Itpaapke (Saxicola rubetra) is in lytse sjongfûgel, dy't eartiids yndield wie by delysterfûgels,Turdidae. Neffens nije opfettings heart de fûgel ta de ûnderfamylje fan deSaxicolinae (paapkefûgels) en de famylje fan demiggesnappers (fan de Alde Wrâld),Muscicapidae. It paapke is nau besibbe oan dereadboarstfitop (Saxicolatorquata) dêr't er ek in soad op liket. Dewittenskiplike namme fan it paapke betsjut 'readeftige bewenner fan rotsen'. It is in kompakt boud fûgeltsje mei brune streekjes, in ljochte boarst en in koarte sturt. It mantsje is wat sprekkender tekene en hat in readich boarst. Mantsje en wyfke hawwe beide in dúdlike eachstreek. Paapkes komme yn it briedseizoen yn suver hiel Europa foar. It is in typyske Europeeske soarte, mei't 95 % fan alle paapkes yn de wrâld dêr foar komme. Hy oerwinterret yn Afrika.
It paapke wie foar1940 noch in frijwat algemiene fûgel. Sûnt1945 is de fûgel stadichoan yn de bedelte rekke, foaral yn it kultuerlânskip, dêr't er no út ferdwûn is. Om1960 hinne wienen der faaks noch trije- oant fjouwertûzen briedpearen.[1] NeffensSOVON sakke it tal briedpearen yn de perioade 1990-2019 en bretten der yn2019 noch sa'n 200-300 pear yn Nederlân.[2] Yn Fryslân (meast yn de Wâlden) bretten der yn 2013-2015 sa'n 10-25.De soarte is yn 2004 asbedrige op deNederlânske reade list byskreaun en stiet ek op de list fan 2016. Ynternasjonaal liket it sa mâl net, want it paapke wurdt yn 2016 noch as 'feilich' beskôge op de ynternasjonale IUCN reade list.