Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Piano

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fanPianist)
Buffetpiano
Fleugel
De Pianoles,Henriëtte Ronner-Knip (1897)

Depiano is inslachynstrumint ek wolsnaarynstrumint neamd, út desiterfamylje dy't bespile wurdt mei inklavier.

De orizjinele namme is einspianoforte, wat letterliksêft en sterk betsjut. Dêrmei wurdt oanjûn dat der lûd en sêft op te spyljen wie, eat dat by itklavesimbel, ien fan de foarrinners fan de piano, sa goed as net mooglik wie. Omdat de namme fierder ynkoarte is ta piano, hat de term pianoforte ûnderwilens de betsjutting krigen fanautentyk ynstrumint fan debarok en klassike perioade.De húskeamerpiano (ek buffetpiano neamd) is meastal fertikaal opboud (steand) en de piano mei de snaren horizontaal wurdtfleugel of fleugelpiano neamd. De piano is yn1700 útfûn trochBartolomeo Cristofori ynFlorence.

Meganyk

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn rêst drukke sêfte filtendimpers tsjin desnaren, om trochklinken foar te kommen. Troch it deldrukken fan intoets wurdt dy dimper fan de oanbelangjende snaar ôf tild, en slacht in mei hurd filt beklaaidehammerkop tsjin de snaren. It triljen fan de snaren wurdt troch inkaam (foar it midden- en hegetoanegebiet) en inbaskaam (foar it legetoanegebiet) oerbrocht nei desjongboaiem sadat dy begjint te sjongen (resonânsje). As detoets loslitten wurdt, wurdt de dimper fuortdalik wer tsjin de snaar drukt sadat de toan ferstillet. Om it folume fan de klank grutter te meitsjen, binne de snaren yn it midden- en hegetoanegebiet dûbeld of sels yn trijefâld útfierd. De heechste toanen wurde ornaris net dimpt, omdat de heechste toanen folle koarter trochklinke.

De piano hat twa of trije pedalen:

  • It lofter pedaal bringt by de steande piano de hammerkoppen yn rêstposysje tichter by de snaren, sadat it lûd fan de oanslach sêfter wurdt; koartere ôfstân betsjut hjirby minder akseleraasje mei as gefolch minder krêft by it reitsjen fan de hammer op de snaren. De muzykterm foar dit pedaal isuna corda. By in fleugel ferskoot dit pedaal nammentlik it hiele klavier ynklusyf meganyk, sadat de hammers yn stee fan de twa of trije snaren, de toets noch mar twa of ien reitsje, wat minder folume jout. As it pedaal op 'e nij yn de oarspronklike posysje brocht wurdt hjit dattre corde, dat 3 snaren betsjut.
  • It rjochter pedaal (sustainpedaal) lit de toan trochklinke nei it loslitten fan in toets sadat mei it yndrukken fan dit pedaal alle dimpers fan de snaren helle wurde. As der praat wurdt oermeipedaal spyljen dan wurdt steefêst it rjochter pedaal bedoeld.

As in tredde (middelste) pedaal oanwêzich is, kin soks ferskate betsjuttings ha:

  • moderatorpedaal ofstúdzjepedaal dat in filtstripe tusken de hammerkoppen en de snaren bringt. Dit middelste pedaal is bedoeld foar it fêst setten as men oefenje wol sûnder tefollelûdsoerlêst te feroarsaakjen. In soad steande piano's ha sa'n pedaal.
  • sostenutopedaal, dat alle snaren trochklinke lit dêr't de toets fan yndrukt is op it stuit dat it pedaal yntrape wurdt. Allinnich de gruttere fleugelpiano's en guon steande piano's lykas de Yamaha U3C ha sa'n pedaal.

De measte piano's ha 88 toetsen, mei inAmbitus (berik) fan A0 tot C8, (fan ''A oant c'''''), dat is in berik fan sân oktaven plus in lytse terts. It tal snaren kin de piano oars wêze. Soks hinget ôf fan demensuer dy't troch de fabrikant brûkt is. De snaren fan in piano binne yn in jitizeren freem spand. De lûkkrêft op it freem fan alle snaren meiïnoar is sawat 18.000 kilogram.Alle moderne húskeamerpiano's binne krússnarich útfierd om de lingte/dikte/spanningsferhâlding optimalisearje te kinnen binnen de beheinings fan de jûne hichte fan de piano.

