Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Papyrus

Ut Wikipedy
Fragmint fan it Egyptyske Deadeboek, skreaun op papyrus
Cyperus Papyrus as fiverplant

Papyrus is in iere foarm fanpapier. It wurdt makke fan de stâlen fan de papyrusplant,Cyperus papyrus en waard yn deâldheid brûkt om op te skriuwen. De tekst waard bewarre asboekrôle, bekend as inpapyrusrôle. Letter waard it wenst om fellen fan de rôlen te snijen en gear te foegjen - dêr komt de moderneboekfoarm,codex neamd, út fuort. It brûken fan papyrus begûn sawat fiiftûzen jier lyn ynEgypte en foar’t neist ek op oare plakken.

In tal lagen, yn lange repen snien, papyrusstâlen waarden dwers opinoar lein, en wylst se noch wiet wiene byinoar knypt. It kleverige plantesop tsjinne as bynmiddel. As it blêd drûch wie, waard it papyrusoerflak behannele mei in soarte lym, sadat de inket net útrûn, en glêd polyste.

Yn in drûchklimaat lykas dat fan Egypte is papyrus goed te bewarjen. Yn in klimaat mei in hegere luchtfochtigens sil papyrus begjinne te skimmeljen. Dêrom binne de measte fynsten fan papyrus yn it woastynklimaat fan itMidden-Easten dien. Yn it wieteJeropa is hast alle papyrus út earder tiden ferrotte.

Papyrusrôlen binne byopgravings ûnder oare fûn yn grêftomben, huzen en ôfeartheappen út de âldheid, en hawwe al in soad oer deskiednis fan it âlde Egypte en omkriten sein. Benammen de fynsten ynOxyrhynchus binne in boarne fan ynformaasje oer it deistich libben.

Trivia

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • Papyrus is ek de namme fan in tekenteltsjerige en in telefyzjesearje mei deselde namme.

Eksterne links

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Papyrus&oldid=994670"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2026 Movatter.jp