Pakistan betsjutLân fan de reinen, dêrmei wurde de moslims bedoeld. Ek hawwe de letters fan Pakistan in betsjutting. DeP is fan Punjab, deA fan Afganistan (noardwesten), deK fan Kasjmir, deS fan Sindh enTan fan Baluchistan. Dizze letters foarmje meielkoar Pakstan. De Ingelsken hawwe der noch ini tusken setten sadat it wat makliker útsprutsen wurde kin.
K2, op 8.611 meter hichte, is de twadde heechste pyk yn de wrâld.
Pakistan hat in oerflakte fan 803.940 km. Te suden fan it lân befynt him deArabyske See, mei 1046 km kuststripe. Ten easten leitYndia (grins 2912 km), ten noardeastenSina (grins 523 km), ten noarden en noardwesten leitAfganistan (grins 2430km) en ten westen leitIran (grins 909 km).
It noarden fan Pakistan is bercheftich en guon bergen, lykas deK2 ynKasjmir, hearre ta de heechste yn de wrâld. Yn it suden fynt men itKirtharberchtme. De wichtichste rivier is deIndus rivier. Yn it suden fan it lân komme woastinen foar.
It klimaat fariearet krekt sa folle as it lânskip, mei kâlde winters en hjitte simmers yn it noarden en in myld klimaat yn it suden dat hoeden wurdt troch de ynfloed fan de oseaan. De sintrale dielen hawwe ekstreme hjitte simmers mei temperatueren dy't rize oant 45 °S folge troch tige kâlde winters, meastentiids ûnder it friespunt. Yn it hiele lân falt trochstrings net folle reinwetter. Delslach wurdt meastentiids brocht troch de net betroubere súd-westlikemonsoon winen tidens de lette simmers. It sifer leit tusken de 250 milimeter oant 1,250 milimeter. De bou fan damen yn de rivieren en it slaan fan wetterputten yn skrokke gebieten hawwe tydlik ferlichting jûn oan it te koart oan wetter foar de hieltyd tanimmende befolking.
Yn 1971 bruts der in boargeroarloch út en yn de rin fan dizze kriich ferklearreBanglades har ûnôfhinklik fan Pakistan.
Yn1973 waard in nijegrûnwet oannommen en krige it lân offisjeel in presidint en in premier.Zulfiquar Ali Bhutto waard premier. Lykwols folge yn 1977 in nije in steatsgreep, diskear ûnder lieding fan generaalMohammed Zia-ul-Haq.
Nei de dea fan Zia ul-Haq (augustus 1988) kamen der frije ferkiezings, dy't trochBenazir Bhutto wûn waarden. Sy soe hjirtroch de earste froulike premier wurde yn in islamitysk lân. Dôchs waard har rezjym kenmerke troch korrupsje en freonepolityk. Yn 1990 waard sy troch presidintGhulam Ishaq Khan ûntslein.
Op28 maaie1998 fierde Pakistan har earste test út mei inkearnbom. Fermoedlik komt de kennis hjirfoar foar in grut diel út Nederlân, troch smokkeljen troch de Pakistaanske kearnfysikusAbdul Qadir Khan. Sûnt de oprjochting fan sawol India as Pakistan wurdt troch beide lannen twisten oer it besit fanKasjmir.
DePunjaby's foarmje de grutste etnyske groep y it lân. Oare wichtige etnyske groepen binne dePatanen,Sindy's,Beloetsjy,Muhajirs enSeraiky's. Ferskate oare etnyske groepen wenje benammen yn it bercheftige noarden fan it lân.
Yn1999 griep generaalPervez Musharraf de macht troch it demokratyske regear fanNawaz Sharif oan de kant te skowen. Sûnt dy steatsgreep regeart presidintPervez Musharraf it lân mei hurde hân. Hy fiert in pro-westersk belied en krijt dêrom in proatte stipe út it westen. Dar is faak net nei't sin fan de (ekstremistysk) godstsjinstige befolking. Hy krijt de benammen út deFeriene Steaten. Dizze stipe komt foaral om't Presidint Musharraf meidocht as bûnsmaat yn de kriich tsjin it terrorisme. De premier isShaukat Aziz.
Yn it lân binne in soad groepearrings it net iens mei it belied fan Musharraf. Benammen godstsjinstige groepearrings sjogge him as insekuliere diktator dy't it lân net yn namme fan de islam regeart.
Yn de provinsjeBeloetsjistan binne der groepen dy't stribje nei gruttere selsstannigens. Dit komt foaral fanwege ûnfrede oer de ferdieling fan de opbringsten fan de oanwêzige gasfoarrieden en oare minerale rykdommen. Somtiids wurdt troch dizze groepearrings geweld brûkt. Baloechistan jildt as ien fan de earmste provinsjes fan it lân.
Pakistan bestiet út 4 provinsjes, 2 grûngebieten en 2 gebieten yn Kasjmir dy't in striidpunt foarmje:
Beloetsjistan(Alternative stavering: Baluchistan) - Provinsje yn it súdwesten; it eastlik part fan de lânsdouwe Beloetsjistan (it westlik part leit ynIran, it noardlike part ynAfganistan). Haadstêd:Quetta.