Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Piet Jongeling

Ut Wikipedy
Piet Jongeling
Piet Jongeling
Piet Jongeling
persoanlike bysûnderheden
echte nammePieter Jongeling
nasjonaliteitNederlânsk
berne31 maart1909
berteplakBroek ûnder Ikkerwâld
stoarn26 augustus1985
stjerplakAmersfoart
etnisiteitFrysk
wurkpaad
berop/amtsjoernalist,
politikus
aktyf asskriuwer,
fersetsstrider
bekendste
  wurk(en)
Snuf rige

Pieter (Piet) Jongeling (Broek ûnder Ikkerwâld,31 maart1909Amersfoart,26 augustus1985) wie inNederlânsksjoernalist,fersetsstrider,politikus enberneboekeskriuwer.

Under it pseudonymPiet Prins hat Jongeling mear as sechtich boeken op syn namme; hy skreau benammen foar de jongerein. It bekendst is de njoggendielige jeugdboekerige"Snuf de hond"

Sjoernalistyk en ferset

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Foar deTwadde Wrâldkriich wurke er op dekwekerij fan syn pake en letter as sjoernalist foar deNieuwe Provinciale Groninger Courant. As sjoernalist brûkte er somtiden deskûlnammen P. van Akkerwoude, A. Mos en G. le Clerq. Op 1 febrewaris 1940 troude er mei Klaassina Heerema. Hja krigen fjouwer soannen - ien stoar jong - en seis dochters.

Yn de earste jierren fan de oarloch wie Jongeling warber yn it ferset, by de antirevolúsjonêre kadergroep. Dizze groep joech foarljochting oer aktuele fraachstikken. Fan april 1942 ôf siet er fêst, earst yn itkonsintraasjekamp Amersfoort en letter yn itkonsintraasjekampSachsenhausen. Yn 1945 makke er noch in saneamdedeademars foar it optsjenjendSovjet-leger mei. Yn 1945 koe er werom gean neiGrins en waard er haadredakteur van deNieuwe Provinciale Groninger Courant. Nei skeel mei de direksje stapte er op en waard er haadredakteur fanDe Vrije Kerk. Letter soe dit blêd fuortset wurde ûnder de nammeGereformeerd Gezinsblad en wer letter asNederlands Dagblad.

Polityk

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Oant1948 wie Jongeling lid fan deAnti Revolúsjonêre Partij (ARP), dêrnei fan itGrifformeard Polityk Ferbûn (GPV). Ut namme fan dy partij siet er 14 jier yn deTwadde Keamer fan de Steaten-Generaal, fan1963 oant1977. dat hiele skoft wie erfraksjefoarsitter, wol wie it oant 1971 in ienmansfraksje.

As Keamerlid wie Jongeling in pleiter fan de rjochten fan dePapûa's en deMolukkers. Ek wie er in trou oanhinger fan itHûs fan Oranje, stie er oan op de eigen ferantwurdelikens fan it regear en de it parlemint en ferdigene er it besteansrjocht fan lytse politike partijen. Jongeling kearde him tsjin de kulturele revolúsje fan de jierren 1960-70 en wie in fûl bestrider fan de feroarjende opfettings oer seksualiteit en de wankjende legalisearring fanabortus provocatus. yn de útlânske polityk was er antikommunistysk, trouw oan deNAFO en koe er begryp opbringe foar deapartheidspolityk ynSúd-Afrika.[1]

  • As adviseur fan de lytse partijen by de keninginne foar de kabinetsformaasje fan 1963
    As adviseur fan de lytse partijen by de keninginne foar de kabinetsformaasje fan 1963
  • By de keninginne ûnder de kabinetsformaasje fan 1972-73 nei de kabinetskrisis (desimber 1972)
    By de keninginne ûnder de kabinetsformaasje fan 1972-73 nei de kabinetskrisis (desimber 1972)

Bibliografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • Snuf rige ( 9 )
  • Daan en Sietze rige ( 3 )
  • Wambo rige ( 3 )
  • Het gouden sieraad
  • Anak de jonge eskimo
  • Joesoef vindt een grote schat
  • Jeroen en Joost
  • In nacht en stormgebruis (nije ferzje diel I)
  • Holland onder het hakenkruis (nije ferzje diel II Omnibus)
  • Wapens in de winternacht

Literatuer

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • H. Veenhof,Zonder twijfel. Pieter Jongeling (1909-1985). Journalist, politicus en Prins (Barneveld 2009).

Keppeling om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Rik Valkenburg,Jongeling ten voeten uit, Wageningen, 1971
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Piet_Jongeling&oldid=1091983"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp