Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Opposysje (polityk)

Ut Wikipedy

Opposysje, fan itFrânskeopposition ("wjerstân") is yn 'epolityk in sammelnamme foar allepolitike partijen dy't op in stuit net yn itregear (oplanlik nivo), itKolleezje fan Deputearre Steaten (opprovinsjaal nivo) of itKolleezje fan Boargemaster en Wethâlders (opgemeentlik nivo) sitte. Sokke partijen wurdeopposysjepartijen neamd.

In útsûnderingsposysje nimme partijen yn 'e lanlike polityk yn dy't ôfspraken makke hawwe om inminderheidsregear te stypjen trochgedoochstipe te jaan. Sokke partijen wurde meastal net ta de opposysje rekkene, ek al hawwe se gjin sit yn it regear. Defraksjefoarsitter fan 'e opposysjepartij mei de measte sitten wurdt meastal oantsjut as deopposysjelieder. Yndiktatueren wurdt it fieren fan opposysje asyllegaal sjoen en wurde opposysjeleden dêrom ferfolge en ûnderdrukt. Yndemokrasyen foarmet de opposysje lykwols in ûnferfrjemdber part fan itoerheidsprinsipe.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Opposysje_(polityk)&oldid=816623"
Kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2026 Movatter.jp