PrinsPhilip,hartoch fan Edinburgh (Korfû,10 juny1921 -Windsor,9 juny2021, berne as prinsFílippos fan Grikelân en Denemark wie fan 1947 ôf oant syn ferstjerren de man fankeninginneElizabeth II fan it Feriene Keninkryk. Hy waard berne yn de Grykske en Deenske keninklike famyljes. Hy waard berne ynGrikelân, mar doe't er 18 moanne âld wie, moast syn famylje út Grikelân wei flechtsje. Sûnt de dei fan syn houlik wie er hartoch fan Edinburgh, baron fan Greenwich en greve fan Merioneth. Yn1957 waard er ek Prins fan itFeriene Keninkryk. Ofstammelingen fan Philip en Elizabeth, dy't gjin keninklike titels holden, holden de efternamme Mountbatten-Windsor oan.
De skoalleGordonstoun yn Skotlân dêr't Philip studearre hie
Trije moanne nei't Philip berne waard, ferstoar syn pake oan memmekant,Loadewyk fan Battenberg, dy't yn1917 syn famyljenamme feroare hie ynMountbatten, in feringelske foarm fanBattenberg, om reden fan it antydútske sentimint dat doe geande wie yn Ingelân. Syn dochter Alice, Philip syn mem, hie de namme lykwols noch net feroare om't hja doe yn Grikelân wenne. Alice en de lytse Philip reizgen nei Londen foar de begraffenis, wylst prins Andreas yn Grikelân bleau, om't deGryksk-Turkske Kriich yn folle gong wie. Dy kriich rûn net goed ôf foar de Griken en op22 septimber1922 waard Philip syn omke, keningKonstantyn I twongen ôfstân fan de troan te dwaan. It nije militêre bewâld arrestearre de keninklike famylje, wêrûnder prins Andreas. Yn desimber waard prins Andreas ferballe, en ferhuze er mei syn famylje neiFrankryk, dêr't se yn in hûs wenje mochten dy't ta beskikking steld waard troch Philip syn muoikeMarie Bonaparte, de frou fan syn omkeGeorge. Om't er sa jong syn heitelân ferliet, spruts er lykwols gjinGryksk. Yn in ynterview yn1962 sei er dat er it foar in part begriep, mar dat er him eartiidsSkandinaavjer, benammen Deensk, fielde. Syn famylje spruts yn syn jongereinIngelsk,Frânsk enDútsk.
Hy waard ynearsten nei de Amerikaanske skoalle yn Parys stjoerd, mar waard yn1928 nei it Feriene Keninkryk stjoerd en gean dêr nei skoalle. Hy útfanhuze by syn beppeVictoria Mountbatten op itKensington-paleis en by syn omkeGeorge Mountbatten opLynden Manor ynBray. Yn de trije folgjende jierren trouden al syn fjouwer susters mei Dútske prinsen. By syn mem Alice waardskizofreny fêststeld en hja moast tenei yn in ynrjochting ferbliuwe. Syn heit Andreas fêstige him ynMonte Carlo. Fierders hie Philip yn syn bernetiid net folle kontakt mei syn mem. Yn1933 waard er nei Dútslân stjoerd nei de skoalleSchule Schloss Salem dy't fan syn sweagerBerthold fan Baden wie. De oprjochter fan dy skoalle,Kurt Hahn, flechte nei it opkommen fan itnazisme út Dútslân wei en fêstige him ynSkotlân dêr't er de skoalleGordonstoun stifte, dêr't Philip nei twa trimesters ek hinne gie. Yn1937 kamen syn suster Cecilia, dy't swier wie, har man, twa bern en skoanmem om it libben by in fleantúchûngemak byOostende ynBelgje. De doe sechttjinjierrige Philip gie nei harren begraffenis yn Darmstadt ta. Nei't er ôfstudearre hie, gie er neiDartmouth en folgje in oplieding by de Britske marine. Yn deTwadde Wrâldkriich tsjinne er yn de Britske marine, wylst syn sweagers Berthold enKristoffel yn it Dútske leger tsjinnen. Philip rekke belutsen by ûnder oaren delâning op Kreta.
