DePellenz is in gea yn 'eDútskedielsteatRynlân-Palts. It leit yn it noardwestlik diel fan it Middenrynbekken tuskenMayen enAndernach. De lânkrite joech syn namme oan itgemeenteferbânPellenz, dat it noarden fan it gea beslacht.
Oarspronklik wie it gebiet fan 'ePaltsgreven. Hja joegen it as lien oan 'e greven fan Virneburg. Yn 1348 moast de greve fan Virneburg in diel fan syn rjochten oan it bisdom Trier jaan, sadat it hof fan Pellenz ascondominium waard bestjoerd. De namme Pellenz is ôflaat fan itLatynskepalatia (Palts) ofterra palatina (Paltsk gea).
De Pellenz is in heuveleftich gebiet mei hjir en dêr omheechstekkende fulkanyske bergen (dy't faak foar in part ôfgroeven binne). It lânskip wurdt yn eastlike rjochting rjochting deRyn minder heech. It gebiet is yn it westen fral agrarysk, yn it easten is mear yndustry en dan fral yndustry dat gearhingt mei de winning fan boustoffen.
Yn 'e Pellenz lizze de plakkenOchtendung,Kruft,Nickenich,Plaidt,Kretz,Mendig,Kottenheim,Thür enPolch. It gea leit oan 'e A61 en A48 en it spoar Pellenz-Eifel-Bahn. Troch de Pellenz streamt de goed 59 km langeNette.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis:de:Pellenz (ferzje 22 juny 2024)
|