

Inpetrosomatoglyf is in ôfbyld yn in rots fan in diel fan it minsklik lichem of fan in bistelichem. DeKelyske folken, sa asPikten,Skotten,Ieren, lju út Cornwall enKumbria,Bretanjers enWelsh hawwe der in soad fan makke. Dy ôfbylden komme út deIere Midsiuwen; oaren dêr't de bedoeling fan net dúdlik is geane werom op de tiid fan de megaliten. It wiene wichtge symboalfoarmen, dy't brûkt waarden yn religieuze en wrâldske seremoanjes, bygelyks de kroaning fan keningen. Guon wurde beskôge asartefakten dy't ferbân hâlde meihilligen en helden út defolkloare, lykasKening Arthur.
It wurd komt fan itGrykskeπέτρα – petra ("stien"),σῶμα – soma ("lichem") enγλύφειν – glyphein ("kervje"). Fuotten wurde it meast ôfbyld, mar knibbels, earmtakken, hannen, hollen, fingers, ensafuorth., komme ek foar.
De term 'petrosomatoglyf' moat net trochelkoar helle wurde mei 'petroglyf', in term dy't ôfbylden fan alle libbebe en deade dingen bestrykt, as mei inpiktogram.
In protte foarbylden fan petrosomatoglifen sille in natuerlike oarsprong hawwe, sa as troch riviere útsliten holtes yn stiennen; lykwols dogge dy ek ta de saak meidat sy ek faak yn ferbân brocht binne mei hilligen, legindaryske persoanen, feeën ensafuorthinne.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |