| ||||
![]() | ||||
Haadstêd | Amiens | |||
Arrondisseminten | 13 | |||
Kantons | 129 | |||
Gemeenten | 2 292 | |||
Departeminten | Aisne (02) Oise (60) Somme (80) | |||
Oerflakte | 19 399km² | |||
Ynwenners - Totaal - Befolkingstichtens | 1 857 481(1999) 96 ynw/km² | |||
Folksliet | {{{folksliet}}}{{{folksliet}}} | |||
webstee | {{{webstee}}} |
Pikardje (Frânsk enPikardysk:Picardie) wie fan1982 oant2016 inbestjoerlike regio yn Noard-Frankryk, noardeastlik fanNormandje. De regio bestie út trijedeparteminten:Somme,Oise enAisne, dy't allegearre ferneamd binne nei harren wichtige rivieren. De haadstêd wieAmiens.
Oant deFrânske revolúsje doe it opdield waard yn trije departeminten, wie it gebiet boppe de rivier deSomme ûnderdiel fan deNederlannen (De liuwen yn de Pikardyske flagge ferwize dêrnei). Under de doetiidske grins leine Oise en Aisne, dy't yn dy tiid diel útmakken fan it Ile-de-France. De Pikardyske kust is in stripe fan likernôch sechstichkilometer, mei ôfwikseljend krytrotsen en sânstrannen. Pikardje hat in wichtige rol spile yn de kultuerskiednis en wurdt ek wol sjoen as de widze fan degoatyk. BenammenAmiens,Beauvais enLaon, mar ekSoissons enNoyon hawwe ferneamdekatedralen.
Sûnt1 jannewaris2016 makket Pikardje, yn 'e mande mei it eardereNoarden-Nau fan Kalês, bestjoerlik diel út fan 'e nije regioOpper-Frankryk.