Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Oscar

Ut Wikipedy
Oscar
(Academy Award of Merit)
algemiene ynformaasje
nasjonaliteitAmerikaansk
útrikt foarfilm
útrikt trochAcademy of Motion Picture Arts
   and Sciences
frekwinsje1x jiers
datumfebrewaris/maart
plakHollywood (Kalifornje)
ynsteld1929
1e útrikking1929
offisjele webside
www.oscars.org
Dizze side giet oerde Amerikaanske filmpriis. Foar oare betsjuttings, sjoch:Oscar (betsjuttingsside).

DeOscars, offisjeel eins deAcademy Awards (folút: deAcademy Awards of Merit), binne in groepAmerikaanske prizen dy't jierliks yn in grut tal kategoryen útrikt wurde foar bysûndere prestaasjes op it mêd fan 'efilm. It binne wrâlds bekendste en meast prestizjeuze filmprizen, en se korrespondearje yn 'eFeriene Steaten mei oare wichtige prizen op it mêd fantillefyzje (deEmmys),toaniel (deTonys) enmuzyk (deGrammys). Op it terrein fanpornografyske films hawwe deAVN Awards in ferlykbere status.

Eftergrûn

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De Oscars waarden foar it earst útrikt yn1929. De tawizing en de útrikking fan 'e prizen wurdt organisearre trochAcademy of Motion Picture Arts and Sciences (AMPAS, "Akademy fan Filmkeunsten en -wittenskippen"). De útrikkingsseremoanje, dy't plakfynt yn itDolby Theatre teLos Angeles (dat foarhinne it Kodak Theatre hiet), is ien fan 'e hichtepunten fan it Amerikaanske tillefyzjejier en wurdtlive útstjoerd. De earste tillefyzjeregistraasje wie yn1953. It is ûnbekend wêr't de bynamme "Oscar" weikomt, al geane dêr in ferskaat fan ferhalen oer, allegear like ûnbewiisber en gauris mar frijwat fiersocht.

De measte kategoryen dêr't in Oskar foar takend wurdt, binne basearre op in wedstrydelemint, al sprekt de Academy of Motion Picture Arts and Sciences leaver fan prizen basearre op "fertsjinste" (merit). Mar hoe't je it ek neame wolle, feit bliuwt dat in Oskar yn 'e measte kategoryen min ofte mear as kampioenskipspriis fungearret. De winners fan 'e Oscars wurde keazen troch de leden fan 'e Academy of Motion Picture Arts and Sciences (foar de "fertsjinste"-kategoryen) of útornearre troch spesjaal dêrfoar gearstalde komitees (de spesjale kategoryen).

Kategoryen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Bûtendoar by de útrikking fan 'eOscars yn2009.
kategoryen fan "fertsjinste"
  • bêsteregisseur (sûnt 1929)
  • bêste haadrol fan inakteur (sûnt 1929)
  • bêste haadrol fan in aktrise (sûnt 1929)
  • bêste byrol fan in akteur (sûnt 1937)
  • bêste byrol fan in aktrise (sûnt 1937)
  • bêste adaptearre senario (sûnt 1929)
  • bêstefilmediting (sûnt 1935)
  • bêste kostúmûntwerp (sûnt 1949)
  • bêste lûd-editing (sûnt 1964)
  • bêste lûdstechnyk (sûnt 1931)
  • bêstemake-up en hierstyling (sûnt 1982)
  • bêste oarspronklikesenario (sûnt 1941)
  • bêste oarspronklike filmmuzyk (sûnt 1935)
  • bêste oarspronklike liet (sûnt 1935)
  • bêste produksje-ûntwerp (foarhinne "kamerarezjy"; sûnt 1929)
  • bêstesinematografy (sûnt 1929)
  • bêstespecial effects (sûnt 1940)

Troch de jierren hinne binne ferskaten fan dizze prizen opspjalte yn subkategoryen, lykas "bêste regisseur fan in drama" en "bêste regisseur fan in komeedzje". DeOscar foar "bêste oarspronklike musical" bestiet noch altyd, mar is fanwegen te min gadingmakkers sûnt1984 net mear útrikt.

spesjale kategoryen

(net elts jier útrikt)

  • Academy Honorary Award of Eare-Oscar (sûnt 1930)
  • Academy Scientific and Technical Award (sûnt 1932)
  • Gordon E. Sawyer Award (sûnt 1982)
  • Irving G. Thalberg Memorial Award (sûnt 1939)
  • Jean Hersholt Humanitarian Award (sûnt 1957)
ophefte kategoryen fan "fertsjinste"
  • bêste assistint-regisseur (1934-1938)
  • bêste regisseur (komeedzjefilm) (1929)
  • bêstegoreografy ("dûnsrezjy") (1936-1938)
  • bêste technyske effekten (1929)
  • bêste oarspronklike musical- of komeedzjemuzyk (1996-2000)
  • bêste oarspronklike ferhaal (1929-1957)
  • bêste muzyk (adaptaasje) (1963-1970 en 1974)
  • bêste koarte film (kleur) (1937-1938)
  • bêste koarte film (live action - 2 reels) (1937-1957)
  • bêste koarte film (novelty) (1933-1936)
  • bêste titeling (1929)
  • bêste unike en artistike produksjekwaliteit (1929)
ophefte spesjale kategoryen
  • Academy Juvenile Award (1935-1961)
  • Academy Special Achievement Award (1973-1996)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:Notes enReferences, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryAcademy Awards fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Oscar&oldid=1189559"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2026 Movatter.jp