Prins Philip en prinsesse Elizabeth op besite yn Kanada mei minister-presidintLouis Saint-Laurent.It kroaningsportret fan keninginne Elizabeth II en de hartoch fan Edinburgh yn 1953
Yn1939 makken keningGeorge VI en keninginneElizabeth in besite oan Dartmouth. By de besite fregen de keninginne enLouis Mountbatten oan Philip de prinsessenElizabeth enMargaret rûn te lieden. Elizabeth en Philip wiene yn de fierte oaninoar besibbe; hja wiene beide neikommelingen fan keninginneFiktoaria. Philip is in oerbeppesizzer fan Fiktoaria har dochter, prinsesseAlice, en Elizabeth is in oerpakesizzer fan Fiktoaria har âldste soan, keningEdward VII. Der wie noch in oare famyljebân oer keningKristiaan IX fan Denemark, dy't de oerpake fan Philip wie en de oeroerpake fan Elizabeth. Hoewol't Elizabeth noch trettjin jier âld wie, rekke se fereale op Philip en begûn se brieven mei him te skriuwen. Yn de simmer fan1946 frege Philip oan kening George IV de hân fan syn dochter, dy't it fersyk goedkarde op betingst dat de ferloving offisjeel wurde soe yn april1947 doe't Elizabeth 21 jier âld wêze soe.
Yn 1947 die er ôfstân fan syn Grykske en Deenske titels en waard er Britsk steatsboarger. Hy naam de famyljenamme Mountbatten oan, dy't syn omkes George en Louis en syn muoike Louise al sûnt 1917 oannommen hiene. Op10 july 1947 waard de ferloving buorkundich makke. Hja boasken op20 novimber fan dat jier yn deAbdij fan Westminster en doe waard Philip in Britske "Keninklike Heechheid",hartoch fan Edinburgh, greve fan Merioneth en baron fan Greenwich. Om't de Twadde Wrâldkriich noch mar twa jier dien wie, waarden syn trije susters, dy't yn Dútslân wennen, net útnûge foar de brulloft. Nei harren brulloft sette se harren ta wenjen yn itClarence House.
Nei harren houliksreis sette Philip syn rinbaan by de marine fuort en waard er yn1949 opMalta stasjonearre. Yn1951 waarden hy en Elizabeth troch itPrivy Council hjitten neikanada te reizgjen om kening George IV te ferfangen, om't dy syn sûnens efterút oan it buorkjen wie. Yn ier 1952 setten se útein mei in offisjele reis troch itBritske Mienebest. Doe't se ynKenia wiene, krigen se op6 febrewaris1952 it berjocht dat de kening ferstoarn wie. Hja kearden fuortendaliks werom nei Ingelân.
Mei de keninginne ynCambridge (Nij-Seelân) yn 1954
Nei't Elizabeth keninginne waard, kaam de nammekwestje wer op it aljemint. It wie ornaris it gebrûk yn it Feriene Keninkryk dat de namme fan de man oannommen wurdt. Nei de dea fan keninginne Fiktoaria wie dat ek it gefal doe't keningEdward VII de namme fan syn heitSaksen-Coburg-Gotha, it lettereHûs Windsor, oannaam. Lord Mountbatten woe graach de namme Hûs Mountbatten ynfiere, wylst Philip sels it Hûs Edinburgh foarstelde, dus nei syn hartochlike titel. Doe't keninginneMary, de beppe fan Elizabeth, dêroer hearde, liet se it dat yn lilkens oan minister-presidintWinston Churchill witte, dy't de keninginne witte liet dat dedynasty it Hûs Windsor bliuwe moast. Philip wie dêr alhiel net wiis mei en klage dat er de iennige man yn it lân wie dat er syn bern syn namme net jaan koe, wylst er sels de namme fan syn mem oannommen hie. Yn1960 doe't keninginne Mary al in stikmannich jierren dêrfoar ferstoarn wie, en Churchill gjin premier mear wie, besleat Elizabeth, justjes foar de berte fan harren twadde soan Andrew, dat allinnich de troanopfolger de namme Windsor drage soe, en harren oare bern en ôfstammelings de namme Mountbatten-Windsor.
Syn omke Louis Mountbatten kaam yn1979 om it libben by in terreuroanslach fan deIRA. Nei't syn soan Charles yn1980 in relaasje oangie meiLady Diana Spencer, trúnde Philip derop oan dat er har freegje soe om him te boaskjen of de relaasje te beëinigjen. Charles tocht dat er ûnder druk fan syn heit stie, en dus frege er Diana him te boaskjen. Charles en Diana krigen twa soannen, mar it houlik rûn al rillegau yn it neigean. Yn1992 giene se útinoar en yn1996 skaten se offisjeel. In jier letter kaam Diana om it libben by in auto-ûngemak yn Parys, tagelyk mei har doetiidske freonDodi Fayed. Dodi syn heitMohamed Fayed beskuldige prins Philip derfan dat er efter it ûngemak sitte soe en opdracht jûn hie foar in moard op Diana. Nei in wiidweidich justysjeel ûndersyk waard yn2008 ta einbeslút oerienkaam dat Philip net foar Diana har dea ferantwurdlik wie.
Fuortendaliks nei it ferstjerren fan Diana, holden Philip en keninginne Elizabeth Diana har twa soannen,William enHarry, bûten it publike each, sa't se in privee rouwe koene. De keninklike famylje hold him ynearsten ek ôfsûnderlik, ta alteraasje fan it publyk. Dat feroare doe't keninginne Elizabeth fiif dagen letter in streekrjochte taspraak op tillefyzje hold. William en Harry wiene ynearsten net wis dat se efter Diana har kiste rinne woene yn de begraffenisstaasje. Philip sei tsjin William: "Ast it net dochst, dan silst der skielk faaks spyt fan krije. As ik rin, wolst dan mei my meirinne?" Yn de begraffenisstaasje rûnen Philip, Charles, William, Harry en Diana har broerCharles Spencer efter de auto mei de kiste oan.
Prins Philip yn Berlyn yn 2015
Op2 augustus2017 hold Philip syn lêste offisjele publike plicht. Hy besleat dêrnei om net mear iepenbiere funksjes te dwaan, mar woe sa no en dan oanwêzich wêze by offisjele gearkomsten. Oant dy deis hie er neffensBuckingham Palace, sûnt syn frou Elizabeth kroane waard, by 22.219 offisjele gearkomsten west, 637 reizen makke allinnich, 5496 taspraken holden, fjirtjin boeken skreaun, en wie er boppedat foarsitter, beskermhear en lid fan 785 organisaasjes, Yn 2016 wie er noch 110 dagen fan it jier oanwêzich by publike gearkomsten.
Yn novimber 2017 wiene Philip en Elizabeth 70 jier troud en wie it earste keninklike pear ea sa lang troud.
Op17 jannewaris2019 feroarsake de doe 97-jierrige Philip in auto-ûngemak bySandringham House. Dejingen yn de auto dy't er oanried rekken licht ferwûne. Sels wie er net skeind. Yn febrewaris fan dat jier levere er syn rydbewiis frijwillich yn.
Philip ferstoar op itKastiel fan Windsor moarns op9 april2021, twa moanne foar syn hûndertste jierdei. Philip wie by syn ferstjerren de langst libjende man fan it Britse keningshûs, en de tredde langst libjende neiprinsesse Alice, hartoginne fan Gloucester en syn skoanmem Elizabeth. De deis nei syn ferstjerren waarden de flaggen op oerheidsgebouwen yn de measte Mienebestlannen healstôk hongen. Yn de stêdenLonden,Edinburgh,Cardiff enBelfast, de Britske kroankoloanjeGibraltar, de Australyske haadstêdCanberra, de Nijseelânske haadstêdWellington en fan stikmannich Britske marineskippen ôf waarden op 10 april 41 salútskotten ôffjurre ta syn neitins. Philip woe gjin steatsbegraffenis. De begraffenis waard holden |op17 april ynSt. George's Chapel yn it Kastiel fan Windsor.