Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Petroglyf

Ut Wikipedy
De saneamde 'kranterots' ynUtah
Kollaazje fan petroglifen (hällristningar) ynHäljesta,Västmanland,Sweden
Petroglifen fan elanden ynGlösa,Jämtland,Sweden

Petroglifen, binne ôfbylden (figueren, symboalen as oars) dy't yn rots skrast, kerve as hakke binne. It wurd petroglyf komt fan itGrykske wurdpetros "stien" englyphein "kerve". Faak wurde petroglifen yn itFrysk enNederlânskrotstekeningen neamd. YnSkandinaavje hjitte sehällristningar.

Prehistoaryske petroglifen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Petroglifen binne fan alle tiden, mar benammen dy út deprehistoarje binne ferneamd. Sy hearre by de âldste ôfbylden dy't minsken makke hawwe en komme op alle kontininten foar.

De ôfbylden hawwe yn in protte gefallen mei oker fold west. Petroglifen wurde op in protte plakken yn de wrâld fûn, mar de measten wurde fûn ynSkandinaavje,Siberië, it súdwesten fanNoard-Amearika enAustraalje.

De ôfbylden binne wol oars yn de ferskillende prehistoaryske kultueren, mar faak wurde proaibisten ôfbyld. De bisten krigen somtiids minsklike- of oare net-eigensoartige eigenskippen mei. Ek waarden petroglifen makke om kulturele en/as religieuze redenen, faaks ek gewoanwei om it moaie ôfbyld sels. De kennis oer de prehistoaryske minsk is lykwols noch te beheind om fan eltse petroglyf de oarspronklike bedoeling te efterheljen.

Sjoch ek

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Commons
Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryPetroglyphs fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Petroglyf&oldid=1011711"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2026 Movatter.jp