Piet Jan de Boer (Ychtenpolder,30 desimber1928 -Gytsjerk,9 oktober2008) wie in âld-ynstrukteur fan de Praktykskoalle foar feehâlderij en greidbuorkerij ynOentsjerk. As hynsteman wie hy in ambassadeur foar itFrysk Hynder.
Yn 1963 kaam De Boer as ynstrukteur oan de praktykskoalle. Piet de Boer rekke bekend troch it mennen fan langspannen. Sa waard hy yn 1989 útnûge foar it Britske keningshûs om mei te dwaan oan de ferneamdeEast of England Show yn it IngelskePeterborough. Hy sette doe in rekord mei 23 hynders foar de koets. By de ballonfeesten yn1995 opDe Jouwer ferbettere hy dy prestaasje troch 40 hynders yn te spannen. Yn 1992 rûn hy as palfrenier byPrinskedei njonken deGouden Koets.
Yn 1994 naam hy ôfskied fan de praktykskoalle. Hy joech dêrnei lêzingen, joech les en naam eksamens ôf. Yn 1997 waard hy beneamd taRidder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Yn 1999 naam hy ôfskied as ynspekteur en sjuerylid foar itFrysk Hynste Stamboek.