| Piccadilly Circus |
 |
| Piccadilly Circus yn2012. |
|
| De lokaasje Piccadilly Circus ynGrut-Londen. |
Piccadilly Circus is inkrúspunt enplein yn itWest End fan 'eIngelskehaadstêdLonden. It leit binnen de grinzen fan 'eStêd Westminster (City of Westminster), ien fan 'e binnensteboroughs fan Londen. Piccadilly Circus waard yn1819 oanlein om 'estrjittenRegent Street enPiccadilly mei-inoar te ferbinen. De tafoegingcircus, fan itLatynske wurd dat "sirkel" betsjut, moat dêrby oanjaan dat it om in rûn plein giet, omjûn trochstedsbebouwing.
Behalven Regent Street en Piccadilly komme no ekShaftesbury Avenue,The Haymarket,Coventry Street en Glasshouse Street út op Piccadilly Circus. It plein leit sadwaande deunby in grut talteäters (oan Shaftesbury Avenue), debioskopen fanLeicester Square (oan 'e oare útein fan Coventry Street) en ferskate wichtigewinkelstrjitten. Piccadilly Square is ien fan 'e drokste en dêrtroch bekendste krúspunten fan Londen, en hat him sadwaande geandewei detweintichste iuw ûntjûn ta intoeristyske trekpleister op himsels.
It plein stiet bekend om 'eneön- enfideobuorden dy't oanbrocht binne op it hoekegebou oan 'e noardkant, en teffens om 'efontein mei ittinkteken foarAnthony Ashley Cooper, 7e greve fan Shaftesbury. Itstânbyld yn dy fontein wurdt trouwens troch toeristen gauris oansjoen foar in werjefte fan 'egodEros. Piccadilly Circus wurdt omjûn troch ferskate nijsgjirrigegebouwen, wêrûnder itLondon Pavillion en itCriterion Theatre. Rjocht ûnder it plein befynt him itmetrostasjon Piccadilly Circus, dat diel útmakket fan 'eLondon Underground, oftewol demetro fan Londen.