Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Piloat

Ut Wikipedy
Piloaten yn inBoeing 777.

Inpiloat is in persoan dy't aktyf en direkt in fleanendfleantúch ofloftskip bestjoerd. Dizze term is inlienwurd út itIngelsk (pilot), dêr't it fan oarsprong de betsjutting fanloads hie. Dy Ingelske oantsjutting kaam wer fan itNederlânskepeillood ("peillead"), dat eartiids foar loadsen in ûnmisber stik ark wie.

Yn it gefal fanloftfeartpioniers wurdt ynstee fan piloat ek wol de termfleander brûkt of hiel seldenaviateur, en yn 'eboargerloftfeart wurdt soms ek wol sprutsen fan inferkearsfleander. De term 'piloat' wurdt ek brûkt foar de bestjoerder fan inromtefartúch lykas deSpace Shuttle. De piloat ûnderskiedt him dan fan 'e oareastronauten oan board troch it romtefartúch wier te bestjoeren, krekt sa't in piloat yn in fleantúch him (of har) op datselde mêd fan 'e rest fan 'e bemanning ûnderskiedt.

As men romtefartugen en loftskippen bûten beskôging lit, kinne piloaten yn twa haadkategoryen ûnderbrocht wurde, nammentlik militêre piloaten en boargerpiloaten. Militêre piloaten kinne noch wer fierder ûnderferdield wurde ynstrieljagerpiloaten (of foarhinnejachtfleantúchpiloaten),bommesmiterpiloaten,transportpiloaten entestpiloaten.

Amerikaansk piloat fan inF-16.

Yn 'e boargerloftfeart wurde lytseprivee-fleantúchjes troch ien piloat bestjoerd, mar grutteferkearsfleantúgen hawwe der twa, ingesachfierder (ofcaptain) en inko-piloat of earste ofsier (first officer ofco-pilot). Op lange ôfstannen (long haul) komt it wol foar dat der ek noch in trêde en soms in fjirde piloat meigeane, dy't dan oantsjut wurde as twadde ofsier (second officer ofco-co) en trêde ofsier (third officer). Ek as de ko-piloat noch yn oplieding is en de gesachfierder achte wurdt him de kneepkes fan it fak by te bringen, wurdt in trêde piloat oan 'e bemanning tafoege om derop ta te sjen dat der neat mis giet wylst de gesachfierder him mei it ûnderwizen fan 'e ko-piloat dwaande hâldt.

Foarhinne hiene ferkearsfleantugen standert in bemanning fan fjouwer of fiif man yn 'ecockpit, mei't der dan ek noch innavigator, inboardwurktúchkundige en soms inmarkonist/radiotelegrafist meigie, hoewol't de funksjes fan dy lêste ek wol ferfolle waarden troch de navigator. Tsjintwurdich binne de funksjes fan markonist en navigator oernommen troch deboardkompjûter, al fljocht der yn guon âldere tastellen noch wol in boardwurktúchkundige mei, dy't lykwols yn resintere fleanmasines ek ferfongen is troch automatisearre systemen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryAviators fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Piloat&oldid=1186827"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp