Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Palestynske Befrijingsorganisaasje

Ut Wikipedy
Palestynske Befrijingsorganisaasje
منظمة التحرير الفلسطينية
algemiene ynformaasje
ôfkoartingPLO
nasjonaliteitPalestina
type org.polityk
militant
wurkmêdPalestysnke ûnôfhinklikens
haadkertierAl-Bireh,Westjordaanlân
off. taalArabysk
oprjochte28 maaie1964
aktyf ynPalestina
liederMachmûd Abbas
offisjele webside
https://www.nad.ps/en

DePalestynske Befrijingsorganisaasje, benammen bekend ûnder deIngelske ôfkoartingPLO foarPalestine Liberation Organization (Arabysk: منظمة التحرير الفلسطينية,Munaẓẓamat at-Taḥrīr al-Filasṭīniyyah)is in koepelorganisaasje fan ferskate fraksjes op nasjonalistysk, polityk en militant mêd dy't stribbet nei in selsstannige Palestynske steat.

De organisaasje waard yn1964 oprjochte dy't ynearsten it doel hie en stribje nei in Arabyske steat en ienheid yn it eardereMandaatgebiet Palestina, yn opposysje fan de steatIsrael. Yn1993, by deOslo-akkoarten, waard it stânpunt fan de PLO oangeande in Arabyske steat bysteld ta allinnich dePalestynske kriten dy't sûnt1967 troch Israel beset waarden nei deSeisdagekriich.

Jasser Arafat, de lieder fan de PLO

De PLO hat syn haadkantoar yn de stêdAl-Bireh yn itWestjordaanlân en is erkend as de iennige wetlike fertsjintwurdiging fan it Palestynske folk troch mear as 100 lannen, dêr't er diplomatike bannen mei hat. As it offisjeel erkende regear fan dede juresteat Palestina, genietet de PLO sûnt1974 in waarnimmerstatus by deFeriene Naasjes (FN).

Troch syn militante aktiviteiten, mei guon gewelddiedige aksjes dy't benammen tsjin Israelyske boargers rjochte waarden, waard de PLO troch deFeriene Steaten yn1987 as in terreurorganisaasje bestimpele, alhoewol't letter in presidinsjele frijstelling yn1988 de Amerikanen tastie en meitsje kontakt mei de organisaasje. Yn1993 erkende de PLO it rjocht fan it bestean fan Israel yn frede, naam Resolúsje 242 fan de FN-Feiligensrie oan en wiisde "geweld en terrorisme" ôf. Yn andert dêrop erkende Israel offisjeel de PLO as in wetlike fertsjintwurdiger fan it Palestynske folk. Nettsjinsteande dat de PLO meidie oan de Oslo-akkoarten, bleau de PLO de neikommende jierren guon foarmen fan geweld tapassen, benammen by de Twadde PalestynskeIntifada fan2000 oant2005.

Nei de Oslo-akkoarten, dy't yn parten fan deGazastripe en itWestjordaanlân de Palestinen in beheind selsbestjoer joech waard dePalestynske Autoriteit oprjochte. Dat bestjoersorgaan bestie út almeast deselde persoanen en kaam sûnt dy tiid mear op de foargrûn as de PLO.

It gesicht fan de PLO wie foar in lange tiid syn liederJasser Arafat, dy't yn1969 lid waard. Hy wie al lieder fanFatah-beweging, dy't dêrnei nau oparbeide mei de PLO.

Sjoch ek

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjochReferences op dizze side.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Palestynske_Befrijingsorganisaasje&oldid=1109473"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp