Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Paul Le Guen

Ut Wikipedy
Paul Le Guen
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte nammePaul Le Guen
nasjonaliteitFrânsk
bertedatum1 maart1964
berteplakPencran (Bretanje)
etnisiteitBretonsk
lingte1.86 m
sportive ynformaasje
sportfuotbal
debút1983
karriêre-ein1998

Paul Le Guen (Frânskeútspr.: [pɔl lə ɡwɛn], likernôch: "pol luh gwen";Bretonske útspr.: [pawl lø ɡwɛnː], likernôch: "paul leu gwen";Pencran,1 maart1964) is inFrânskfuotballer enfuotbaltrainer fanetnyskBretonskkomôf. Hy sette yn1983 útein mei syn profesjonelesportkarriêre en spile û.m. byParis Saint-Germain. Ek kaam er santjin kear út foar it Frânske nasjonale alvetal. Nei't er yn1998 opholden wie as fuotballer, begûn Le Guen in twadde wurkpaad as trainer, wêrby't er ekbûnscoach fanKameroen enOmaan wie.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Le Guen waard yn1964berne ynPencran, op itskiereilânBretanje.

Karriêre as fuotballer

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Le Guen sette syn profesjonelekarriêre asferdigener yn itfuotbal yn1983 útein by de klubStade Brest 29 útBrest. Dêr spile er seis jier lang en waard er ynset by 154wedstriden. Yn dy tiid skoarde er seis goals. Yn1989 ferhuze er neiFC Nantes Atlantique útNantes, dêr't er yn twa jier tiid 76 kear foar útkaam en ien goal skoarde. Yn1991 kaam Le Guen te spyljen foarParis Saint-Germain útParys, dêr't er oant de ein fan syn karriêre, yn1998, bliuwe soe. Foar PSG spile er yn dy sân jier 344 kear en skoarde 24 doelpunten.

Yn deselde snuorje spile Le Guen tusken1993 en1995 ek santjin kear yn it Frânske nasjonale alvetal, wêrby't er ien goal skoarde. Hy hie faker foar Frankryk útkomme kinnen, marblessueres beletten him dat. Yn 'e mande mei û.o.Eric Cantona enDavid Ginola makke er diel út fan it alvetal dat him yn1994 net wist te kwalifisearjen foar itWK fuotbal. Le Guen beëinige syn karriêre as fuotballer mei in freonskiplike wedstryd tusken syn thúsregioBretanje enKameroen op21 maaie1998, dy't einige yn ingelykspul (1-1).

Karriêre as fuotbaltrainer

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Fuort neitiid gie Le Guen asfuotbaltrainer oan it wurk by de klubStade Rennais F.C. útRennes. Dêr bleau er trije jier en wied er ferantwurdlik foar it oanlûken fan doedestiden noch ûnbekendetalinten asShabani Nonda enEl Hadji Diouf. Le Guen ferliet Rennes yn2001, nei't erdeilis rekke wie mei itbestjoer fan 'e klub. Yn2002 waard er as trainer oannommen trochOlympique Lyonnais ynLyon, dêr't er nei in dreech begjin de klub trije kear efterinoar oan it kampioenskip holp en yn 'eChampions League fan 'eUEFA nei dekwartfinales brocht.

Paul Le Guen yn2008.

Nei't er yn2005 Lyon ferlitten hie, gie Le Guen neiSkotlân, dêr't er trainer fanRangers F.C. útGlasgow waard. Hoewol't er dêr mar in jier bleau, waard syn trainerskip omskreaun as "sûnder lek of brek". Nettsjinsteande dat griep Le Guen de kâns om trainer fan Paris Saint-Germain te wurden, doe't dy kaam, mei beide hannen oan. Hy begûn dêr yn2007 en kaam foar dat de klub út 'eLigue 1degradearje moast. Hoewol't er it jiers dêrop mei PSG deCoupe de la Ligue wûn, wiene syn resultaten wif en ûngelikens, mei't de klub datselde jier lange tiid yn 'e degradaasjesône siet. Yn2009 waard bekendmakke dat synkontrakt net ferlinge wurde soe.

Ynjuly2009 wie Le Guen sadwaande frij om in kontrakt foar fiifmoannen te tekenjen ombûnscoach fan it nasjonaal alvetal fanKameroen te wurden. Dêr wie syn ynfloed fuortendaliks te merken doe't er it lân nei itWK fuotbal fan2010 ynSúd-Afrika ta late. Doe't Kameroen lykwols it earste lân wie dat yn 'e poolfaze út it kampioenskip knikkere waard, naam Le Guenûntslach as bûnscoach.

Nei in skoft wurkleas mar net om wurk ferlegen sitten te hawwen, naam Le Guen úteinlik ynjuny2011 it oanbod oan om bûnscoach fanOmaan te wurden. Under syn lieding kwalifisearre dat lân him foar itAziatysk Kampioenskip fuotbal 2015, dêr't it Omaanske alvetal lykwols yn 'e groepsfaze útskeakele waard mei ien oerwinning en twa nederlagen. Nei in minne start fan 'e kwalifikaasje foar itWK fuotbal 2018 waard Le Guen op19 novimber2015 troch it Omaanske fuotbalbûn ûntslein. Neitiid waard er yn2017 as trainer oannommen by deTurkske klubBursaspor, in funksje dy't er anno2021 noch altyd beklaait.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryPaul Le Guen fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Paul_Le_Guen&oldid=1051655"
Kategoryen:
Ferburgen kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp