Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Ommelannen

Ut Wikipedy
Goaen fanFryslân (midsiuwen-1428)
Goaen fanLyts-Fryslân (1428-1594)
Goaen fanStêd en Lân (1594-1798)
kriten fanGrinslân (1814-no)
geografyske lokaasje
polityk
haadstêdAppingedam,Winsum
offisjele taalAldfrysk
Grinslânsk
Nederlânsk
steatsfoarmfederaasje fan boererepubliken, letter steatefraksje
ûntstien útEasterlauwersk Fryslân
opgien yndepartemint fan de Iems
no diel fanGrinslânGrinslân
bykommende ynformaasje
muntienheidEmdenske Gûne

DeOmmelannen binne it part fan de provinsjeGrinslân bûten de stêdGrins. Hja wiene fan oarsprong part fan deSân seelannen yn it Fryske wengebiet. De Ommelannen waarden ek wôlLyts-Fryslân neamd.

De Ommelannen wiene oant de15e iuwFrysktalich. Yn1594 waarden Grins en de Ommelannen by dereduksje fan Grins gearfoege ta de provinsje Stêd en Lân (nl:Stad en Lande; noGrinslân). In gefolch dêrfan wie dat de Ommelannen ûnder ynfloed fan de stêd stadichoanSaksysktalich,Grinslânsk, waarden. Der binne yn it Grinlânsk lykwols al noch oerbliuwsels fan it Frysk werom te finen.

Yndieling

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Flagge fan de Ommelannen

Lyts-Fryslân bestie ût fiif Ommelannen:Fredewâld,Langewâld,Humsterlân,Hunzegoa enFivelgoa. ItAldamt, itReiderlân enWesterwâlde waarden somtiden ek wol as guon fan de Ommelannen beskôge, alhoewol't Westerwâlde nea in Frysk karakter hân hat. ItGoarjocht, dat it stedsgerjocht fan de stêd Grins wie, foel ûnder it bestjoer fan de stêd en wie dus net part fan de Ommelannen.

Nei it foarmjen fan it gewest Stêd en Lân yn1594 wie der in yndieling yn trije kriten:Westerkertier, Hunzegoa en Fivelgoa. De ûnderkriteMiddag waard fanâlds by Hunzegoa rekkene, mar lei oan de oare kant itRyddjip en waard doe by it Westerkertier foege. It Aldamt besocht om 'e nocht in fjirde Ommelân te wurden, mar it gebiet waard troch deSteaten-Generaal oan de stêd Grins tawiisd. Dat gou ek foar Westerwâlde. De yndieling yn de trije kriten waard yn1798 by de steatsrjochtlike herfoarmings opheft doe't de provinsje Stêd en Lân itdepartemint fan de Iems waard.

De flagge fan de Ommelannen nei de trije histoaryske kriten en de âlve ûnderkriten.

Namme

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Skiednis fan Fryslân

Frisii
Grutte Folkeferfarren


Skiednis fan Fryslân
Skiednis fan de Friezen
Tiidline fan de Fryske skiednis


Fryslân yn de Midsiuwen
Fryske Ryk (6e iuw-734)
Fryske Frijheid (11e iuw-1498)
Upstalbeam (1156-1327)


Dieling nei de midsiuwen
Hearlikheid Fryslân (1524-1795)
Grinzer Ommelannen
Eastfrysk Greefskip en Foarstedom (1464-1744)


Hjoed
West-Fryslân(gjin lidFryske Rie)
Westerlauwersk-Fryslân
Grinslân(gjin lidFryske Rie)
East-Fryslân
Noard-Fryslân

De namme fan de Ommelannen waard foar it earst yn in akte fan26 septimber1386 neamd, dêr't guon Easterlauwersk-Fryske geaen en de stêd Grins in ferbûn tsjin dehaadling Onno Onsta sleaten. Yn inLatynske akte fan30 juny1338 waard sprutsne oerterrae circumjentes (omlizzend elannen). Oer it algemien wurdt oannommen dat de Ommelannen foar de kriten om de stêd Grins hinne ornearre waarden. De anty-Grinzer Johan Rengers fan Ten Post oppenearre om 1600 hinne lykwols dat de Ommelannen foar de Fryske Seelannen ornearre waarden, de gebieten om de see en om deIems oan de bûtenkant en om deFivel en om deHunze oan de binnenkant.[1]

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Midsiuwen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
De Fryske Seelannen om 1300 hinne

De oarsprong fan de Ommelannen lei yn deiere midsiuwen doe't it gebiet inkweldergea wie dy't trochGermaanske stammen fan deFriezen bewenne waarden. Dy stammen wennen opterpen. Yn dy snuorje ûntstiene mienskippen om't ferskate terpdoarpen meiïnoar oparbeiden en bestjoersienheden foarmjen giene. Sa'n bestjoersfoar waard ingoa neamd. Dy goaen waarden gauris nei rivieren neamd. Yn it gebiet fan de Ommelannen leine de goaenHumsterlân of Hummerke (Westerkertier en deMarne),Hunzegoa (meiMiddag),Fivelgoa (mei itAldamt) en itIemsgoa. Dy goaen hiene in grutte mjitte fan selsstannigens, wylst se ûnder deFryske kening, dêrnei deFrankyske kening en de keizer fan itHillige Roomske Ryk foelen. Lykas de oare Fryske goaen hearden Humsterlân, Hunzegoa, Fivelgoa en Iemsgoa ta de snuorje fan deFryske Frijheid en hiene harren eigen wetten. Der binne 14e iuwske kopyen fan itHunzinger Lânrjocht oerlevere, dy't in wichtige boarne wiene foar itAldfrysk en de Nederlânske rjochtskiednis.

In grut part fan de Ommelannen waard troch haadlingen en troch abten fan dekleasters bestjoerd. Hja wiene ferantwurdlik foar de rjoctspraak en iepenbiere oarder. Itkleaster fan Aduard wie ien fan de grutste grûnbesitters yn de Ommelannen, wylst oare kleasters, lykas itkleaster Blomhof ynWitewierrum ek in soad ynfloed hiene sa as bygelyks de wettersteat. YnLangewâld,Fredewâld,Duerswâld (ûnderkertier fan Fivelgoa), it Aldamt en Westerwâlde hie de boerestân mear ynfloed. Ta tsjinstelling fanEast-Fryslân koe gjin aadlik laach yn de Ommelannen genôch macht opbouwe en meitsje it as lânshear. Ta de wichtichste haadlingen hearden de aadlike lagen fanOnsta,Ripperda,Addinga,Lewe,Clant,Ewsum enRengers. De famylje Ripperda waard de machtichste, dy't de proasdy oerFarmsum hie en dêr't yn1474 Uniko II fan Ripperda fan as frijhearryksûnmidlik erkend waard troch de Roomsk-dútske keizer. Hja slaggen der lykwols net yn en wreidzje harren macht fierder út.

Yn1378 sleat de stêd Grins in ferbûn mei Hunzegoa, dêr't de oare goaen harren yn1482 by oansleaten. De stêd begûn him hieltyd mear mei de saken yn de Fryske lannen te bemuoien. De stêd en de Ommelannen rekken gauris meiïnoar yn konflikt, dochs hiene inoar dan ek wol wer nedich. De stêd wie in grutte konkurrint fanAppingedam, dy't de wichtichste stêd fan de Ommelannen wie, mar Grins koe syn hannelsposysje stadichoan fuortsterkje. Boppedat waard Grins lid fan it Noarddútske ferbûn fan deHânze. De stêd besocht de Ommelanners te ferplichtsjen haren produkten yn de stêd te ferkeapejen. Datsteapelrjocht waard in boarne fan weromkommende konflikten. De stêd besocht ferskate kearen guon haadlingen, dy't neffens it stedsbestjoer te folle macht krigen, te bestriden en yn guon gefallen waarden harrenboargen sloopt. Dêrfoaroer belegeren de Ommelanners de stêd en tongen it stedsbestjoer destedsmuorren ôf te brekken, lykas yn1251 en1338.

De stêd en de Ommelannen rekken oan de ein fan defjirtjinde en yn defyftjinde iuw belutsen yn de tsierderijen fan deSkieringers enFetkeapers. De stêd koe dêrtroch syn ynfloed yn de Ommelannen en ek ynWesterlauwersk Fryslân fergrutsje. Yn1474 krige de haadlingefamylje de Sirksena's itgreefskip oerEastfryslân. Hja woene harren macht fergrutsje yn gânsEasterlauwersk Fryslân en dat late ta in skeel mei de stêd Grins. Yn1499 liet greveEdzard I in blokhûs yn Delfsyl bouwe, dy't yn1501 troch de Grinzers ynnommen waard. Datselde jiers koe de greve it blokhûs fannijs ynnimme. Yn1498 hatAlbrecht fan Saksen de macht yn Westerlauwersk Fryslân bemachtige en woe er Grins en de Ommelannen ek ynnimme. Hja sochten help by greve Edzard fan Eastfryslân en letter by hartochKarel fan Gelre. Dêrfoaroer moasten Grins en de Ommelannen Karel as hear erkenne.Joaris mei it Burd, hartoch fan Saksen, besocht it blokhûs by Delfsyl yn te nimmen, mar waarden troch de Eastfriezen ferslein. Om't it foar Joaris te djoer waard it hearskippij yn Westerlauwersk Fryslân te hâlden ferkocht er syn rjochten oan deBoergondyske hartochKarel V. Karel V naam de macht yn it Westerlauwerske oer yn1523 en yn1536 moaste de Stêd en de Ommelannen him ek as hear erkenne. Dêrmei waarden de Ommelannen part fan deHabsburchske Nederlannen.

Fan1558 ôf arbeiden de Ommelannen mear meiïnoar op en de fiif kertieren sleaten yn1561 in offisjeel ferbûn. Der waarden eigen bestjoersorganen foarme, mei in kolleezje fan njoggen deputearren, in eigen kas en fêste amtners (syndikus, rintmaster, sekretaris). De Ommelanner Steategearkomste, dy't út de fertsjintwurdigers fan de Ommelannen bestie, bestie út 36 leden en kamen yn ien fan de kleasters byinoar. Yn1571 krigen de Steaten fan de Ommelannen in eigen gebou, ItOmmelannerhûs.

Oant yn de fyftjinde iuw waard yn de Ommelannen in foarm fan itFrysk, itEastfrysk, sprutsen, wylst de bewenners fan Grins, itGoarjocht enWesterwâldeNedersaksysk/Nederdútsk sprutsen. Nei1350 makke it Frysk stadichoan plak foar it Nederdútsk dat yn Grins en oare Hânzestêden sprutsen waard. In likense proses barde letter yn East-Fryslân, dêr't allinnich itSealterlân Frysktalich bleau. In soad Fryske wurden en de Fryske tongfal bleaune lykwols yn deGrinslânsk-Eastfryske dialekten te hearren.

Nije tiid

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
De grinzen fan de Ommelannen yn de âlde gemeentegrinzen.giel: itWesterkertier,pears:Hunzegoa,blau:Fivelgoa,rea: itAldamt mei it westelike part fan itReiderlân,grien:Westerwâlde mei de Reiderlânske doarpenBellingwolde enNijeskâns,oranje: itGoarjocht mei de stêdGrins.

By deNederlânske Opstân seagen de Ommelannen in kâns om ûnder de stêd wei te kommen. Hja sleaten harren oan by deUny fan Utert, wylst de stêd, ûnder druk fan de gilden, de Spaanske kant keas. De Ommelannen neamden harsels yn dy snuorjeLyts-Fryslân om harren tsjin de stêd ôf te setten. Nei it ferrie fanRennenberch yn1580 bleau it Ommelanner bestjoer yn ballingskip ynEmden. De oansluting by e Republyk levere net it winske resultaat. By deReduksje fan Grins yn1594 waarden de Stêd en de Ommelannen gearfoege ta it gewestStêd en Lân en moasten de Ommelannen harren dêrby deljaan dat it steapelrjocht yn Grins bleau. Ek itAldamt kaam ûnder it bestjoer fan de stêd.

De Ommelannen bleaune lykwol as bestjoerlike ienheid bestean. De trije kertieren foarmen de helte fand e Steaten fan Stêd en Lân en hiene in eigen bestjoer dat ferantwurdlik wie foar bygelyks it heffen fan belestings. Ek krigen de Ommelannen in partr fan de yn beslach nommene kleasterbesittings en ynvestearren se yn itoanmeitsjen fan deFeankoloanjes (Ommelannerwyk).

Yn1601 waard itOmmelanner Lânrjocht opsteld dy't it lânrjocht fan de ûnderskate kriten ferfong. Dat lânrjocht bleau oant de ynfiering fan de Frânske wetjouwing yn1809 bestean.[2]

Yn1619 kocht Grins de hearlikheidWesterwâlde. By it ynpolderjen fan it yn deDoalert ferdronken lân en it ûntsluten fan deheechfeangebieten yn it efterlân woeks it ekonomyske belang fan it Aldamt en de Feankoloanjes. It nije lân kaam lykwols ûnder de Stêd. It stedsbestjoer en de rike regintefamyljes ynvestearren in soad jild yn de nije polders en bouden dêre grutte bûtenpleatsen. De Aldamsters kamen yn1640 om 'e nocht yn ferwar en besochten fannijs oansluting by de Ommelannen te krijen.

Yn de rin fan desantjinde iuw waarden de politike tsjinstellings tusken de Stêd en de Ommelannen minder. De adel fan it plattelân sette him hieltyd mear in part fan it jier nei wenjen yn de stêd, wylst stedsreginten harren op it plattelân fêstigen. Leden fan beide groepen boasken inoar. De ekonomyske tsjinstellings bleaune lykwols bestean. Gauris kamen Ommelanner en Aldamster boeren yn ferwar tsjin it stedsbestjoer, itjinge yn1748 ta in machtswikseling late.

De Ommelannen bleaune foar in lange tiid in agrarysk gewest sûnder wichtige stedske sintrums.Appingedam, dy't sintraal ynFivelgoa lei, wie foar syn eigen omkriten fan belang. Oare havenplakken wieneFisfliet,Winsum en it fêstingplakDelfsyl, dy't strategysk oan itDamsterdjip lei. De stêd Grins koe de ☼ntjouwing fan hannel en yndustry yn de Ommelannen goed yn de stringen hâlde troch beheinende maatregels te nimmen.

Yn de twadde helte fan deachttjinde iuw krigen de doarpen mear romte te ûntjaan. Nei deBataafske Revolúsje fan1795 kaam der tenei in ein oan de ekonomyske monopoly en politike foarrjocht fan de stêd. Ek de adel fan de Ommelannen ferlear syn privileezjes. Yn1804 holden de Ommelannen as bestjoerlike ienheid op te bestean en foarmen se gjin ôfsûnderlik part fan de Steategearkomste mear. De besittings, lykas itOmmelannerhûs en de Ommelannerkas waarden yn1862 likwidearre. Dat wie oars as ynEastfryslân dêr't de eigendommen fan it eardere stanneparlemint yn in ôfsûnderlik fûns bedarre, dêr't kulturele aktiviteiten troch finansearre waarden.

Yn1808 kaam East-Fryslân tydlik by itkeninkryk Hollân en doe kaam it Eastfryske part fan itReiderlân by it doe foarmedepartemint Grinslân. Nei de anneksaasje fan it keninkryk Hollân by itEarste Frânske Keizerryk yn1811 waard Grinslân mei Drinte gearfoege ta itdepartemint Westeriems, dêr't deIems de eastgrins by bleau. Yn1813, nei't de Frânsken wer fuort wiene waard de âlde eastgrins fannijs fêststeld. Ek de sitewaasje fan foar 1795 kaam net wer werom. De provinsjeGrinslân wie in feit en in ienheid.

Grutte doarpen lykasGrypskerk,Súdhorn,Liens,Bedum enLoppersum ûntjoegen harren yn de njoggentjinde iuw ta streeksintrums. Dêrnei ûntjoegen Delfsyl,Wynskoat en de feanplakken lykasFeandam,Hegesân enStedskanaal harren ta yndustriële plakken. Benammen Delfsyl waard, troch it oanlizzen fan itIemskanaal in konkurrint fan Grins.

Wapen en flagge fan de Ommelannen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Replika út 1977 fan in tinkstien fan studintegenoatskipOmlandia, ynearsten oanbrocht by itHoogehuis by Slochteren, en hjoed-de-dei op it terrein fan de Fraeylemaboarch

It Ommelanner wapen bestiet út trije blauwe skeanbalken, dy't de trije Ommelanner kriten Westerkertier, Hunzegoa en Fivelgoa fertsjintwurdigje, en âlve reade heraldyske herten op fjouwer wite skeanbalken, dy't de ûnderskate âlve ûnderkertieren fertsjintwurdigje. De wapen is nei alle gedachten ôflaat fan de Fryske flagge. It ferskil mei de Fryske flagge is it tal balken en de rjochting fan de balken dy't yn it Ommelanner wapen heraldysk sjoen fan lofts nei rjochts rinne, wylst dy yn de Fryske flagge oarsom rinne. Yn it Ommelanner wapen wurde herten brûkt ynstee fanpompeblêden en it tal herten is grutter as it tal pompeblêden op de Fryske flagge. De herten en de pompeblêden hawwe lykwols heraldysk sjoen d eselde betsjutting.

Oant de ein fan de sechtjinde iuw beskôgen de ynwenners fan de Ommelannen harren as part fan ien hiele Frysk gebiet. It goa waard dêrom wol asLyts-Fryslân oantsjut. Ek om it ûnderskied mei de stêd Grins te ûnderstreekjen. Omreden dêrfan keazen yn1579 de Ommelanner hearen foar in wapen dy't ûntliend wie oan wat tocht waard as it wapen fan de Fryske keningen. Dat wapen, dat ek ynspirearre wie troch Skandinavyske foarbylden, waard oernommen út besteande wapenboeken. It waard ynearsten as hertskyld taheakke oa in gearstald wapen dêr't ek de fiif lânskipssegels part fan wiene. Fan1598 ôf waard it Ommelanner wapen yn it nije wapen fan it goaStêd en Lân opnommen.

De flagge fan de Ommelannen is fan it Ommelanner wapen ôflaat, dêr't nei alle gedachten ek Fryske foarbylden de oanstjit fan joegen. Ledne fan de studintegenoatskipOmlandia, dy't yn1837 oprjochte waard as part fan d estudintekorpsVindicat atque Polit, begûnen om 1900 hinne de Ommelanner flagge út te hingjen by it hûs deêr't hja byinoar kamen. It genoatskip hie yn1884 in eigen findel, lykas syn sustergenoatskippenFrisia,Groningana enDrenthena. De flagge waard fierders mei útsûndering fan hjir en dêr net al tefolle brûkt.

Nei1990 waard de Ommelanner flagge faker brûkt, dêr't der gauris betizing mei de Fryske flagge mei opsmiet. Yn2017 ûntstie der in lytse opskuor nei't histoarikus Max Koning de Fryske en Grinslânske provinsjebestjoeren skreau mei it fersyk en gean de net bedoelde "misbrûk fan it Ommelanner wapen" troch Fryske bedriuwen en persoanen tsjin. Der waard troch beide bestjoeren fêststeld dat der fan misbrûk gjin sprake wie.[3]

Literatuer

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Jan van den Broek (2007),Groningen, een stad apart: over het verleden van een eigenzinnige stad (1000-1600). side 93, side 187, noat 345.
  2. Canon van Nederlând: Het Ommelander Landrecht
  3. Brief fan Deputearre Steaten oan de Provinsjale Steaten fan Grinslân 19 desimber 2017
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Ommelannen&oldid=1141957"
Kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp