Phil Bloom (Berkel en Rodenrijs,27 novimber1945) is inNederlânskkeunstnares.
Yn 1965 sette se út ein mei in stúdzje oan deKeninklike Akademy fan Byldzjende Keunsten ynDe Haach, mar nei ien jier hold se dêr op om oan de ek yn De Haach festigeFrije Akademy fierder te studearjen. Fan 1967 oant 1974 studearre Bloom oan deRietveldakademy ynAmsterdam. Yn har iere karriêre tekene se ûder oare foar it studinteblêdPropria Cures en wurke se oan ôftitelings fan films. Om har tritichste hinne ferfear se foar fiif jier neiNew York en dêrnei hat se ek noch in tal jierren ynYndia wenne.
Mids jierren sechtich waard Phil Bloom opnaam yn 'Fluxus', in tige alternative artistyke beweging. Fluxus hie ûnder mear it doel en brek troch de 'boargerlike sleauwens' fan de mienskip en brûkte Phil dêrfoar as 'brekizer'.
Op9 oktober1967 ferskynde de doe 21-jierrige Phil Bloom neaken yn itVPRO-programmaHoepla, in paadsljochtsjende primeur foar de Nederlânske telefyzje. It barren joech in soad opskuor en late sels takeamerfragen yn deTwadde Keamer en it helle de ynternasjonale parse.Playboy publisearre in ynterview mei har yn de útjefte fan oktober 1968 mei de kop "TV's first nude".
Phil Bloom hie har oars al earder yn 1967 neaken fotografearje litten, nammentlik foar it stânbyld fanhet Lieverdje, op it Spui yn Amsterdam. Fierder spile Phil yn 1968 neaken yn de mislearre filmProfessor Columbus, meiJeroen Krabbé ashippy-kening.
Dêrnei hie Phil har nocht fan it publike omtinken foar allinne har neakenens. Se hat yn de jierren santich sels noch prosedearre on in útjouwer te behinderjen om oan dy ôfbyldings te fertsjinjen. Yn 1997 siet se wol opnij yn de reiden stoel fan eartiids op de eksposysjeBloomrijk Vlechtwerk ynNoardwâlde.[1]
![]() | Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryPhil Bloom fanWikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|