Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Palermo

Ut Wikipedy
Palermo
Emblemen
               
Bestjoer
Lânflagge fan ItaaljeItaalje
RegioSisylje
Sifers
Ynwennertal626.291(31.07.2024)
Oerflak160,59 km²
Hichte14 m boppe seenivo
Oar
Koördinaten38° 06' N 13° 21' E
Offisjele webside
Webstee fan de gemeente Palermo
Kaart
Palermo (Sisylje)
Palermo
Dizze side giet oerde stêd op Sisylje. Foar oare betsjuttings, sjoch:Palermo (betsjuttingsside).

Palermo (Sisyljaansk:Palermu) is de haadstêd fan 'e provinsjePalermo op it eilânSisylje, dat krekt besuden itItaljaanske fêstelân leit. De stêd leit yn it noardwesten fan it eilân, oan deTyrreenske See dat wer in part is fan deMiddellânske See. Mei 626.291 ynwenners (2024) is Palermo de fyfte stêd fan Itaalje.

Palermo is inuniversiteitsstêd.

De stêd is ryk oan monuminten en in oantal dêrfan steane sûnt 2015 ûnder de nammeArabysk-Normandysk Palermo en de katedralen van Cefalù en Monreale op 'e list fan itwrâlderfgoed fanUNESCO.

Ferfier

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Op sa'n 30 kilometer ôfstân fan de stêd leit in fleanfjild: "Falcone e Borsellino". Mei de trein kinne oare parten fan it eilân maklik berikt wurde. Fierders beskikt de stêd oer in wichtige haven.

Koarte skiednis fan Palermo

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn de7e of8e iuw f.Kr. waard op it plak fan de stêd in koloanje stifte trochFenisiërs. Letter kamen dêr deGriken te wenjen, dy't de stêdPanormos neamden, wat 'folsleine haven' yn itGryksk betsjut. Wer letter krige de stêd deLatynske nammePanormus.

De Romeinen oermasteren Palermo by deearste Punyske oarloch. Nei deRomeinske tiid hearde Palermo in skoftsje by itFandaalske ryk. Doe't datGermaanske ryk ferneatige waard troch itEastromeinske Ryk, kaam it ûnder it bewâld fan deByzantinen.

Nei831 krige Palermo te meitsjen mei deArabyske oerhearsing, en waard it ien fan wichtichste stêden fan de destiidske wrâld. In pear jier letter, sûnt1072, hearsken deNoarmannen oer de stêd. In protte fasetten fan dizze rike skiednis is yn de stêd noch hieltyd werom te finen.

Nijsgjirrichheden yn en om Palermo

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • Archeologysk museum, "Museo Archeo logico Regionale"
  • Ignazio Mormino: museum fan keunst en archeology
  • Paleontologysk museum
  • Regionale galery fan Sisylje
  • Risorgimento: museum
  • Oratorio del Rosario di Santa Cita, oratorium
  • Teatro Biondo
  • Teatro Massimo
  • San Domenico, Basiliek, ien fan de nijsgjirrichste baroktsjerken fan Palermo
  • Piazza Marina, haadplein yn âld-Palermo yn de wyk Kalsa mei in protte palazzo's mei:
    • Santa Maria della Catena
    • Piazza Marina, plein
    • Museo Internazionale delle Marionette, marionettenpoppenmuseum
    • La Gancia, tsjerke
    • Palazzo Abatellis, mei in protte keunst
  • Catacombe
  • Monte Pellegriono, 429 hege berch yn natuerpark
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Palermo&oldid=1168762"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp