Percy Aldridge Grainger (Brighton, byMelbourne,8 july1882 –White Plains,New York,20 febrewaris1961) wie in ynAustralysk-Amerikaanskepianist,komponist,dirigint ensaksofoanist.
Grainger studearre yn 't earstoan by syn mem, Rose Aldridge Grainger, dy't in ferneamd pianopedagoge wie. Hy debutearre op de âldens fan 10 jier. Yn dy snuorje makke er konsertreizen as wûnderbern. Dêrnei studearre er noch byJames Kwast ynFrankfurt enFerrucio Busoni ynBerlyn.
By syn wrâldreizen, fan deFeriene Steaten oantNij-Seelân, rekke er yn deEarste Wrâldkriich yn Amerikaanske militêre tsjinst as musikus by in militêre kapel en sûnt wie er Amerikaansk steatsboarger. Fan1906 ôf wie er befreone meiEdvard Grieg dy't him ek beynfloede hat. Hy krige yn dy tiid ek niget oan it sammeljen en fêstlizzen fan Ingelske folklsietsjes en hy begûn sels te komponearjen.
It stik foar pianoCountry Gardens brocht him ek as komponist súkses, it waard in "hit", mar Grainger hat er net folle wille fan hân. Doe't it him finansjeel better gie, ferfear er mei syn mem, dêr't er it tige goed mei fine koe, nei de rike New Yorkse wyk White Plains. Mar de sûnens fan Rose Grainger liet in soad te winskjen oer en yn1922 makke hja har sels fan kant troch fan in gebou te springen. (Yn in neilitten brief ferklearre hja dat sy de suggestje fan ynsest mei har soan net langer ferdrage koe. Grainger hat dy brief jierrenlang meidroegen yn in buske om syn hals. Letter hat er in fotoalbum gearstald mei fotos fan har en liet er tûzenen kopyen meitsje, dy't er nei freonen stjoerde.)
Itselde jier reizge er neiDenemark - it wie syn earste reis neiSkandinaavje - om dêr folksmuzyk te sammeljen. De dêrút letter ûntstiene orkestferzjes hearre ta syn bêste wurk.
Novimber 1926 moete Grainger de Sweedske artyste en dichteresseElla Viola Ström en rekke fuortendaliks fereale. Hja trouden op 9 augustus 1928 op it toaniel fan deHollywood Bowl, mei neitiid in konsert foar 20.000 minseken, mei in orkest fan 126 muzikanten en in''a kappella'' koar, dy't syn nije komposysje songen,To a Nordic Princess, opdroegen oan Ella.
Fan1932 oant1933 waard erdeken foar muzyk oan deUniversiteit fan New York, settejazz yn it learplan en helleDuke Ellington oan as dosint.
Yn1940 ferhûzen de Graingers neiSpringfield,Missourie fan dêrwei reizge er rûn, om yn deTwadde Wrâldkriich in rige konserten foar militêren te jaan. Nei de oarloch rûn syn sûnens lykwols tebek, it pianospyljen waard der net better op en syn niget oan klassike muzyk ferflauwe.
Yn de lêste jierren fan syn libben ûntwurp Grainger tegearre meiBurnett Cross deFree Music Machine, in foarrinner fan desynthesizer.
Hy hie syn lêste jierren in soad te lijen fan pinebúk troch útsiedeprostaatkanker (diagnoaze yn1953).[1] Grainger stoar yn White Plains, New York yn 1961 en kaam te hôf yn West Terrace Cemetery,Adelaide,South Australia.
Grainger joech yn twa opsichten grûn foar kontroferzje. Earstens wie iepenliksadomasogist (hy dokumintearre alles yngeand wat er mei syn frou die yn de sliepkeamer.)[2] en twaddens wie er ek in ferklearrerasist enantisemyt. Yn dizzeksenofoby wie de eksentrike Grainger lykwols net konskwint: hy bewûndere folkloristyske muzikale foarmen en wie befreone meiDuke Ellington enGeorge Gershwin joech foar Afro-Amerikaanske goede doelen. Oan de oare kant makke er brûkme fan in styl yn syn brieven en muzykhânskriften, dy't er asblue-eyed English oantsjutte.
Grainger wie fegetaarjer, mar joech net folle om griente. Hy libbe fan nuten, seane rys, weetkoekjes, bôle mei jam, iis en sinesappels.[3]
Grainger's enerzjy wie hast legindarysk. Yn London stie er bekend as de "the jogging pianist" om't er hurdrinnend nei syn konserten gie. Hy ferskynde op it lêste momint en wie dan folslein efter de pûst. Dat die er mei sin; hy spile it leafst at er út de liken wie. Op in kear, by in konsertomgong ynSúd Afrika, rûn er nei ôfrin fan in konsert 105 km nei in oar plak dêr't er it folchjende optreden hie. Hy kaam krekt op tiid foar it begjin, skjin ynein. At Grainger mei skip reizge brocht er syn frije tiid graach troch yn de masjinekeamer as stoker. Oer alles hat er sa'n 3000 konserten jûn as pianist en dirigint.
Hy samle mear as 500folk-songs, dy't de basis foarmen foar synBritish Folk Music Settings sa asCountry Gardens,Molly on the Shore,Sheperd's Hey! enIrish Tune from County Derry. Hy makke regelmjittich ferzjes foar oare besettings fan syn eigen wurk, foar harmoanyorkest (Wind Band of Military-Band), foar blazerkwintet (Wind-Quintet) en foar ien of twa piano's.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|