In fleugel is yn wêzen in piano wêrby't de snaren net steand, mar lizzend opsteld binne. Se binne meastentiids langer útfierd en klinke - benammen de leechste snaren - helderder, troch in bettere lingte/dikte/spanningsferhâlding. Defleugel ûntlient yn it Nederlânsk syn namme oan de flerkefoarm.

Stimme

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
ynwindige fan in krússsnarige piano

Geregeld, foar piano's dy't yn wenkeamers steane sawat twa kear jiers, en yn alle gefallen as it ynstrumint in langer skoft bleatsteld wurdt oan fluktuaasjes yn temperatuer en luchtfochtigens, moat de pianostimd wurde: dat wol sizze de toanen moatte wer op de krekte ûnderling korrespondearjende hichten ôfsteld wurde. Itstimmen fan in piano is in feardigens dy't de bespiler - depianist yn de regel sels net hat. Der moat in spesjaal oplatepianostimmer foar komme.

It stimmen bart troch it ferdraaien fan de stimpinnen, dêr't de snaren oan fêstsitte. Dêrtroch feroaret de spanning en dêrmei de toanhichte fan de snaar. De ferdieling fan tolve toanen yn inoktaaf hatPythagoras al kopbrekken jûn omdat dereinklinkende frekwinsjeferhâldings fan oktaven (1:2),kwinten (2:3) enkwarten (3:4) wiskundich net te ferienigjen binne. Dat lek en brek late yn earste ynstânsje ta in soad ferskillende stimmings. In foarbyld dêrfan isWerckmeister III.

Yn de tsjintwurdich (2007) brûkte lyksweevjende stimming wurdt dat manko lykmjittich ferdield. Dêrby kin yn alle toansoarten spile wurde omdat de toanen ûnderling dansawat suver klinke. De ûnderlinge toanôfstannen wurde sa ferdield, dat de frekwinsjes fan alle toanen har ûnderinoar ferhâlde as de tolfdemachtswoartel út 2, dat is (ôfrûne) 1,0594631. It manko is by elk ynstrumint oars, dat komt troch de oan snaarynstruminten ynherinte komplisearre faktorynharmonisiteit.

Kwaliteit

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De kwaliteit fan in piano wurdt troch in tal faktoaren útmakke.

  • De mensuur fan it ynstrumint
  • De brûkte meganyk
  • De tichtens en opbou fan de sjongboaiem
  • De brûkte houtmaterialen
  • It spylaard fan it ynstrumint

Bekende pianobouwers

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Luthéal

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

DeLuthéal is in soarte fan preparearre piano dêr't deklankkleur mei feroare wurde koe. Kwa lûd eat tusken inharp, inklavesimbel en inpiano forte yn.

Elektroanyske farianten

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Der binne ek elektromeganyske en elektroanyske farianten fan de piano. DeFender Rhodes enHohner Clavinet binne elektromeganysk. De Rhodes is lykwols gjin snaarynstrumint, mar inidiofoan en de Hoher Clavinet is in elektryskClavichord. Mei de komst fandigitale synaalferwurking enmikro-elektroanika binne ek folslein elektroanyske opsamples basearre útfierings op 'e merk kommen, lykasdigitale piano's. It elektroanysk neidwaan fan alle nuânses fan it lûd fan in akoestyske piano blykt noch altyd in slim stik. De AmerikaanskenoisebandLiars brûkt yn it nûmerLeather Prowler in ynstrumint dat ûntwurpen is trochYuri Landman, deMoodswinger. Troch dealiquote snaarkonstruksje fan dit ynstrumint hat dat yn de 1/3-posysje fan detredde brêge in besibbe opset en lûd mei ien oktaaf út it register fan deBlüthner piano. Yn in tal resinsjes wurdt dat elektro-akoestyske snaarynstrumint dan ek betize mei in piano.

Bibliografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Jos Van Leeuwen, Michael Latcham en Jan Vermeulen,Wenen op vleugels, de pianoforte als kroniekschrijven van een kunstenaarsstad 1750-1880, útj. Alamire, Peer, 1998,ISBN 90-6853-137-9

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Piano&oldid=1065962"
Kategoryen:
Ferburgen kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp