Oseanografy ofseekunde is deierdwittenskip dy't dehydrosfear bestudearret lykas demeteorology deatmosfear. Hjirby wurdt in soad omtinken jûn oanseestreamen en de wikselwurking tusken de oseanen en itklimaat. Dêr't oseanografy mear beskriuwend wêze moatte soe en oseanology mear ferklearjend, wurden dizze begripen yn Nederlân trochinoar brûkt, wêrby't de earste term bekender is yn de wittenskip en de twadde mear yn technyske fermiddens.
Dejinge dy't him hjirmei dwaande hâldt wurdtoseanograaf neamd.
Oseanografy is ûnderferdield yn demarine biology (it libben yn de oseanen), en demarine gemy engeogemy (de stúdzje fan de omrin fankoalstof en oare gemyske komponinten yn itseewetter) en defysyske oseanografy.
De fysyske oseanografy bestudearret allinnich denatuerkundige eigenskippen fan de oseanen, lykas seestreamen, de rol fan de oseanen foar it klimaat enklimaatferoaring, de ynteraksje mei deatmosfear,seespegelstiging,El Niño,tijen,weagen en weachfoarsizzings en stoarmfloeden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|