Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Pinkster

Ut Wikipedy
Pinkster ôfbylde trochGiotto (Padûa).

Pinkster (fan itGrykske Πεντεκοστη,Pentekostè) is inkristlikehjeldei dêr't deútstoarting fan deHillige Geast opbetocht wurdt en dêr't it begjin fan de kristliketsjerke opfierd wurdt. It eigentlike Pinksterfeest wurdt yn itFrysk ornaris oantsjutten asPinkstersnein.

Joadske oarspong

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De oarsprong fan Pinkster leit yn deMozayskewetten dy't destiids oan itfolk Israel jûn wiene nei harreneksodus útEgypte. Yn itbibelboekLeviticus (haadstik 23:15-22) stiet dat op de fyfstichstedei, op de dei nei de sândesabbat fanPesach ôf (ofPascha, itfeest dêr't de úttocht by betocht wurdt) nijeoffers foarGod brocht wurde moasten, as in soarte ôfsluting fan Pesach. It feest waard ek wol it 'wikefeest' neamd (Deuteronomium 16:10). Der moasten 'earstelingen' fan denôtrisping en itfee offere wurde. Ek moast der ingearkomste hâlden wurden, en nimmen mocht syn normale wurk dwaan. Letter soe it wikefeest 'pinkster' neamd wurde, nei it Gryske wurd foar 'fyftichste'.

Kristlike betsjutting

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

By itkristlike pinksterfeestwurdt betocht dat deHillige Geast,God yn syn trêde ferskiningsfoarm, út dehimmel wei op deapostels delkommen is en him op ierde iepenbiere asfjoer en fiele as dewyn.

Nei dekrusiging endea fanJezus opGoedfreed en synferrizenis opPeaske hawwe synlearlingen noch fjirtich dagen lang stipe hân fan syn oanwêzigens. Op de fjirtichste dei fan Peaske waarden de learlingen troch Jezus synhimelfeart allinnich efterlitten. Neffens deHannelingen fan de Apostels seid er dêrby lykwols ta dat er de Hillige Geest stjoere sil, dy't harren geastlik fierder helpe en de krêft jaan soe om te tsjûgjen fan itevangeelje.

Neffens itseldebibelboek (Hannelingen) giene de learlingen dêrnei werom neiJeruzalim, dêr't sy byinoar kamen om mei-inoar tebidden en om yn it plak fanJudas Iskariot (dy't Jezusferret hie) in nije apostel te kiezen. Op Pinkster kaam de Hillige Geast op harren del en ynspirearre harren om it evangeelje te ferkundigjen. Hannelingen seit dêroer dat "lkenien harren praten hearde yn de eigen taal", wat faak útlein wurdt as soene de learlingen ynienen alle talen kenne fan 'e oanwêzige taharkers.

Datum

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Om't Pinkster persiis op de fyftichste dei nei Peaske falt (dus krekt sânsneinen letter dan Peaske), falt Pinkster alle jierren op in oare dei. Dat komt trochdat dedatum fan Peaske ek alle jierren ferskoot. Peaske falt nammentlik yn itWestersk kristendom op in snein tusken22 maart en25 april (mei dy beide data ynbegrepen), binnen inwike neifolle moanne. Sadwaande kin Pinkster op syn betiidst falle op10 maaie (50 dagen nei 22 maart) en op syn letst op9 juny (50 dagen nei 25 april).

It eigentlike Pinksterfeest (fierd opsnein) wurdt yn itFrysk ornaris oantsjutten as Pinkstersnein. Defreed ensneon foarôfgeande oan Pinkster wurde ynformeel wol Pinksterfreed en Pinkstersneon neamd. Nei Pinkstersnein folget nochPinkstermoandei, dat ynNederlân in offisjelefrije dei is.

Trivia

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • Itsprekwurd "as Peaske en Pinkster op ien dei falle" betsjut "nea", want om't Pinkster 50 dagen nei Peaske falt, komt soks nea foar.
  • Op Pinkstersnein wurdt ynFryslân deAutopedalvestêdetocht holden.

Sjoch ek

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Pinkster&oldid=1079844"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp