Giza ynEgypte hearre ta de bekendste en âldste bouwurken fan de minsheid. De piramides binne ek de bekendste fan deEgyptyske piramides. Se steane sawat acht kilometer ten súdwesten fan de stêdGiza.

Omskriuwing

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De piramides steane ek yn in âlde Egyptischenekropolis. It piramidekompleks bestiet út dePiramide fan Geops (ek wol bekend as de “Grutte Piramide”), de wat lytserePiramide fan Chefren, en dePiramide fan Myserinus. Dêrneist steane der in oanta lytsere piramides dy't bekend steane as "keninginne"-piramides. Oan de eastside fan it kompleks stiet ek deSfinks fan Giza.

Dizze piramides waarden boud yn de fjirde dynasty (tusken ± 2551 en 2472 f.Kr.) en binne troch harren tige stabile konstruksje goed bewarre bleaun. De bûtenste polyste witekalkstienlaach is yn de rin fan de tiid foar it grutstepart ferdwûn oant men it materiaal brûkt hat foar oare bouwurken. De piramide fan Myserinus is de ienige fan de piramides wêrfan de kalkstienlaach hielendal weihelle is. De piramide fan Geops hat noch wol in diel fan dizze kalkstienbedekking op de top.

De Piramide fan Geops is it ienige fan desân klassike wrâldwûnders dat oant hjoed de dei bewarre bleaun is. Yn 1979 waarden de piramides fan Giza tawrâlderfgoed ferklearre.

Astronomy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Kaart fan de piramiden fan Giza

De siden fan de trije grutte piramides rinne frij krekt noard-súd en east-west, mei mar in lytse ôfwiking dy't fariarret mei it tiidstip fan bouwen. Dit docht fermoedzjen dat de Egyptners de stjerren brûkten om de oriïntaasje fan de piramides te bepalen, de presyzje fan de ierdas liet de destiidskePoalstjer stadich ferskowe en ferklearret it ferrin yn de tiid. Under resinte pogingen[1] om dit patroan te ferklearjen binne de ûndersiken fan S. Haack,O. Neugebauer, K. Spence,D. Rawlins, K. Pickering, en J. Belmonte.

In omstriden teory oer de ûnderlinge posysje fan de piramides stelt dat dizze degurdle fan Orion foarstelle.

referenties

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  1. E. g.,Nature, novimber 16, 2000, en augustus 16, 2001;DIO, volume 13, nûmer 1, siden 2-11 (2003)
Commons
Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryGiza fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Piramiden_fan_Giza&oldid=1009422"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp