Petgat
Helpmiddels
Algemien
Ofdrukke/eksportearje
Yn oare projekten
Petgatten komme foar yn itfeanlânskip, en wurde ek wolfeanplassen neamd. De plassen wurde tsjintwurdich faak brûkt foarrekreaasje.
Petgatten binne ûntstien troch wieteferfeanting. Dat útbaggeljen fan leechfean, middels inbaggelbûgel, waard fan de 16e iuw ôf tapast by de winning fanturf ûnder de grûnwetterspegel. It útbaggele fean, waard op smelle stripen lein, delisikkers, om te drûgjen wêrnei't de turf as branje tsjinne. Sadwaande waarden de plassen, depetten ofpetgatten foarme.
Lanskippen mei petgatten binne bygelyks deNieuwkoopse plassen, itNasjonaal Park De Weerribben en deWestbroekse Zodden; yn Fryslân:De Deelen,De Alde Feanen en dy byDe Feanhoop.